ItKeninkryk Hollân (Nederlânsk:Koninkrijk Holland, yn de doetiidske stavering:Koningrijk Holland) wie in Frânskefazalsteat dy't fan5 juny1806 oant9 july1810 bestie.It waard yn it westen en noarden begrinzge troch deNoardsee, yn it easten troch deRynbûn en yn it suden troch itFrânske Keizerryk.
Hoewol't Napoleon syn broer op it hert drukt hie fral Frânsman te bliuwen, profilearre Loadewyk Napoleon him as in tige 'Hollânske' kening, dy't mei tsjinsin neidielige Frânske maatregels sa as detsjinstplicht en itKontinintaal stelsel útfierde. Ek de plannen om skuldeaskers fan de steat in grut part fan de rinte fan de steatsskuld ôf te nimmen wie er it net mei iens (in part fan dy rinte waard brûkt foar it ûnderhâld fan earme- en weeshuzen). Loadewyk besocht yn de geunst by de Nederlânske befolking te kommen en dat noaske syn broer net.
Yn1809 barde der opWalcheren inIngelske ynvaazje. Hoewol't dy oanfal troch Frânske en Nederlânske troepen ôfslein waard, rekke Loadewyk's posysje as foarst dêr wol fierder troch oantaasd; Napoleon wie fan betinken dat it ferset net hurd genôch op gong kaam wie.
Napoleon wie ûntefreden oar it fuksjonearjen fan Loadewyk Napoleon as kening fan Hollân. De troch Loadewyk Napoleon ynsteldeOarder fan de Uny mocht bygelyks net droegen wurde yn de rûnte fan de keizer. Yn de winter fan1809 kaam de ein fan it keninkryk al yn sicht. Fanwege keizerlikdekreet waard maart1810 earst it suden ûnder Frânsk bestjoer brocht, in tal moannen letter folge it oerbliuwende part fan it eardere keninkryk Hollân. Loadewyk hie hope dat mei it oerjaan fan de troan de Nederlânske selsstannigens bewarre bliuwe koe. Hy waard op1 july opfolge troch syn soantsjeNapoleon Loadewyk, dy't formeel kening Loadewyk II waard. Napoleon negearre dit beslút lykwols en anneksearre Nederlân inkelde wiken letter, op13 july.
Nei de stifting fan it keninkryk Hollân yn1806 waard by wet fan 13 april 1807 de departemintale yndieling fan it ryk op 'en nij fêststeld. De meast wichtige feroaring wie it ferpartsjen fan it departemintHollân yn de departeminten Amstelland en Maaslân en de splitsing fan it nije departemint Drinte fan it departemint Oerisel. Itdepartemint Bataafsk Brabân krige in nije namme,Brabân en itdepartemint Stêd en Lannen fan Grinslân waardGrinslân. Fierder waard besletten dat deMaas de noardgrins fan Brabân foarmje soe.
It keninkryk hie yn it earstoan tsien departeminten:
Yn deFjirde Koalysjeoarloch waarden itPrusyskeEast-Fryslân en it RussyskeJeverlân troch Frânske en Nederlânske troepen ferovere. Yn1807 waarden de beide gebieten gearbrocht yn it nije departemintEast-Fryslân dat in part fan it Keninkryk Hollân waard. Doe wiene der alve departeminten.
Limburch enSiuwsk-Flaanderen wienen gjin part fan it keninkryk, mar waarden taheakke oan departeminten fan de eardere Sudlike Nederlannen en foelen sa streekrjocht ûnder Frânsk bestjoer. Yn desimber 1807 kaamFlissingen ek ûnder Frânsk bestjoer, yn desimber1809 folgeWalcheren. Op16 maart1810 waard it gebiet besuden deWaal enMerwede troch Frankryk ynlive en in stikmannich moannen letter it oerbliuwend diel fan it keninkryk.[1]
It stiftsjen fan it Keninkryk Hollân betsjutte de ein fan it Bataafsk Mienebest.
Loadewyk makke yn1808Amsterdam ta haadstêd yn it plak fanDe Haach. Hy sette him nei wenjen yn itPaleis op de Dam, doe noch stêdhûs fan Amsterdam. Dit is ek nei1813 sa bleaun, sadat Amsterdam noch hieltyd de haadstêd fan Nederlân is.
Loadewyk hat fierders besocht de Nederlânske keunsten en wittenskippen te befoarderjen. Sa stifte er it Keninklik Ynstitút fan Wittenskippen (de lettereKeninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen) en deKeninklike Bibleteek. Teffens joech er de oanset ta de oprjochting fan itRyksmuseum, dat yn it begjin húsmanje mocht yn it Paleis op de Daam. Foar deRoomsk-Katoliken dy't in eigen tsjerke bouwe woenen hie er fûnzen yn it foarútsjoch.