Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kira Eggers

Ut Wikipedy
Kira Eggers
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKira Eggers
nasjonaliteitDeensk
berne29 novimber1974
berteplakKopenhagen (Denemark)
etnisiteitDeensk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel,stripper,
softcore-pornoaktrise,
ûndernimster,blochster,
kollumniste,fitness-ynstruktrise
jierren aktyf20032009
offisjele webside
dkira.com

Kira Eggers (Kopenhagen,29 novimber1974), is inDeensk rêstendneakenmodel,stripper enpornografysk aktrise, dy't no wurksum is asûndernimster,blochster,kollumniste enfitness-ynstruktrise. Hja sette yn2003 útein mei inwurkpaad yn 'epornoyndustry en spile yn in stikmannichsoftcorefilms. Yn2009 beëinige se har karriêre aspornoaktrise. Eggers kaam ynNederlân yn2006 yn itnijs doe't se op in privee-feestjeseksuële omgong hân hawwe soe meifuotballersPatrick Kluivert,Frank de Boer enEdgar Davids.[1]

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Eggers waard yn1974berne yn 'eDeenskehaadstêdKopenhagen. Doe't se fjirtjin jier wie,presintearre se al inradioprogramma. Dêrnei sette se útein mei inkarriêre asneakenmodel enstripper. Eggers wie yn1997 twaris te gast yn ittillefyzjeprogrammaTæskeholdet. Yn1998 naam se diel oan itrealitytillefyzjeprogrammaStripperkongens Piger ("Fammen fan 'e Stripperkening"), as gefolch wêrfan't se bekendheid krige by it bredere Deenskepublyk. Neitiid wurke se foar detillefyzjestjoerderPlayboy TV en tusken2003 en2009 spile se yn in fyftjintalsoftcore-pornofilms, hoewol't se sels úthâldt dat se nea 'echte' pornografy makke hat.

Fierders wie Eggers tusken2003 en2005 aktyf asregisseur fan yn totaal tolve softcore-pornofilms. Ek hat se asfotografeneakenfotografyskefotosearjes fanneakenmodellen makke foar it DeensketydskriftExtra Bladet, wylst se yn 'eFeriene Steaten soartgelikensefotoreportaazjes makke hat foarneakenblêden asHustler enPenthouse. Se hie fierders in skoft in rubryk as beäntwurdster fan fragen op it mêd fanseks yn 'e blêdenForlaget Rapport enFHM en op itynternetportaalJubii. Yn2003 die Eggers mei oan it trêdeseizoen fan 'e Deenske ferzje fan itrealitytillefyzjeprogrammaBig Brother, wêrby't alle dielnimmers bekende persoanen wiene. Yn2004 waard har troch de lêzers fan 'e Deenske edysje fanFHM it 34e plak taparte yn in top 100 fan 'e meastseksyfroulju fan it jier.

Eggers publisearre yn2006 inautobiografy, mei astitelDen Nøgne Sandhed ("De Neakene Wierheid"). Dêryn fertelde se û.m. dat se dat jiers op in priveefeestje fan itNederlânsk alvetal, dat doe yn Denemark wie om dêr tsjin dat lân tefuotbaljen yn it ramt fan 'e oanrin nei itEK Fuotbal 2008,seks hân hie meiPatrick Kluivert,Frank de Boer enEdgar Davids. Doe't dat yn 'e Nederlânskeparse kaam, ûntstie der in lytse opskuor, hoewol't de trije fuotballers alles by heech en by leech ûntstrieden. (Pas yn2014 kaam offisjeel oan it ljocht dat der fan it hiele ferhaal neat oan wie.)

Ynjuny2011 naam Eggers diel oan inreklamekampanje fanbistebeskermingsorganisaasjePETA, wêrfoar't se in tal foto's fan harsels meitsje liet. Dat se o sa mei it lot fanbisten begien is, hat him ek utere yn it feit dat Eggers yn itbestjoer sitten hat fan 'e Deenske bistebeskermingsorganisaasjesOASA enDyreværnet.

Yn2012 wie Eggers te sjen yn itTLC-programmaPå Egen Krop. Dêrfoar gie se tsienwiken yn training, wêrnei't se dielnaam oan inbodybuildingwedstryd. Nei ôfrin fan it programma folge se inoplieding tafitnessynstruktrise, persoanlik trainer endiëtiste. Anno2019 is se eigneresse fan twafitness-sintra yn inwelnessresort ynHornbæk en inhotel ynKopenhagen. Ek driuwt se asselsstannige sûnder personiel itbedriuw HOB, dêr't se har benammen mei taleit ope-kommersje en demarketing fan in ferskaat oan produkten. Fierders hâldt se in eigenbloch by.

Priveelibben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fan1998 ôf hie Eggers twa en in heal jier lang inrelaasje meimuzikantSøren Rasted fan 'e bekendepopgroepAqua. Fan2005 oant2008 hie se in relaasje meifuotballerThomas Gravesen, mei wa't segearwenne ynSkotlân.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Kira Eggers isblank, meigrieneeagen enbrún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en in natuerlikecupmaat 34D. Se hat gjintatoeaazjes en útsein de wenstige gatsjes troch deearlellen hat se likeminpiercings.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——,"Seksbom Oranje-spelers in 2001" ruziet met escortservice, yn itAlgemeen Dagblad, 9 febrewaris 2011.

Haadboarnen:


Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder:Referencer, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kira_Eggers&oldid=1166852"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp