DeKraj Krasnojarsk (Russysk: Красноярский край; Krasnojarski kraj) is inkraj yn 'eRussyske Federaasje. Nei de oanbuorjende republykSacha is it it grutste Russyske dielgebiet. Mei in oerflak fan 2.366.797 km² is it 56 kear sa grut as Nederlân en beslacht it 13,86% fan it totale oerflak fan Ruslân. It gebiet is tige tin befolke en hat likernôch 3 miljoen ynwenners.
Fan noard nei súd is de kraj 3000 km lang. De kraj Krasnjojarsk leit yn it midden fanSibearje oan 'eoblastenTjûmen,Tomsk,Irkûtsk enKemerovo, en oan 'e republikenChakasje,Tûva en Sacha. Yn it noarden leit deNoardlike Iissee. De kraj leit yn it streamgebiet fan de rivieren deJenisej en deOb.
It gebiet is tige ryk oan natuerlike helpboarnen. De kraj hat grutte nikkel-, goud-, koper- en kobaltreserves. De kraj hat de grutste stienkoalfoarrieden fan it lân en yn it gebiet binne teminsten 25 oalje- en gasfjilden. Mear as 95% fan 'e Russyske rykdom oan platina en platinoïden binne yn 'e kraj te finen.
Krasnojarsk produsearre ek 20% fan it hout fan Ruslân.
De Russyske kolonisaasje fan it gebiet sette yn 'e 17e iuw útein meiKozakken. Troch de oanlis fan it Sibearyske spoar naam it ynwennertal bot ta.
Yn 'e tiid fan Stalin leine der in soad kampen yn 'e regio.
De kraj waard yn 1934 oprjochte nei de opdieling fan 'e West-Sibearyske en East-Sibearyske kraj's. Yn 1991 skiedeChakasje him ôf fan de kraj doe't dat in autonome republyk waard.
Nei in referindum op 17 april 2005 waarden de eardere federale distrikten Tajmyr en Evenkje mei ynfong fan 1 jannewaris 2007 by de kraj Krasnojarsk yndield.
De befolking bestiet yn mearderheid út Russen en wurdt oanfolle mei oare folken fan 'e eardereSovjet-Uny. De ynhiemske befolking makket noch gjin 1% út fan de hjoeddeiske befolking.
Neffens de sinsus fan 2010 bestiene de grutste mienskippen út:
Oare minderheden binne Tsjûvaasjers, Armeenjers, Kirgizen, Uzbeken, Tadzjiken, Dolganen, Ewinken en Nenetsen.
De kraj bestiet út 44 ferskillenderajons en sechtjin stêden. Twa fan de distrikten, de eardereokrûgen Evenkje en Tajmyr, hawwe yn 'e kraj in spesjale status.