Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Konettikut

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanKonnetikut)
Steat Konettikut
State of Connecticut
flaggewapen
Qui transtulit sustinet
(Latyn, "Dy't ferfart, hanthavenet him lykwols")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoartingCT
lânFeriene Steaten
status (jier)steat (1788)
haadstêdHartford
grutste stêdBridgeport
offisjele taalIngelsk(de facto)
sifers
ynwennertal3.596.677(2014)
befolkingstichtens285,0 / km²
oerflak14.357 km² (12,6% wetter)
bykommende ynformaasje
bynammedeConstitution State
tiidsôneUTC –5
simmertiidUTC –4
websidewww.ct.gov
Dizze side giet oerde Amerikaanske steat Konettikut. Foar oare betsjuttings, sjoch:Konettikut (betsjuttingsside).

Konettikut ofKonnektikut (Ingelsk:Connecticut; útspr.: [kǝ'nɛtɨkǝt], likernôch "k'-net-ty-k't"), offisjeel deSteat Konettikut (Ingelsk:State of Connecticut), is ien fan 'e fyftichsteaten dy't mei-inoar deFeriene Steaten fan Amearika foarmje. Konettikut, byneamd deConstitution State, leit yn it noardeasten, oan 'e kust fan 'eAtlantyske Oseaan, en heart ta de regio fanNij-Ingelân. Dehaadstêd isHartford, mar de grutstestêd isBridgeport. Neffens in skatting út2014 hie de steat doe krapoan 3,6 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwabefolkingsgrutte de 29e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeandeoerflak is Konettikut mei 14.357 km² de 48e steat, mei't inkeldDelaware enRhode Island noch lytser binne. Konettikut stiet bekend om synwolfeart, syn (foar Amerikaanske begripen) hegebefolkingstichtens en deUniversiteit fan Yale, ynNew Haven.

Etymology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Denamme fan Konettikut komt fanquonehtacut, inAlgonkwynskwurd út 'eMohigan-taal foar "lange rivier meitijwurking", in ferwizing nei derivier deKonettikut. De namme hat dus, oars as wol tocht wurdt, neat te krijen mei itIngelsketiidwurdto connect ("ferbine"). De offisjelebynamme fan Konettikut is deConstitution State (de "Grûnwetsteat"), in oantsjutting wêrfan't de oarsprong ûnwis is, mar de steat wurdt ek wol deNutmeg State ("Nútmuskaatsteat"), deProvisions State ("Proviandsteat") en itLand of Steady Habits ("Lân fan Fêste Gewoanten") neamd.

Inhjerstlânskip yn 'eBarndoorheuvels, byGranby.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Konettikuthat inoerflak fan 14.257 km², wêrfan't 12,6% útwetter bestiet. Dêrmei is it de op twa nei lytstesteat fan 'eFeriene Steaten; inkeldRhode Island enDelaware binne noch lytser. It leit yn it noardeasten fan 'e legere 48Feriene Steaten, en makket meiMaine,Massachusetts,Rhode Island,Nij-Hampshire enFermont diel út fan 'e regioNij-Ingelân. Ek wurdt it gauris meiNew York enNij-Jersey ta itTrije-steategebiet rekkene. Konettikut leit yn 'eEastlike Tiidsône (UTC –5,simmertiid –4) en grinzget yn iteasten oanRhode Island, yn itnoarden oanMassachusetts en yn itwesten oanNew York. Yn itsuden wurdt it beswette troch deLong Island Sound, insee-earm fan 'eAtlantyske Oseaan. Oare kant dat wetter leit iteilânLong Island, dat by de steat New York heart.

Derivier deKonettikut rint fannoard neisúd troch de midden fan Konettikut hinne, om út te mûnjen yn 'e Long Island Sound. Dedelling fan dy rivier is it tichtstbefolke gebiet fan 'e steat. Nettsjinsteande syn lytseoerflak hat Konettikut in grut ferskaat oanlânskippen, lykas deLitchfieldheuvels yn it noardwesten, dy't in útrinner fan 'eAppalachen foarmje, en desânstrannen fan 'e súdeastlikekust. Nettsjinsteande de (foar Amerikaanske begripen) hegebefolkingstichtens, wurdt likegoed noch in oansjenlik part fan Konettikut oerdutsen trochmingd wâld, dat deunby de kust fan 'e Long Island Sound oergiet ynleafwâld en op 'e hichten fan 'e Litchfieldheuvels ynnullewâld. It heechste punt yn 'e steat isBear Mountain, yn 'e Litchfieldheuvels, op 725 m boppeseenivo (op 'eberchskeante fan 'eMount Frissell, wêrfan't de top oer de grins yn Massachusetts leit), en it leechste punt is de kust.

Yndianereservaten yn Konettikut.

Foar it meastepart besteane degrinzen Konettikut út rjochte linen, mar yn 'e noardlike grins, mei Massachusetts, sit de saneamde Southwick Jog of Granby Notch, in omwei dy't likernôch 4 km² yn Konettikut op snijt. De reden dêrfoar is in slepend grinskonflikt dat yn1804 úteinlik besljochte waard mei inkompromis. De westgrins fan Konettikut, mei de steat New York, omfettet de saneamdePanhandle fan Konettikut, in lyts nei itsúdwesten ta útstykjend part fan 'e steat, by de kust fan 'e Long Island Sound lâns, dat it resultaat is fan in oar grinskonflikt út 'e lettesantjinde iuw. Der binne yn Konettikut twaYndianereservaten, dy't beide yn it súdeastlike part fan 'e steat lizze. Dat binne:

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It grûngebiet fan wat no Konettikut is, waard oarspronklik bewenne trochAlgonkwynsktaligeYndiaanskefolken, wêrûnder deMohigan (Mohegan),Pikwot (Pequot) enPaugusset (Paugussett). De earsteJeropeeskeûntdekkingsreizger dy't de krite ferkende, wie yn1614 deNederlannerAdriaen Block. Koarte tiid letter syldenSteatskepelskeaplju derivier deKonettikut op (dy't se deVersche Rivier neamden) om yn 'e neite fan wat noHartford is, infort te bouwen dat itHuijs van Hoop kaam te hjitten. Dat waard yn1654 troch deWIC opjûn om't it troch dekolonisaasje fan it omlizzende gebiet troch deIngelsen ynsletten drige te reitsjen.

Bear Mountain, it heechste punt fan Konettikut.

Om 'e Nederlânske ynfloed yn 'e regio tsjin te gean, ûntfong yn1635John Winthrop de Jongere, inIngelskekolonist út 'ekoloanjeMassachusetts, de opdracht om in nije koloanje te stiftsjen oan 'e mûning fan 'e rivier de Konettikut. Dat waard dekoloanje Saybrook, de earste fan trije ûnderskate Ingelske koloanjes dy't neitiid gearfoege wurde soene ta Konettikut. Saybrook ûntgroeide nea it stadium fan 'e koloniale foarpost, en gie yn1644 op yn 'e mânskerekoloanje Konettikut, dy't yn1633 stifte wie. De grutste groep kolonisten fan dy lêste koloanje bestie út in kloftpuriteinen, dy't yn1636 ûnder lieding fan 'eteoloochThomas Hooker oerkamen út Massachusetts en har teHartford fêstigen. De trêde fan 'e trije oarspronklike koloanjes wie dekoloanje New Haven, dy't yn1638 trochJohn Davenport,Theophilis Eaton en oaren teNew Haven stifte waard.

Mei't noch de koloanje Konettikut, noch de koloanje New Haven mei tastimming fan 'eIngelske Kroan ta stân kommen wiene, waarden beide gebietenjuridysk asôfskate foarposten fan Massachusetts beskôge. Yn1662 wist Winthrop, gebrûk meitsjend fan in machtsfakuum yn 'e Ingelskepolityk dat feroarsake waard troch deRestauraasje fan it Hûs Stuart, fan 'e nijekeningKarel II in kolonialeoarkunde los te krijen dy't fan 'e koloanjes Konettikut en New Haven ien nije koloanje makke ûnder de namme fan Konettikut. Hoewol't it âlde Konettikut binnen it nije steatsferbân de boppetoan fierde oer New Haven, funksjonearren as gefolch fan 'e gearfoeging oan1875 taHartford enNew Haven om bar ashaadstêd fan Konettikut.

In lânkaart fan 'ekoloanjes Konettikut, New Haven en Saybrook.

It earstewapene konflikt mei deYndianen wie yn Konettikut dePikwot-Oarloch fan1636 tsjin 'ePikwot, dy't fuortkaam út ithar ta-eigenjen fan Yndiaansk lân troch de kolonisten. Doe't de Pikwot har dêrtsjin oankanten, reägearren de kolonisten mei in oanfal op in Pikwot-doarp opBlock Island. De Pikwotbelegeren ein1636 de koloanje Saybrook en diene begjin1637 in wraam opWethersfield. Dêrop organisearren de kolonisten inmilysje dy't in Pikwot-doarp oan 'e rivier deMystic oanfoel en útmoarde, mei 300 oant 700 Yndiaanskedeaden. Nei infjildslach yn 'e neite fanFairfield ferlern te hawwen, moasten de Pikwot úteinlik belies jaan.

Yn it koloniale Konettikut ûntjoech him inkonservativemaatskiplikehegerein dy't alle dwaan en litten yn it gebiet oant deAmerikaanske Revolúsje fan 'e1770-er jierren behearske. Yn1701 waard ynNew Haven it Yale Kolleezje stifte, dat úteinlik útgroeie soe ta deUniversiteit fan Yale. Tsjintwurdich is dat mei deUniversiteit fan Harvard ien fan 'e beide meast prestizjeuzeuniversiteiten fan itwestlik healrûn. De oarspronklike oarkunde fan 'e koloanje Konettikut omfieme alle lân dat nei it westen ta yn it ferlingde fan 'e steat lei oan 'eStille Oseaan ta. Doe't de koloanje nei oanlieding dêrfan yn1753 in njoggendecounty stifte,Westmoreland, dat tusken de rivieren deSusquehanna en deDelaware yn komme moast te lizzen (no foarby de westgrins fan 'e steat), late dat ta de slepende (mar net botte bloedige)Pennamityske Oarloggen meiPennsylvania, oant Konettikut it gebiet yn1784 ôfstie oan Pennsylvania.

New London, oan 'esúdeastkust fan Konettikut.

Under deAmerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch wie Konettikut ien fan 'etrettjin koloanjes dy't it tsjin 'eBritske kolonialeoerheid yn 'e kant setten. Nei't yn1774 deoarloch útbrutsen wie, rjochte Konettikut in milysje op besteande út seisrezjiminten, wêrfan't de earste ienheden ynjuny fan dat jier dielnamen oan 'eSlach by Bunker Hill, ynMassachusetts. Yn1777 lâne der in Britskleger fan 2.000 man byWestport op 'e kust fan Konettikut, dat dêrwei it binnenlân yn marsjearre en inarsenaal fan 'eAmerikaanskerebellen byDanbury ferneatige. Op 'e weromweis nei de kust waarden de Britten lykwols opwachte troch in Amerikaansk leger ûnderDavid Wooster enBenedict Arnold, mei as gefolch deSlach by Ridgefield, dy't einige yn intaktyske Britske, mar instrategyske Amerikaanske oerwinning. Fan Konettikut út waarden fierders ek ferskate wramen op it troch de Britten besetteLong Island dien. As antwurd dêrop fierde de BritskegeneraalWilliam Tryon ynjuly1779 inoanfal op 'e kust fan Konettikut út, wêrby'tNew Haven,Norwalk enFairfieldplondere waarden. Ek waard ynseptimber1781, nei deSlach by Groton Heights,New London plondere.

Nei't de Unôfhinklikheidsoarloch yn1783 ôfsletten wie mei inAmerikaanske oerwinning,ratifisearre it steatskongres fan Konettikut op9 jannewaris1788 deAmerikaanske Grûnwet, wêrmei't it de fyfde steat fan 'e Feriene Steaten waard. Oan 'e ein fan 'eachttjinde en yn 'e earste helte fan 'enjoggentjinde iuw florearre deekonomy fan Konettikut trochhannel enyndustry.Katoenweverijen en oaretekstylfabriken droegen dêr yn hege mjitte oan by, en ek defiskerij wie tige wolfarrend. Yn1786 joech de steat in diel fan syn westlike gebietsdielen op dy't bewestenPennsylvania oan 'e súdkant fan 'eGrutte Marren leine, en dy't dêrnei ûnderdiel waarden fan itNoardwestlik Territoarium. Konettikut behold lykwols in útstrutsen gebiet oan 'e súdkant fan 'eEarymar yn wat no noardlikOhio is, dat bekendstie as itWestlik Reservaat fan Konettikut (Connecticut Western Reserve). Dy krite waard fierhinne kolonisearre troch lju út Konettikut wei, mar waard yn1800 oerdroegen oan 'e Amerikaanske federale oerheid. Under deOarloch fan 1812 soarge in Britske seeblokkade foar drege tiden yn Konettikut.

DeMcdonough-mar, inopslachmar byBarkhamsted.

Under deAmerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Konettikut foar itNoarden tsjin itSuden, dat him doe ûnder de namme fan 'eKonfederearre Steaten fan Amearika besochtôf te skieden. Hoewol't der gjin inkele oarlochshanneling út 'e Boargeroarloch op it grûngebiet fan Konettikut plakfûn, spile de steat in wichtige rol yn 'e Noardlike oarlochsynset, troch 55.000 man nei it front te stjoeren, wêrûnder twarezjiminten fan frijeswarten. Fierders levere Konettikut ek 2.250 man oan 'e Noardlikemarine. Yn totaal sneuvelen yn 'e Boargeroarloch 2.088soldaten enmatroazen út Konettikut, wylst 2.801 oansykten stoaren en nochris 689 omkamen yn 'ekriichsfinzenekampen fan it Suden.

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch makke Konettikut in twadde weach fanyndustrialisaasje troch, wêrby't benammen despoarwegen tige wichtich wiene. Under deEarste Wrâldoarloch wie Konettikut ien fan 'e grutste produsinten fanoarlochsmaterieel foar deAmerikaanske Striidkrêften. Tsjin1918 hearde 80% fan 'e yndustry yn 'e steat ta de wapenyndustry. Dêrby moat men tinke oan 'e produksje fanfjoerwapens troch û.m.Remington Arms ynBridgeport, deWinchester Repeating Arms Company ynNew Haven enColt's Manufacturing Company ynHartford, mar ek oanskipswerven dêr'tfrachtskippen endûkboaten foar deAmerikaanske Marine boud waarden. Nei de oarloch rjochteFrederick Rentschler yn1925 ynHartfordPratt & Whitney op, dat it earstebedriuw fan 'eloftfeartyndustry wie dy't neitiid sa wichtich wurde soe foar de ekonomy fan Konettikut.

De ferneamdefjoertoerFive Mile Point Lighthouse, yn 'e neite fanNew Haven.

Op21 septimber1938 kamen der yn Konettikut hûnderten minsken om by inorkaan dy't debynamme fan 'eLong Island Express krige. Dat wie de meast ferneatigjende orkaan út 'e skiednis fanNij-Ingelân. Hy skearde besudenNew Haven lâns, mar ferrinnewearre de hiele eastlike helte fan 'ekustline fan Konettikut, fanSaybrook oantStonington. Under deTwadde Wrâldoarloch draaide de ekonomy fan Konettikut, troch synwapen- enloftfeartyndustry, wer as in tierelier, en de steat produsearre 4,1% fan alle Amerikaanske oarlochsguod út dy perioade.

Nei de oarloch foelen guonfabriken om, mar dat ferlies waard goedmakke troch in útwreiding fan 'e ekonomy yn oare sektors, lykas dewegebou en dehuzebou. Yn1965 ratifisearre it steatskongres fan Konettikut de hjoeddeiskesteatsgrûnwet. Yn1974 waard deDemokrateElla T. Grassogûverneur fan Konettikut en dêrmei de earstefroulike gûverneur fan alle Amerikaanske steaten. Op14 desimber2012 fûn ynNewtown itBloedbad fan Sandy Hook plak, wêrby't ingeastlik steurdeman,Adam Lanza, 26bern endosinten deaskeat op 'e Sandy Hook Basisskoalle. Dy slachting soarge yn 'e Feriene Steaten foar in nij lanlik debat oer derjocht op wapenbesit.

It steatskapitoal fan Konettikut, yn 'e binnenstêd fanHartford.

Bestjoer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Konettikut bestie foarhinnebestjoerlik út 8countys, mar krekt as ynRhode Island binne dy gebieten yn Konettikut asoerheidsynstânsjes opheft (hoewol't se asstatistyske gebieten fuortbesteane). Desteatshaadstêd,Hartford, leit yn 'edelling fan 'erivier deKonettikut, yn 'e midden fan 'e steat, en wie foarhinne it bestjoerlik sintrum fanHartford County. Foàr1875 fungearren Hartford enNew Haven om bar as steatshaadstêd.

Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Konettikut bestjoerd troch insteatsregear mei oan it haad degûverneur. Dewetjaande macht is yn 'e hannen fan 'eAlgemiene Assimblee fan Konettikut, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 36 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 151 sitten. Yn 'eAmerikaanske Senaat wurdt Konettikut, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2senators. Yn itAmerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Konettikut 5 sitten.

Derjochteskoalle fan 'eUniversiteit fan Yale.

Itpolitike lânskip fan Konettikut wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanskepolitike partijen, deDemokratyske Partij en deRepublikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marginale rol. Konettikut is stevich yn 'e hannen fan 'e yn ferhâlding progressivere Demokraten, en sels de Republikeinen yn 'e steat binne oer it algemien in stik minderkonservatyf as harren partijgenoaten út oare dielen fan 'e Feriene Steaten. Konettikut wie yn2008 de twaddeAmerikaanske steat (neiMassachusetts), dy't ithomohoulik ynfierde.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Itbruto steatsprodukt fan Konettikut bedroech yn2012$229,3 miljard, en it bruto steatsprodukt per lid fan 'ebefolking wie yn2013 $60.847, dat it heechst fan alleAmerikaanske steaten wie. Der bestiet lykwols in grutteynkommenskleau tusken de ûnderskatemaatskiplike klassen yn Konettikut, dy't ek de grutste fan alle Amerikaanske steaten is, útseinNew York.New Canaan is it meastwoltierige plak yn Konettikut, mei in trochsneedynkommen fan $85.459. De ynwenners fanDarien,Greenwich,Weston,Westport enWilton hawwe ek in trochsneed ynkommen fan boppe de $65.000, wylst de ynwenners fan 'e steatshaadstêdHartford itearmst binne, mei in trochsneed ynkommen fan $13.428.

Itstadion de Yale Bowl ûnder inAmerikaansk fuotbalwedstryd tusken de tiims fan 'euniversiteiten fanYale enHarvard.

Deekonomy fan Konettikut moat it benammen hawwe fan 'etsjinstesektor, en dêrbinnen is itbank- enfersekeringswêzen it wichtichst, dat yn2009 foar 16,4% oan it bruto steatsprodukt bydroech. Defêstgoedbrâns wie datselde jiers goed foar nochris 15% fan it BSP. Deyndustry leveret 11,9% fan it BSP, en is sterk talein op 'eloft- enromtefearttechnology, mei as grutstewurkjouwer deUnited Technologies Corporation, indochterûndernimming fanLockheed Martin. Fierders is Konettikuthistoarysk it sintrum fan 'e Amerikaanskefjoerwapenyndustry, en noch altyd binne der fjouwer fjoerwapenprodusinten yn 'e steat fêstige:Colt,Stag,Ruger enMossberg, dy't mei-inoar 2.000banen hawwe.

Yn2010 hiene likernôch 12.000 ynwenners fan Konettikutwurk yn 'elânbou. De wichtichste agraryske produkten fan 'e steat binnefruit,grienten en oaretúnbouprodukten;suvel (benammenaaien); entabak. Oan 'e kust bestiet fierders in libbenefiskerij, dy't behalven opfiskfangst ek sterk op 'emoksel- enoestertylt talein is.Toerisme enrekreaasje smieten yn Konettikut yn2006 $14 miljoen op. De beideYndianereservaten fan 'e steat hawwe allebeide in eigenkasino, itFoxwoods Resort Casino, resp.Mohegan Sun, dy't sterk oan 'e ynkomsten út toerisme bydrage.

Befolkingstichtens yn Konettikut.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens in offisjele rûzing troch itAmerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2010) hie Konettikut yn2014 3.596.677 ynwenners, wat in groei fan 0,63% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn2010. Debefolkingstichtens bedroech yn2014 285,0minsken de km², wat de op trije nei heechste befolkingstichtens fan alleAmerikaanske steaten is. De grutstestêd fan 'e steat isBridgeport, mei 147.000 ynwenners yn2013. Oare gruttere stêden binne:New Haven (131.000),Stamford (128.000), de steatshaadstêdHartford (125.000),Waterbury (109.000),Norwalk (88.000),Danbury (82.000),New Britain (73.000),Greenwich (62.000) enBristol (60.000).

Etnisiteit

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2010 wie deetnyske opbou fan 'ebefolking fan Konettikut doe sa: 71,2%blanken; 10,1%swarten; 6,4%Latino's; 3,8%Aziaten; 0,3%Yndianen; 12,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.Blanke ynwenners fan Konettikut komme fierhinne útNoardwest-,Midden- enSúd-Jeropa en fan 'eBritske Eilannen. De grutste oarsprongsgroepen binne:Italjanen (19,3% fan 'e totale steatsbefolking),Ieren (17,9%),Ingelsen (10,7%),Dútsers (10,4%),Poalen (8,6%),Frânsen (6,6%),Frânsk-Kanadezen (3,0%),Angelsaksyske Amerikanen (2,7%),Skotten (2,0%) enUlstersen (1,4%).

Hartford, dehaadstêd fan Konettikut.

Konettikut hat it heechste persintaasjeItaljaansk-Amerikanen fan alleAmerikaanske steaten mei útsûndering fanRhode Island. Dy groep foarmet de grutstebefolkingsgroep yn it hiele westlike twatrêde part fan 'e steat.Iersk-Amerikanen binne yn 'e mearderheid ynTolland County enNew London County, wylst lju fan Frânsk-Kanadeesk komôf de mearderheid foarmje ynWindham County, de uterste noardeasthoeke fan 'e steat. Fierders omfettet Konettikut ek ien fan 'e grutste konsintraasjes fan lju fanHongaarsk komôf, dy't benammen ynFairfield,Stamford,Naugatuck enBridgeport wenje.

DeLatino's yn Konettikut binne foar it meastepartPortorikanen. Hja libje benammen yn 'e grutstedske gebieten fanHartford,Bridgeport enNew Haven. Konettikut hat it heechste persintaazje Portorikanen fan 'e steatsbefolking fan alleAmerikaanske steaten. Resint hawwe har ek oansjenlike mienskippenymmigranten útGûatemala, deDominikaanske Republyk,Meksiko enPanama yn Konettikut nei wenjen set. ItAziatyske befolkingsdiel fan Konettikut bestiet benammen útYnjers,Filipino's,Laotianen,Fjetnamezen,Tai en lju útYndoneezje. Konettikut omfiemet 2federaal erkende Yndianestammen:

Deskyline fanNew Haven.

Dizzestammen hawwe beide har eigenreservaat. Fierders binne der yn Konettikutek noch 5stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Dat binne:

Taal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Konettikut hat gjinoffisjele taal dy't as sadanich bywet fêstlein is, mar yn 'e praktyk ferfollet itIngelsk dy funksje. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2000 wie dytaal doe foar 81,7% fan 'ebefolking dememmetaal. Op it twadde plak kaam itSpaansk (8,4%), folge troch itItaljaansk (1,6%), itFrânsk (1,3%) en itPoalsk (1,2%).

Winter ynNew Haven.

Godstsjinst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op it mêd fangodstsjinst bestie yn2015 72,5% fan 'ebefolking fan Konettikut útkristenen, wêrûnder 43%roomsen, 28,5%protestanten en 1%eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasje wie deFeriene Tsjerke fan Kristus mei krapoan 97.000 leden.Ateïsten enagnosten foarmen yn2015 23% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: itjoadendom (3,2%); itboedisme (1%); en ithindoeïsme en deislaam (beide 0,5%).

Klimaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Konettikut hat in fochtichlânklimaat, mei waarme nearesimmers en kâldewinters. Simmerdeis binnetemperatuerenoerdeis fan boppe de 30 °C hiel normaal, wylst it kwik by 't winter maklik sakje kin oant ûnder itfriespunt, benammen yn it noardwestlikeheuvellân. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C, op15 july1995 ynDanbury, en –36 °C op16 febrewaris1943 teCoventry. Fan begjinjuny oant einnovimber wurdt Konettikut geregeldwei troffen troch inorkaan dy't út itKaribysk Gebiet wei by de eastkust fan 'e Feriene Steaten lâns nei it noarden ta swingt. Hoewol't sokkewaarsystemen faak al ôfswakke binne tastoarmen as se Konettikut berikke, kinne se dochs noch in protte skea oanrjochtsje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryConnecticut fanWikimedia Commons.
40°58'N bis 42°3'N, 71°47'W bis 73°44'W
 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama •Alaska •Arizona •Arkansas •Delaware •Fermont •Firginia •Floarida •Georgia •Hawaï •Idaho •Illinois •Indiana •Iowa •Kalifornje •Kansas •Kentucky •Kolorado •Konettikut •Louisiana •Maine •Marylân •Massachusetts •Michigan •Minnesota •Mississippy •Missoery •Montana •Nebraska •Nevada •Nij-Hampshire •New York •Nij-Jersey •Nij-Meksiko •Noard-Dakota •Noard-Karolina •Ohio •Oklahoma •Oregon •Pennsylvania •Rhode Island •Súd-Dakota •Súd-Karolina •Teksas •Tennessee •Utah •Washington •West-Firginia •Wyoming •Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen •Amerikaansk-Samoä •Gûam •Noardlike Marianen •Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Konettikut&oldid=1020362"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp