Korinte: de ruïnes fan de antike stêdKorinte: de pylders fan deApollo-timpel
Korinte (Gryksk: Κόρινθος) is in stêd ynGrikelân. De stêd wie yn de âldheid ien fan de wichtichste stêden en lei geunstich oan deGolf fan Korinte. Sûnt 2011 is de stêd in fúzjegemeente (dimos) yn de bestjoerlike regio (periferia)Peloponnesos. Dêrfoar wie it haadstêd fan de eardere departemint(nomos)Korinte.
De fiif dielgemeenten (dimotiki enotita) fan de fúzjegemeente binne:[1]
Korinte kin mei de trein berikt wurde. De âlde, inkeld stadich ridende trein, is sûnt de ynrjochting fan de Olympyske Simmerspullen fan 2004 in Atene ferfongen troch in modernere ferzje, dêrtroch is de ferbynding bot ferbettere. De trein giet fan de haadstêd Atene fia Korinte troch de Peloponnesos.
Yn de âldheid wie Korinte ien fan de wichtige Grykske stêdstaten, dy't ferskate koloanjes stifte yn deMiddellânske See, dêrûnderSyrakuse opSisylje. De stêd naam in strategyske posysje yn trochdat it in ferbining foarme tuskenAttika mei Atene en de Peloponnesos, mei ûnder oarenSparta. Ek de hannel florearre troch dy geunstige posysje. Yn146 f.Kr. waard de stêd troch deRomeinen ferwoaste nei earst in skoftlang belegere west te ha.
TrochJulius Caesar waard Korinte yn44 f.Kr. wer opboud en al gau woeks de stêd út ta de meast wolfarrende yn it suden fan Grikelân. Korinte wie teffens haadstêd fan de Romeinske provinsjeAchaea.Yn dy tiid wie de stêd ferneamd troch deIstmyske Spullen, dy't om 'e twa jier hâlden waarden en destiids allinnich troch deOlympyske Spullen yn oansjen oertroffen waarden.
It archeologyske fynplak, it âlde Korinte (Archaía Kórinthos, d.i. Grieks voorAntiek Korinthe) leit in eintsje bûten de moderne stêd Korinte. Lykwols binne fan de antike stêd net folle oerbliuwsels bewarre bleaun. Wat noch oerein stiet binne inkele monolityske pylders fan deApollo-timpel. Yn de omkrite fan it âlde Korinte leit deAkrokorinthos, de âldeakropolis fan de stêd.