Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Komoaren

Ut Wikipedy
Union des Comores
Udzima wa Komori
الإتّحاد القمريّ
Al-Ittihad al-Qumuriyy
Flagge fan KomoarenWapen fan Komoaren
FlaggeWapen
Lokaasje fan Komoaren
Offisjele taalKomoreesk,Arabysk,Frânsk
HaadstêdMoroni
SteatsfoarmRepublyk
Ynwenners
MuntKomoreeske-frank (KMF)
TiidsôneUTC +3
Nasjonale feestdei28 maaie
LânkoadeCOM
Ynternet.km
Tillefoan269

DeKomoaren is in lân besteande út trije eilannenGrut Komoare (Njazidja),Mohély (Mevali) enAnjouan (Narvani) plus noch wat lytse eilantsjes dy't foar de eastkust fanAfrika lizze. De haadstêd isMoroni.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Lizzing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Komoaren wurde begrinzge troch:

Lânskip

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De eilannen fan de Komoaren binne foar it grutste part fan fulkanyske oarsprong: de heechste fulkaan is de noch hieltyd aktive Kartala (2361 meter heech). De berchmassiven binne begroeid mei rainwâld. Foar de kust lizzekoraalriffen.

Mayotte is mei goed 5,4 miljoen jier it âldste eilân, Grut Komoare mei 130.000 jier de jongste. De fulkaan op Grut Komoare (Kartala) is noch aktyf, en kaam yn 1977 ta útbarsting.

De see om de eilannen hinne hat in djipte fan 3000 meter.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Al yn de16e iuw hawwe de eilannen behearske west trochArabieren. De yn1843 troch Frankryk stifte koloanje op it buoreilânMayotte waard yn1912 útwreide mei de Komoaren. Yn1975 waarden de Komoaren selsstannich, Mayotte bleau Frânsk.


Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Befolking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

DeKomorezen meitsje 97% fan de befolking út en deMakûa 1,5%.

Talen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de Komoren wurde sân ferskillende talen sprutsen; fjouwer dêrfan binne farianten fan itKomoreesk en binneNiger-Kongotalen dy't hiel bot op itSwahily like. Mei likernôch 260.000 sprekkers is itNdzwany-Komoreesk de wichtichste taal fan it lân, it foarmet mei itFrânsk enArabysk de offisjele talen.

Religy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Mei in persintaazje fan 98,9% is deislam (soennisme) de grutste religy, 1% fan de befolking iskristen (Roomsk-katolyk) en 0,1% oanhinger fanbahay.

Kaart fan de Komoaren


12° 11' ZB, 44° 14' O
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Komoaren&oldid=1020283"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp