Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kleau

Ut Wikipedy
DeFjadrárgljúfur, ynIislân.

Inkleau,ravyn of yn itIngelskcanyon is in djippe, steile en relatyf smelledelling, dy't ornaris oer ingeologysketiidsskaal troch inwetterstream yn it lânskipútsliten is. Sadwaande streamt der oer de boaiem fan in kleau almeast inrivier ofbeek. De wanden oan wjerssiden fan 'e kleau binnekliffen. Mei de beneaming 'kleau' kin dêrnjonken ek in leechte tusken twaberchtoppen oantsjut wurde, sa't gauris foarkomt ynberchtmen as deAlpen, deRocky Mountains, deAndes en deHimalaya. Kleauwen liene har treflik foar de oanlis fankeardammen foar de opwekking fanwetterkrêftenerzjy. Fierders foarmet in kleau faak de iennichste (relatyf maklik) begeanbere rûte troch in berchtme, wat him fan grutstrategysk belang meitsje kin.

Wei en rivier troch Meiringspoarte, ynSúd-Afrika.

De langste kleauwen fan 'e wrâld binne:

Kleauwen komme ek op oarehimellichems as deIerde foar. De grutste kleau fan it hielesinnestelsel is deValles Marineres opMars. Fierders binne ek de 20 km djippe ravinen op 'e lytsemoanneMiranda (fan 'eplaneetUranus) opfallend, mei't dy moanne mar in diameter hat fan 471 km en de djipte fan 'e ravinen dêre dus rom 4,2% fan yn beslach nimt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryCanyon fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kleau&oldid=976951"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp