Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Klitoris

Ut Wikipedy
Anatomy fan de klitoris

Deklitoris ofkiteler is inseksueelorgaan fan defrou,froulikesûchdieren,strúsfûgeleftigen en in beheind tal oarebistesoarten.

De klitoris leit oan de boppekant tusken de grutteskamlippen, op it plak dêr't de lytse skamlippen by elkoar komme, dat boppe de iepening fan deuretra (pisbuis) en defagina (skie).

It part wat sjoen wurde kin sjocht derút as in lyts roze balsje (Latyn:glans clitoris), mei in trochstring grutte fan 2.5 oant 4.5 millimeter, mar grutter en lytser komt ek foar. De klitoris hat in prottesenuwúteinen en is by minsken de meast gefoeligeerogene sône fan de frou. Stimulaasje jout in klitorale ereksje en seksuele opwining; oanhâldende stimulaasje kin ta inorgasme liede.

It meastepart fan de klitoris sit ynwindich: de beide skachten (corpus cavernosum) yn V-foarm oan wjerskanten fan de fagina. Sy folle har by seksuele opwining mei bloed, lykas de swollichems yn de penis by de man.

Embryonale ûntjouwing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn in frouljusembryo foarmet de klitoris him út itselde weefsel dêr't by in manlik embryo de penis him út ûntwikkelt ûnder ynfloed fantestosteron. It part fan de klitoris wat sjoen wurde kin is bedutsen troch in stikje hûd, dat oerienkomt mei defoarhûd by in man. Somtiids giet it mis en ûntwikkelt it froulik embryo in penis ynstee fan in klitoris. Der wurdt dan fanynterseksualiteit sprutsen.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Klitoris&oldid=1022454"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp