Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kodeks Laud

Ut Wikipedy

DeKodeks Laud (ofLaudianus; kategorisearre ûnderMS. Laud Misc. 678, yn deBodleian bibleteek,Universiteit fan Oxford) is in wichtich16e iuwsk manuskript dat yn ferbân brocht wurdt meiWilliam Laud: in Ingelske aartsbiskop dy't de lêste eigner fan dit âldeMeksikaanskekodeks wie.

De kodeks is part fan deBorgiagroep, en is in manuskript dat meast út ôfbylden bestiet. It hat in 24 blêden dy't 48 siden foarmje. De kodeks komt út Sintraal-Meksiko en út de tiid foar de Spaanske ferôvering. In part is ferlern gien.

De kodeks is publisearre, mei in ynlieding fan C. A. Burland, yn Volume XI fanCODICES SELECTI fan de Akademische Druck- u. Verlagsanstalt, Graz.

Wat ynhâld oanbelanget is de kodeks te fergelykjen mei deKodeks Bodley en deKodeks Borgia.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boone, Elizabeth Hill, 2007.Cycles of Time and Meaning in the Mexican Books of Fate;Joe R. en Teresa Lozano Long series in Latin American and Latino art and culture. Austin,Universiteit fan Teksas-parse; isbn=978-0-292-71263-8

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kodeks_Laud&oldid=774739"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp