Kenneth Turan | ||
![]() | ||
Kenneth Turan, 2014 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kenneth Turan | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 27 oktober1946 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | filmkritikus,publisist | |
jierren aktyf | ±1970 – no | |
offisjele webside | ||
Kenneth Turan opTwitter |
Kenneth Turan (útspr. [təˈɹæn], likernôch: "tuh-ren;New York,27 oktober1946) is in foaroansteandAmerikaansksjoernalist,filmkritikus,filmhistoarikus,publisist enradiopresintator.
Turan waard yn1946berne yn 'eNew YorkskeboroughBrooklyn, dêr't eropgroeide yn inreligieusjoadsk fermidden. Nei't er itfuortset ûnderwiis ôfrûne hie,studearre er oan itSwarthmore Kolleezje, dêr't er inbachelorgraad behelle. Neitiid learde er fierder oan 'eColumbia Universiteit, dêr't er ôfstudearre mei inmastertitel ynsjoernalistyk.
Turan sette synkarriêre útein as algemiensjoernalist foar dekranteThe Washington Post ynWashington, D.C. Letter wurke er asfilmkritikus foarThe Progressive, intydskrift dat publisearre waard ynMadison (Wisconsin). Yn1991 waard er haadfilmkritikus by deLos Angeles Times ynLos Angeles. Yn dy funksje krige Turan syn grutste bekendheid. Hy wie yn1997 behelle yn in yn 'e Amerikaanskemedia útfochtenfete meiregisseurJames Cameron nei't er in negativeresinsje skreaun hie fan dy synfilmTitanic. Op25 maart2020 kundige Turan oan dat er meipinsjoen soe.
Njonken syn wurk foar deskriuwende parse presintearre Turan ek jierrenlang in filmrubryk foar itradioprogrammaMorning Edition fanNPR. Op 'e pleatslikeradiostjoerder KUSC ynLos Angeles rjochte er it programmaArts Alive op. Turan siet ek yn 'erie fan tafersjoch fan itJiddysk Boekesintrum (YBC). Hy publisearre fierders ferskatenon-fiksjeboeken oer defilmyndustry en defilmskiednis. Ek wied er asdosint ferbûn oan it profesjoneel skriuwersprogram fan 'eUniversiteit fan Súdlik Kalifornje (USC).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |