Konstantsius waard berne yn Naissus, tsjintwurdichNiš. Hy wie soldaat en makke yn it leger stadichoan opgong. Yn411 waard hyMagister militum fan it West-Romeinske leger. Op dizze posysje hie hy in soad macht oer it West-Romeinske Ryk. As oerbefelhawwer liet Konstantius in oantal súksesfolle fjildtochten tsjin de talrike en sterke fijannen fan Rome, wêrûnder in oantal usurpators, lykasKonstantyn III dy't hy fersloech yn deslach by Arles.
Yn417 troude hy meiGalla Placidia, de suster fan Honoarius. Se krigen twa bern:Falentinianus, dy't letter keizer waard, enIusta Grata Honoria. Yn 421 waard hy ta mei-keizer beneamd troch Honorius. Mar hy waard as sadanich trochTheodosius II, de keizer fan it East-Romeinske ryk net erkend. Guon tinke dat Konstantius hjir nogal lulk oer wie en fan plan wie om tsjin Theodosius yn it easten op te lûken. Hjir kaam útein neat fan op 'e hispel, omdat Konstantius syn sûnens hurd efterút gie nei noch gjin 7 moanne keizerskip. Hy stoar op2 septimber421.