De kiuwen fan in (slachte)tonyn, fan efteren sjoen.
Inkiuw, foarhinnestavere askieu, is ien fan in pear gelikenseorganen om mei tesykheljen, dy't foarkomme by in prottebisten dy't yn itwetter libje. De funksje fan dizze organen, dy't ornaris fuort efter dekop oan wjerskanten fan it lichem sitte, is om oplostesoerstof oan wetter te ûntlûken en derkoalstofdiokside oan ôf te jaan. Dêrmei binne se it ekwifalint by wetterdieren foarlongen by lândieren. Kiuwen binne it bekendst fanfisken, mar ek oare wetterdieren hawwe se, lykas beskateynsekten, guonlidpoatigen (krabben,kreeften,garnalen) en delarvale stadia fanamfibyen. De kiuwen fan guon fan sokke bisten, lykas dehearemytkreeft (Pagurus bernhardus), hawwe har sa ûntjûn dat der ek op it drûge mei azeme wurde kin, op betingst dat se fochtich holden wurde.
Kiuwen lizze efter de saneamdekiuwspjalten en wurde min ofte mear droegen troch dekiuwbôgen. Dat binne heakfoarmige struktueren fanbonke (bybienfiskeftigen enamfibyen) of fankreakbien (bykreakbienfisken) dy't yn 'e wand tusken de kiuwspjalten lizze. Histoarysk hawwe har út sokke kiuwbôgen de earstekaken fan libbeneorganismen ûntwikkele. Eltse kiuwbôge draacht in stikmannich (soms wol in pear hûndert) opinoar steapelekiuwplaatsjes, en elts kiuwplaatsje draacht wer in grut talsekundêre kiuwplaatsjes. Wetter dat út 'ekiuwholte wei troch de kiuwspjalten parse wurdt, streamt sadwaande troch de tusken de sekundêre kiuwplaatsjes leine kanaaltsjes. Demikroskopyske struktuer fan 'e kiuwen hat op dy manear in tige grut oerflakgebiet dêr't it soerstofrike wetter yn nau kontakt komt mei it soerstofearme bloed.
Oan 'e binnenkant fan 'e kiuwen sitte dekiuwseven, dy't der by de measte fisken en oare bisten mei kiuwen foar soargje dat de kiuw net skansearre rekket troch smoargens en oar yn it wetter omdriuwkeljend materiaal. Sokke kiuwseven wurkje dus likernôch itselde as denoashierkes by bisten meilongen. Byplanktonitende fisken is de kiuwseef tige fyn. Sokke fisken nimme allegeduerigen fia debek wetter yn, dat se troch de kiuwen wer nei bûten ta pompe, folle mear as dat se behoefte oan soerstof hawwe. Dêrby giet it har der om dat it plankton, dêr't se fan libje, efter de kiuwseven hingjen bliuwt. U.m. de grutste libbene fisk, dewalfiskhaai (Rhincodon typus), is sa'n planktonfretter.