Kent is ingreefskip (county) yn deIngelske regioSúdeast-Ingelân, dat nei alle gedachten yn 'e earste helte fan 'e10e iuw oprjochte is. It telt 1.406.600 ynwenners (2008) en it oerflak is 3544 km2. De haadstêd isMaidstone.
It lânskip is heuvelich en út reden fan syn skientme wurdt Kent wol 'de tún fan Ingelân' neamd. In grut part fan it lânskip wurdt foarme troch de kalkrêch deNorth Downs, dy't yn it easten útrint yn de ferneamde krytrotsen fan Dover.
Troch it útwreidzhen fan deagglomeraasjeLonden is it noardwesten fan it greefskip tige ferstedske en it ynwennertal tanaam.
Yn de ieremidsiuwen wie itKeninkryk Kent in steat fan deJuten, ien fan de sân riken dy't wol dkend binne as deheptargy. De namme is fermoedlik ôflaat fan deKentii, inKeltyske stam dy't yn dit gebiet tahâlde.
Kent's lizzing tusken Londen enthe continent hat makke dat it yn de frontliny lei by ferskillende konflikten, foar it lêst wie dat yn deTwadde Wrâldkriich doe't deSlach om Ingelân boppe Kent útfjochte waard.
Kent leit fan alle Ingelske greefskippen it tichtst by it Europeeske fêstelân en dêrom komme der ferskate feartsjinsten oan, benammen yn it ditriktDover. Ek de Ingelske tagong ta deKanaaltunnelis yn Kent, by Folkestone.