Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Komponist

Ut Wikipedy

Inkomponist set de (muzikale) tinzen dy't by him opkomme om yn foar oaren – al of net frij te ynterpretearjen – lêsbere blêdmuzyk. De komponist moat dan altyd ôfwachtsje hoe't útfierende muzikanten syn noateskrift ynterpretearje sille. It komt mar komselden foar dat in komponist in útfiering heard krekt sa't er dat bedoeld hie. Krusiale rol dêryn spilet ek noch dedirigint dy't departituer (de troch de komponist opskreaune tinzen – omset nei noaten) ynterpretearret en it gefoel fan de komponist oerbringe moat op de muzikant. De dirigint jout de muzikant oanwizings hoe te spyljen. Sadwaande kinne útfierings troch ferskate orkesten û.l.f. ferskate diriginten dan ek gâns fan inoar ôfwike.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Komponist&oldid=657903"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp