Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Klam (taalkunde)

Ut Wikipedy

Klam (ek wol 'klamtoan' neamd, hoewol't dat eins inhollanistyskeynterferinsje is) is de relative promininsje dy't in stikje sprutsentaal yn 'eútspraak kriget. Inwurdlid mei klam wurdt ornaris mei wat mear krêft útsprutsen as de oare wurdlidden yn inwurd. Sa'n krêftiger útspraak wurdt produsearre troch in tanommen mjitte fan 'e útstjit fanlucht út 'emûle en in gruttere spanning yn 'espieren dy't foar de útspraak brûkt wurde.Fonetysk wurdt in beklamme wurdlid karakterisearre troch in gruttere yntinsiteit as dat de omlizzende ûnbeklamme wurdlidden hawwe, mar in hegeretoan en (justjes) langer oanholden útspraak binne faak ek skaaimerken fan klam.

Yn 'etaalkunde wurde ferskate foarmen fan klam ûnderskaat:

  • Swakke klam is in taalkundige term om 'e klam oan te tsjutten fan wat ornaris ûnbeklamme wurdlidden neamd wurde. Yn itFrysk komt soks bygelyks foar yn wurden as 'gewoan', 'buorren' en 'tsjerke'. Guon wurden binne sa lyts dat se faak hielendal ûnbeklamme binne, fral delidwurden 'de', 'in' en 'it', mar ek 'der', 'er', 'se', 'we', ensfh.
  • Primêre klam of haadklam is de swierste en dúdlikste soarte fan klam. Yn it Frysk komt dizze foarm fan klam foar yn 'e measte wurden dy't út mar ien wurdlid besteane, lykas 'hûn', 'moed' en 'falsk'. Dêropta hat yn wurden mei twa wurdlidden meastal it earste wurdlid de primêre klam ('witte', 'dagen', 'kastke'), behalven as der infoarheaksel oan tafoege is ('gedoch', 'ferdomd', 'bedrach'). By wurden mei trije wurdlidden kin de primêre klam op lykfol hokker wurdlid lizze: 'kolibry', 'fakânsje', 'polityk'. Dat is gelikens oan 'e sitewaasje yn itNederlânsk, mar oaretalen hawwe faak in fêste primêre klam, ek by langere wurden. Yn itFrânsk leit de primêre klam bgl. altyd op it lêste wurdlid, yn itPoalsk op it op ien nei lêste wurdlid en yn itHongaarsk op it earste wurdlid.
  • Sekundêre klam of byklam hâldt de midden tusken gjin klam en primêre klam. Yn it Frysk (en Nederlânsk) komt sekundêre klam benammen foar yn gearstallings, wêrby't der wurden oaninoar plakt binne. Om in foarbyld te jaan: yn it wurd 'anty-semitysk' (gearstald út 'anty' en 'semitysk') leit de primêre klam op it fjirde wurdlid ('anty-semitysk') en de sekundêre klam op it earste wurdlid ('anty-semitysk'), wylst alle oare wurdlidden ûnbeklamme binne. Guon talen, wêrûnder itItaljaansk en itSweedsk, hawwe in fêste sekundêre klam, dy't ek wol inmuzikaal aksint neamd wurdt. Dêrom klinke sokke talen foar Fryske earen wat sjongerich.

Yn itYnternasjonaal Fonetysk Alfabet (IPA) wurdt primêre klam werjûn troch it symboal " ˈ ", en sekundêre klam troch it symboal "ˌ". It wurd 'anty-semitysk' komt der dan yn fonetysk skrift út te sjen as: [ˌantisəˈmitisk]. Klam kin ek betsjuttingsûnderskiedend wurkje, bgl. yn 'e bekende wurden 'foàrkomme' en 'foarkómme'. Yn sokke gefallen wurdt, sa't men hjir sjen kin, gauris inskerpteken of inklamteken brûkt om it ferskil yn útspraaktypografysk wer te jaan. 'Foàrkomme' betsjut dat men soargje wol dat it ien of oar net bart, wylst 'foarkómme' de betsjutting hat fan 'foar it gerjocht ferskine' (by it Nederlânskevóórkomen envoorkómen is dat betsjuttingsferskil presys oarsom). In oar foarbyld fan sokke betsjuttingsûnderskiedende klam is 'efterútgong' en 'èfterútgong'. Ek ynsinnen kin klam foar ferskil yn betsjutting soargje:

  • "Dat is myn frou net." ("Dêr bist mis, mei dy frou bin ik net troud.")
  • "Datis myn frou net." ("Dat wie myn frou", "Dat soe myn frou noch wurde kinne" of in utering fanstutsenens)
  • "Dat ismyn frou net." ("Dat is in oar syn frou.")
  • "Dat is mynfrou net." ("Dat is in freondinne, bekende of famyljelid fan my, mar net myn frou.")
  • "Dat is myn frounet." (glêshurde ûntkenning.)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David,The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin),ISBN 0 14 05 14 163, s. 321.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Klam_(taalkunde)&oldid=1131212"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp