Yn degemy is inkoalhydraat (ek wolsûker ofsacharide neamd) in beskaat type ferbining fankoalstof-,wetterstof- ensoerstofatomen dêr't de wetterstof- en soerstofatomen mei in ferhâlding fan 2:1 by foarkomme. Ek ôfliedings mei oare eleminten en oare ferhâldings wurde wol ûnder de sûkers rekkene salang se in likense basisstruktuer hawwe.
Om de koalhydraten yn te dielen op tal fan koalstofatomen wurde de telwurden (3)tri-, (4)tetr-, (5)pent-, (6)heks- ensfh. brûkt. Nei ien fan dizze telwurden komt dan de útgong-oaze. Bygelyks meiheksoaze wurde alle koalhydraten mei seis koalstofatomen miend.
Koalhydraten hawwe yn de iepen keatlingstruktuer altyd in dûbeldbûn soerstofatoom. As dit soerstofatoom oan de ein fan de keatling sit, dan is de ferbining inaldehyde en hawwe wy it oer inaldoaze, sit it dûbeldbûn soerstofatoom yn it midden fan de keatling, dan is de ferbining inketon en hawwe wy it oer inketoaze. Aldoazen reageare maklik mei oksydearjende stoffen, ketoazen net. Aldoazen wurden ek wol redusearjende sûkers neamd.Glukoaze (dat makke wurdt trochfotosynteze) is de ferneamdste aldoaze. As oksydearjende stoffen wurde brûkt: