Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kompas

Ut Wikipedy
Kompas mei floeistof fold
Si Nan, it earste kompas út Sina

Inkompas is innavigaasje-ynstrumint om de rjochting ten opsichte fan it noarden te bepalen.
It tradisjonele magnetyske kompas bestiet út in frije ophongenmagneet, dy't him ûnder ynfloed fan itierdmagnetysk fjild yn in bepaalde rjochting opstelt, wêrtroch't it mooglik wurdt om itmagnetyske noarden (Nm) (of it suden (Sm)) oan te wizen.
De spesifike útfiering fan in magnetysk kompas mei ûnder mearkardanyske ophinging foar gebrûk op in skip wurdt wol oantsjutten asskipskompas.

Kompasroas

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Kompasroas mei ferdieling yn graden enmil (binnenste skaal)

Oarspronklik waard de sirkel yn fjouweren, achten, sechtjinen, 32'n dield wêrby't de rjochting neffens in fêst systeem oantsjutten waard: tusken noard en east kaam noardeast, tusken noard en noardeast noard-noardeast, tusken noard en noardnoardeast noardnoardeast ten noarden, tusaen noard en noardnoardeast ten noarden kaam noardnoardeast ten noarden noard, ensfh. Op dit punt is de kompasroas yn 64 dielen ferdield en foldie dêrmei oan de destiidske behoefte om de koers te bepalen.

De hjoeddeiske kompassen hawwe in yndieling yn 360 graden (rjochtsom, krekt oarsom as wat yn de wiskunde wizânsje is), en algemien wurde de fjouwer haadstrekenNoardEastSúd enWest mei in letter oanjûn. Militêre kompassen hawwe noch wolris in roas dy't ferdield is yn 6400 tûzensten. De reden hjirfoar is dat ien sa'nmil frij goed oerienkomt mei in meter op in kilometer ôfstân. Deartillery kin hjirmei by ynsjitten frij ienfâldich it geskut op it doel rjochtsje.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • www.silva.se PDF dokumint mei útlis brûken plaatkompas neffens Silva 1-2-3 systeem.

Commons
Commons
OpWikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Kompas

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kompas&oldid=1008863"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp