Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kening

Ut Wikipedy
Dizze side giet oerde foarstlike titel kening. Foar oare betsjuttings, sjoch:kening (betsjuttingsside).

Kening is neikeizer de heechstefoarstliketitel. Mei dizze titel wurdt it (manlike) steatshaad fan in keninkryk oantsjutten. Itfroulike ekwifalint fan de titel iskeninginne, mar dat is ek oantsjutting foar deoarehelte fan in kening. Desoan fan in kening is inprins en syndochter is inprinsesse. De opfolger fan in kening is dekroanprins. Ofhinklik fan de definysje faneallju kin de kening de heechste ealman yn in lân wêze, of dejinge dy't sizzenskip oer alle eallju hat.

Oarsprong

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Histoarysk hienen deGermaanske keningen de kombinearre funksje fan foarsitter by folksgearkomsten, hegepryster by offers en militêr lieder by kriich. Nei alle gedachten hat dit ea in net-erflike funksje west, mar yn histoaryske tiden wie de titel erflik, al moast it folk de opfolging al goedkarre. De heechste hearskers yn oare kultueren hienen net krekt deselde funksjes, mar hja wurde oan de keningen lyksteld.

Nederlân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Iere keningen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn Nederlân ûntwikkele harren yn de6e iuw yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet stadich oan in keningskip by de it folk fan deFriezen. Krekt as yn deAngelsaksyske wrâld bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden mei elts in eigen politike lieder as kening. De earste keningen moatte derom foaral beskôge wurden as kriichshearen, waans kant tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstân biede te kinnen oan driging fan oare folken.

It Fryske keninkryk krige yn de rin fan de7e iuw hieltyd mear stal. De keningen wienen suksesfol yn de kriich en wreide harren gebiet fierder út nei it suden. Sy wienen machtich en ryk en ûnder keningRedbad soe itFryske ryk har grutste útwreiding krije. Nei dizze kening soe it stadich oan oermastere wurde troch deFranken.Karel de Grutte makke der yn772 in ein oan, doe't er it gebiet fan de Friezen eastlik fan deLauwers by itFrankyske ryk foege.

Keninkryk fan de Nederlannen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De titel fan kening bestie ynNederlân op 'e nij sûnt1815. Yn1813 waard desoevereiniteit opdroegen oan Willem Frederik,Prins fanOranje-Nassau. Hy wie doe Soeverein Foarst Willem VI, mar nei de feriening meiBelgje op itKongres fan Wenen waard er yn1815 nei in muoisume lobby oerhelle de titel 'Kening' oan te nimmen. Hjirmei waard er KeningWillem I fan Nederlân.

Nederlân wurdt al sûnt mear as 100 jier regeard troch in keninginne, omdat de âldsten yn de direkte line al trije kear froulju wiene. Yn de Nederlânske grûnwet komt de termKeninginne foar in regearjende foarst lykwols net foar, dat formeel binne hja kening. Om dizze reden is de man fan de keninginne deprins-gemaal; hy kin gjinkening wêze want dat is de titel fan syn frou. Oarsom wurdt de frou fan in manlike kening alkeninginne neamd.

De NederlânskeKeningskroan waard yn1816 fêststeld by Keninklik Beslút of kabinetsoarder (24.6.1816 nr. 77). Oars as by it ynstallearjen fan de measte oare foarsten, wurdt de Nederlânske kening net kroane mei de kroan. Ommers, yn itPlakkaat fan Ferlating hawwe de Nederlannen steld dat de kening it folk tsjinnet; dêrby past net in ynhuldiging wêrby de kening troch de kroaning boppe it folk pleatst wurdt.

Jeropeeske keninkriken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Troch de tiid hinne hat Jeropa ferskate keninkriken kend; guon binne ferdwûn troch ferovering, oare troch fúzje en wer oaren troch revolúsje.

Hjoeddeiske keninkriken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hjoed de dei hat Jeropa de neikommende keninkriken:

Eardere keninkriken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hjoed de dei hat Jeropa de neikommende lannen dit earder keninkriken wienen:

Jeropeeske keninkriken út eardere perioades

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it ferline wienen der yn Jeropa de neikommende keninkriken dy't no net mear as lannen besteane. Guon dêrfan binne:

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kening&oldid=1070952"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp