Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Krústochten

Ut Wikipedy
Krúsfarders (Larousse 1922)
Kaart mei krúsfarderssteaten om 1135.

DeKrústochten wiene in rige oerweldigingstochten trochJeropeänen yn itMidden-Easten út namme fan itkristlik leauwe, dy't yn 'e11e iuw,12e iuw en13e iuw útfierd waarden. Yn totaal wiene der sân Krústochten, dêr't de lêste fan yn1270 plakfûn. It is in ier foarbyld fan de Jeropeeskeekpânsjebeweging dy't op gong kaam nei't der yn10e iuw in ein kaam wie oan deynvaazjes fan Jeropa trochWytsingen,Moaren en Aziatyske steppefolken (deHunnen).[1]

It begûn as in besykjen fan deKristenen om Moslims út de hillige stêdJeruzalim te ferdriuwen, mar al gau waarden it wiidweidige oarloggen tsjin oarsleauwenden, yn itHillige Lân en omkriten, mar ek yn Jeropa. Ek neitiids waard in protte en faak striden út namme fan deTsjerke. Al op de Earste Krústocht waarden der ekkrúsfarderssteaten stichte.

Oare krústochten yn Jeropa binne de betreklik ûnbekendeNoardlike Krústochten, wêrfan't dy deDútske Oarder of Teutonysk Ridders de meast wichtige wiene. Harren aksjes spilen har fral yn de gebieten om deEastsee hinne ôf. In grut part fan de dêre festige wrâldlike macht ferlearen se wer yn deSlach by Tannenberg yn1410.

Krústochten en Friezen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideFryske partisipaasje oan de krústochten‎.

Oan de krústochten hawwe de Friezen fol fjoer meidien. Fan de earste tocht is ûnbekend, mar by de twadde tocht tusken1147 en1149 sieten Friezen by dy't meiholpen by de oermastering fan Lissabon op deMoaren. Sûnt de tredde krústocht (1189-1191) oant de sânde (1270) hawwe de bewenners fan de noardlike kustgebieten der hieltyd yn grutte oantallen by west. Yn de tredde tocht wienen sy belutsen by it belis fan Akko en yn1197 loeken se op 'e nij rjochting it Hillige lân, diskear ûnder lieding fan biskopHartwich fan Bremen. Fral by de fiifde krústocht (1217-1221) dy't de dielnimmers nei de Nyldelta fanEgypte fierde, bouden de Friezen grutte faam op.

Opmerklik dêrby wie dat de Friezen, ek al wienen hja faak út ferskillende Fryske goaen ôfkomstich, hieltyd by alle krústochten meiïnoar oplutsen en ien oanfierder keazen.

Literatuerferwizing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • S.J. van der Molen -Oorsprong en geschiedenis van de Friezen, Amsterdam-1981, siden 117-127.
  • H. Brassant,Die Teilnahme der Friezen an den Kreuzzügen ultra mare vernehmlich im 12. Jahrhundert, Berlijn-1970.
  • J.A. Mol,Friese krijgers en de kruistochten, yn Jaarboek voor Middeleeuwse Geschiedenis 4 (2001) 86-118.
  1. Wim Blockmans en Peter Hoppenbrouwers:Eeuwen des Onderscheids.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Krústochten&oldid=1167796"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp