It haadeilân is La Grande Terrem, dat earder bekend stie as Désolation en dat omfieme wurdt troch likernôch 300 lytsere eilannen. De groep makket diel út fan 'eFrânske Súdlike Gebieten (Frânsk:Terres australes et antarctiques françaises). De eilannen foarmje, tegearre mei deAustralyskeHeard en de McDonaldeilannen, de toppen fan it foar in grut part ûnder wetter lizzende Kerguelenplato. Dat is in minikontinent fan likernôch in tredde fan Austraalje dat tweintich miljoen jier lyn ûnder wetter ûntstie.
De Kerguelen mei rjochtsûnder Kerguelenkoal.
Op 'e eilannen binne oerbliuwsels fan ferstiend bosk fûn, dat fan njoggentich miljoen jier lyn datearret. It heechste punt fan 'e Kerguelen is de Mont Ross (1.850 m) yn it Galliéni-massyf.
De Kergueleneilannen ha in seeklimaat. Temperatueren fariearje it hiele jier troch net in soad mei in gemiddelde fan 4,5 °C. Der is oerfloedich en faak delslach, mei sawol rein as snie it hiele jier troch. Der stiet hast altiten in stûfe westlike wyn.
Op it haadeilân libjelytse iishinnen,pinguïns,albatrossen enseeoaljefanten, mar ek ferwyldere katten, dy 't it neiteam foarmje fan skipskatten, en yn 1954 yntrodusearrerindieren. Fanwegen de konstante wyn binne der gjin fleanende ynsekten op it eilân.
Eartiids brûkten walfiskfarders Kerguelenkoal, dy't op 'e eilannen groeit, tsjinskuorbot.