Kef Bir is infiktyfhimellichem út 'eStar Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'efilmStar Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it ôfslutende diel fan 'eStar Wars-ferfolchtrilogy. It is inmoanne fan 'egasreusTana en as sadanich in 'sustermoanne' fanEndor. Kef Bir makket diel út fan itplanetestelsel dat ek Endor hjir, yn 'e Bûtenrâne fan itStjerrestelsel. De moanne hat indiameter fan 3.725 km en in oerflak dat benammen bestiet útoseaan. Kef Bir wurdt dêrom ek wol de Oseaanmoanne fan Endor neamd. Denamme Kef Bir komt út 'etaal fan 'eEwoks, de lânseigenbûtenierdske wêzens op Endor, foar wa't Kef Bir in helderestjer oan it himel wie.
De grutste oseaan op Kef Bir is de Kef Sur-oseaan. Foarhinne stie de moanne hast hielendal splis, op ferskatearsjipellen fangerzigeeilannen nei, lykas de Angkuadi-eilannen. Mar ferskate kataklysmyske foarfallen soargen der inkeledesennia lyn foar dat derwetter ôfjûn waard út 'eatmosfear oan 'eromte, sadat de wetterstân ferlege waard. Tagelyk soargen deselde barrens foartektoanyske opheffing fan 'eierdkoarst, sadat der almar mear lân drûch kaam te lizzen. (De oarsaak fan dy foarfallen wie nei alle gedachten itdelstoarten fan 'e reuseftige wrakstikken fan 'etwadde Deadsstjer op Kef Bir, nei't datmassaferneatigingswapen troch itRebelleferbûn yn 'eSlach by Endor ferneatige wie.) Sa ûntstie in lânmassa dy't grutternôch is om inkontinint neamd te wurden, Shuduah. Troch deswiertekrêft dy't op 'e oseänen op Kef Bir útoefene wurdt troch Tana, kinne deweagen byfloed sels sûnderstoarm in hichte fan 120 m berikke. Hoewol't him op Kef Bir in lânseigen, tsjinsâlt bestindigefloara enfauna ûntjûn hat, ûntbrekt op 'e moanne in eigen soarte fanyntelliginte wêzens.
YnStar Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker ûntdekt in team fan itFerset, besteande útPoe Dameron,Finn,Rey, deWookieeChewbacca en derobotsBB-8,C-3PO enD-O dat de twadde (en lêste) 'weifiner' op Kef Bir is. De weifiner is inapparaat dat it paad wiist nei de ferburgenSith-wrâldExegol, dêr't deboasaardige,út 'e dea opstienekeizerPalpatine in reuseftigefloatstjerreslachskippen bouwe litten hat troch de grizelige, oan him wijdekultus fan 'eIvige Sith. Dêrmei bedriget er it hieleStjerrestelsel. Itromteskip fan it team, deMillennium Falcon, rekket skansearre by de lâning op Kef Bir, en moat reparearre wurde. De weifiner blykt yn ien fan 'e reuseftige wrakstikken te sitten, dat deun foar dekust ynsee leit.
Mei't deMillennium Falcon net daliks wer fleane kin en de tiid driuwt, weaget Rey har libben troch de ûnbidich hege weagen yn in lyts boatsje te trotsearjen. Yn it wrakstik fynt hja yndie de weifiner, mar deSith-ridderKylo Ren set synTIE-jager boppe-op it wrakstik del, makket Rey de weifiner ôfhandich en fernielt dy. By induël mei deljochtsabels wit Rey Kylo te ferslaan, wêrnei't se syn tastel stelt, dêr't syn eigen weifiner yn sit. Underwilens komme Finn en de oaren by deMillennium Falcon yn 'e kunde mei in fjirtichtal oporbaks ridendeminsken, oanfierd troch in jongefrou dy'tJannah hjit. Dyselden blike indesertearre ienheidstoarmtroepers fan 'efaksistoïdeEarste Oarder te wêzen. De ienheid,Kompanjy 77, jout him neitiid by it Ferset.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
planeten útStar Wars | |
---|---|
Ahch-To •Alderaan •Bespin •Cantonica •Cereä •Champala •Christophsis •Corellia •Coruscant •Crait •Dagobah •Dathomir •Dorin •D'Qar •Eadu •Endor •Exegol •Geonosis •Glee Anselm •Hoth •Iktotch •Iktotchon •Iridonia •Jakku •Jedha •Kalee •Kamino •Kashyyyk •Kef Bir •Kessel •Kijimi •Lah'mu •Lannik •Malastare •Mandalore •Mimban •Mirial •Mon Cala •Mustafar •Naboo •Nal Hutta •Nar Shaddaa •Neimoïdia •Pasaana •Quermia •Ryloth •Savareen •Scarif •Shili •Takodana •Tana •Tatooine •Thisspias •Tholoth •Toydaria •Utapau •Vandor •Yavin |