Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kuba

Ut Wikipedy
República de Cuba
Flagge fan KubaWapen fan Kuba
FlaggeWapen
Lokaasje fan Kuba
Offisjele taalSpaansk
HaadstêdHavana
SteatsfoarmFolksrepublyk
Gebiet
% wetter
100.860 km²
-­%
Ynwenners (2014)11.047.251
MuntKubaanske peso (CUP)
TiidsôneUTC -5
Nasjonale feestdei1 jannewaris
LânkoadeCUB
Ynternet.cu
Tillefoan253

Kuba, folút deRepublyk Kuba (Spaansk:República de Cuba), is in lân yn itKaribysk Gebiet dat bestiet út de eilannenKuba,Isla de la Juventud en in grut tal lytse eilantsjes dêromhinne. Sûnt1959 is Kuba offisjeel insosjalistyske republyk, en wurdt sûnt2018 bestjoerd trochMiguel Díaz-Canel. It lân is opdield yn fjirtjin provinsjes en hat ien spesjale gemiente: it eilânIsla de la Juventud.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Kuba wurdt begrinzge troch:

Alejandro de Humboldt National Park yn eastlik Kuba

It lân Kuba bestiet út in oantal eilannen. Fierwei it grutste eilân is it haadeilânKuba dat ek it grutste eilân yn de Karibyske see is. It haadeilân leit mids yn in soad lytsere eilantsjes dêr't itIsla de la Juventud (súd fan it haadeilân) de grutste fan is. It haadeilân is sawat oeral flak. Allinnich yn it suden leit in berchtme, deSierra Maestra, dêr't de Pico Turquino mei 1974 meter de heechste pyk fan it lân fan is. It klimaat is benammen tropysk, mar wurdt nochal matige troch de wyn.

De grutste stêd en allyksa haadstêd isHavana (La Habana). It leit oan de noardkust fan Kuba. Oare grutte stêden binneCamagüey yn de midden fan it eilân enSantiago de Kuba, oan de súdkust.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de Prekolumbiaanske tiid waard Kuba bewenne troch deTaíno en deCiboney. It eilân wie ferneamd nei harren wichtichste godheid, dêr't it wurd 'cubanacan' fan ôflaat is en dat 'sintraal plak' betsjut. Yn1492 waard it eilân trochKolumbus ûntdekt en trochDiego Velázquez de Cuellar yn1511 in begjin makke mei de oermastering. Yn Kuba waard inSpaanske koloanje stifte. Binnen hûndert jier wie deYndiaanske befolking foar it measte part útstoarn, wêrnei't de Spanjerts der ta oergongen omslaven te ymportearjen útAfrika.

Yn de19e iuw bleau Kuba Spaansk besit wylst it oare part fan Latynsk-Amearika selsstannich wurde soe. Lykwols waard it lân troch deFeriene Steaten oermastere yn1898, tidens deSpaansk-Amerikaanske Oarloch en ûnôfhinklik yn1902. Kuba soe wol inprotektoraat fan Amearika bliuwe, want dizze grypte meardere kearen militêr yn. NeidatFulgencio Batista yn1952 foar de twadde kear diktator waard, kaam der in opstân ûnder lieding fan de revolúsjonêrFidel Castro. Dizze opstân mislearre ynearsten en Castro moast flechte. Yn1956 kaam hy werom mei in lytse groep trouwen. Diskear wie de opstân súksesfol en op1 jannewaris1959 koe Castro de macht oernimme.

Castro ûntpopte him takommunist wêrtroch de Feriene Steaten him ta fijân fan Amearika ferklearre soe en yn1960 in embargo ynstelle. In jier letter fynt de mislearre ynvaazje yn de Bargebaai plak, dêr't tsjinstanners fan Castro mei help fan de Amerikanen besochten om him út it seal te wippen. Kuba siket dêrop kontakt mei deSowjet-Uny, wat yn1962 liede sil ta deKubakrisis, as der Sowjet-raketten op Kuba delsetten wurde. Op it lêste momint berikt de Sowjet-Uny mei de Feriene Steaten in akkoard, wêrtroch de Sowjetraketten fan it eilân helle wurde. Nei de fal fan de Sowjet-Uny yn de tachtiger jierren, stoart de Kubaanske ekonomy yn inoar, wat fersterke wurdt troch it oanhâldende Amerikaanske embargo. Pas yn it begjin fan de21e iuw komt Kuba út syn isolemint, as it goede bannen oanknoopje kin mei de ferskillende linkse regearingen yn Latynsk-Amearika, bygelyks mei itFenezuela fanHugo Chávez.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Kuba is in multy-rasjale maatskippij mei in befolking dy't foar it grutste part fan Spaanske komôf is. Neffens de Kubaanske oerheid, wie de befolking fan Kuba op31 desimber2006 11,239,536 grut en bedroech it totale oantal berten dat jier 111,084.

TotaalManljuFroulju% fan Totaal
Blanken7.271.9263.618.3493.653.57765.06%
Swarten1.126.894593.876533.01810.08%
Mulatten/Mestizen2.778.9231.385.0081.393.91524.86%

Ferrin fan ynwennertal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Demografy fan Kuba, Gegevens fanFAO, jier 2005; Oantal ynwenners yn tûzenen.
  • 2014 - 11.047.251
  • 2006 - 11.239.536 (31 desimber)
  • 2005 - 11.200.000
  • 2002 - 11.177.743 (ofsjele folkstelling)

De offisjele taal yn Kuba is itSpaansk. It Spaansk dat yn Kuba sprutsen wurdt, wurdt ta itKaribysk-Spaansk rekken en hat grutte oerienkomsten mei it Spaansk dat sprutsen wurdt opPuerto Riko en deDominikaanske Republyk. Krekts sa as yn it Spaansktalich Amearika, brûke de Kubanen it Spaanske persoanlik foarneamwurdvosotros (jimme) net, dêrfoaroer wurdtustedes brûkt (Jo meartal). Neffens it standert Spaansk, binne der fierder ek dúdlike ferskillen yn útspraak en wurdskat.

Alhoewol't de steat sûnt de revolúsje offisjeelateïstysk is, binne de measte ynwenners fanroomsk-katolyk. Utsein it katolisisme wurdt deSantería praktisearre troch foaral de Afro-Kubaanske befolking en komt ek it protestantisme foar op Kuba. De protestantske streaming waard yn de18e iuw ynfierd út de Feriene Steaten. Fierders binne der lytseJoodske mienskippen en watMoslims enBaha'i.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kuba&oldid=991152"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp