Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Koeweit

Ut Wikipedy
Koeweit
Dawlat al-Kuwayt
Flagge fan KoeweitWapen fan Koeweit
FlaggeWapen
Lokaasje fan Koeweit
Offisjele taalArabysk
HaadstêdKoeweit
SteatsfoarmKonstitúsjonele monargy
Gebiet
% wetter
17.818 km²
0,0­%
Ynwenners (2005)2.867.000
MuntKoeweitske dinar (KWD)
TiidsôneUTC +3
Nasjonale feestdei25 febrewaris
LânkoadeKWT
Ynternet.kw
Tillefoan965
Kaart fan Koeweit

Koeweit is in lân ynMidden-Easten. De haadstêd is ekKoeweit en deemir fan de monargy is sûnt2020Nawaf Al-Ahmad Al-Jaber Al-Sabah.

Koeweit wurdt begrinzge troch:

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Koeweit makke fan ôf de8e iuw part út fan itAbbasidenryk. Letter waard it opnommen yn itOttomaanske ryk (16e iuw), dêr't lang om let ek in foarm fan selsstannigens krige yn de foarm fan in prinsdom. De tsjinwurdige hearskjende famylje stamt fan ien fan dizze prinsen,sjeikSabah al-Awwal ôf, dy't hearske fan1756 oant1772.

Yn1899 tekene de doetiidske prins, sjeikMubarak, in ferdrach mei deBritten, dêr't troch it in Britskprotektoraat waard. Yn1914 erkende de Britske oerheid Koeweit as in ûnôfhinklik lan, mar wol ûnder Britske proteksje. Yn1961 waard Koeweit folslein ûnôfhinklik. Yn de tuskentiid hie de ûntdekking fanoalje ta in grutte rykdom laat. Dit luts in prottegastarbeiders oan, dy't gjinsteatsboargerskip krije kûnen.

Alhoewol't it lân in bûnsmaat wie fanIrak tidens deIrak-Iran oarloch, waard it troch Irak beset en op2 augustus1990 anneksearre. De besetting wie it begjin fan deGolfoarloch fan 1990-1991, dêr't Koeweit yn jannewaris 1991 troch in ynternasionale koalysje ûnder lieding fan deFeriene Steaten befrije waard.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Koeweit bestiet foar it grutstepart útwoastyn mei hast gjin hichteferskil. It klimaat is skrok en hjit. Oan de noardkust fan dePerzyske Golf lizze in oantal eilannen, dêr'tBubiyan it grutste fan is.

De wichtichste stêden binneKoeweit,Salimiyah (mei de measte ynwenners) enHawalli.

Nei it suden ta lizze ek noch wat lytse eilantsjes.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Arabieren meitsje om-ende-by 57% fan de befolking út fan Koeweit. Yn de20e iuw is de befolking fan Koeweit, foaral fanwege de komst fan in proatte arbeiders (de saneamdeekspats), ferfyftichfoudige. Under de ekspats binne in soad steateleaze Arabieren lykasbedoeïenen) en fjirder ymmigranten út lannen as Pakistan, Bangladesj en de Filipinen. De befolking is foar 85%moslim.

Gûverneminten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Koeweit is opdield yn seis gûverneminten (muhafazat):

29° 10' N, 47° 36' O
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Koeweit&oldid=1011685"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp