Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kentucky

Ut Wikipedy
Commonwealth of Kentucky
Vlag van KentuckyZegel van Kentucky
OfkoartingKY
HaadstêdFrankfort
Tiidsône-5 / -6
Algemien
Oerflakte104.749
Befolking4.145.922
Oare ynformaasje
Tatreden1 juny1792
Oantal countys120

Kentucky is in steat fan deFeriene Steaten fan Amearika. De haadstêd isFrankfort.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Eartiids waard it gebiet befolke trochYndianestammen. De namme is ôflaat fan it YndiaanskeKen-tah-teh, dat "lân fan moarn" betsjut.

Ynearsten makke it diel út fan de steatFirginia. Tusken1784 en1792 waarden in tsiental offisjele gearkomsten yn it plakDanville dat ta in akkoard late, wêrnei't de steat op1 juny1792 de 15e steat fan de Feriene Steaten wurde soe.

Op20 maaie1861 ferklearre Kentucky him neutraal yn it konflikt dat tusken de Amerikaanske steaten ûntstie en dat bekend stiet as deAmerikaanske Boargeroarloch, mar al gau keas it de side fan de Uny.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De steat Kentucky is 104.749 km² grut. It westlik part fan de steat leit yn deSintraltiidsône, it eastlik part ynEastlik tiidsône.

Kentucky grinzet yn it noarden oan de steatenIllinois,Indiana enOhio, yn it westen oanMissoery, yn it easten oanWest Firginia enFirginia en yn it suden oanTennessee.

De wichtichtste rivieren binne deOhio, dy't alhiel de noardgrins foarmet, en deMississippy, dat suver eksakt de westgrins foarmet. Yn Kentucky lizze in protte grutte en lytse marren, bygelyks Kentucky Lake, Lake Barkley en Lake Cumberland.

It suden is nochal heuveleftich mei deBlack Mountain (1262 meter) as heechste pyk.

Kentucky is ek ferneamd troch syn prottegrotten. De ferneamdste is de tige grutteMammoth Cave.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama •Alaska •Arizona •Arkansas •Delaware •Fermont •Firginia •Floarida •Georgia •Hawaï •Idaho •Illinois •Indiana •Iowa •Kalifornje •Kansas •Kentucky •Kolorado •Konettikut •Louisiana •Maine •Marylân •Massachusetts •Michigan •Minnesota •Mississippy •Missoery •Montana •Nebraska •Nevada •Nij-Hampshire •New York •Nij-Jersey •Nij-Meksiko •Noard-Dakota •Noard-Karolina •Ohio •Oklahoma •Oregon •Pennsylvania •Rhode Island •Súd-Dakota •Súd-Karolina •Teksas •Tennessee •Utah •Washington •West-Firginia •Wyoming •Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen •Amerikaansk-Samoä •Gûam •Noardlike Marianen •Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kentucky&oldid=1149986"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp