Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kolonisaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanKolonisearre)

Kolonialisaasje is it nei wenjen sette fan de eigen befolking yn in krite dy't net fan de eigen befolking bewenne wurdt.

Iere kolonialisaasje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Deâlde Griken sette har al tusken 750 en 500 foar Kristus nei wenjen yn de gebieten wat noSisylje enTurkije is. Hja neamden dy gebietenNij Grikelân. Fan deWytsingen is bekend dat har minsken har ynIerlân,Ingelân,Yslân,Grienlân en it Amearikaanske kontinent nei wenjen sette hawwe.

Fryske kolonialisaasje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

EkFriezen loeken fuort en kolonisearen gebieten û.o. neiIngelân yn de5e iuw en letter neiNoard-Fryslân.

Kolonialisaasje fan Jeropeeske steaten op oare kontininten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Frankryk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Frankryk hie om 1900 hinne it grutste part fan noardwestAfrika. Yn itKaribysk gebiet hawwe se hjoed noch in stikmannich eilannen. Yn Aazje hie Frankryk ûnder oarenFietnam.

Grut-Brittanje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

ItBritske Ryk wie de earste echt wrâldmacht en it grutste ryk ea. It ryk omfieme oan it begjin fan de20e iuw in befolking fan 500 - 600 miljoen minsken, in fearn fan de wrâldbefolking fan doe, en suver 37 miljoen km², likernôch in fearn fan it wrâldoerflak.

Spanje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Spanjerts feroveren al rillegau it meastepart fan Súd- en Midden-Amearika. Oan it begjin fan de19e iuw, doe't Spanje beset waard fan it Frankryk fanNapoleon, ferklearren de Súd-Amerikaanske steaten har ûnôfhinklik fan Spanje. Yn 'e rin fan dy iuw waard suver it hiele Spaanske koloniale ryk wei. De lêste koloanjes fan belang gienen ferlern yn 'e Spaanske-Amerikaanske kriich (1898-1899).

20e iuw

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Om 1900 hinne wie suver hiel Afrika, grutte parten fan Aazje en dielen fan de Amearika's kolonialisearre troch Jeropeeske steaten. Nei it ferlies fanDútslân yn 'eEarste Wrâldkriich mochten de Dútsers gjin koloanjes mear hawwe. Nei deTwadde Wrâldkriich hiene de folken yn 'e kolonialisearre steaten merkbiten dat se wol foar harsels noed stean koenen. Yn de perioade 1945 - 1975 ferklearren in soad koloniale gebieten harsels ûnôfhinklik.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kolonisaasje&oldid=812649"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp