Kaufbeuren krige yn 1286 fan 'e Roomsk-Dútske keningRudolf I de status fanfrije ryksstêd. Yn 1377 waard de stêd belegere troch hartoch Friedrich von Teck en yn 1388 troch deBeierske hartoggen, mar dy belegeringen wiene om 'e nocht. Yn 'e jierren 1482-1484, 1521 en 1627-1629 hie de stêd ûnder depest te lijen. De lêste pestepidemy wie it slimste en doe ferlear de stêd likernôch twatredde fan syn ynwenners.
Under de gemeente Kaufbeuren hearre de njoggenOrtsteile Kaufbeuren (kearnstêd), Neugablonz, Oberbeuren, Hirschzell, Kleinkemnat, Großkemnat, Märzisried, Ölmühlhang en Sankt Cosmas. De eartiidske selsstannige doarpen Oberbeuren, Hirschzell, Kleinkemnat en Großkemnat hawwe noch altiten in doarpsk karakter.
De Blasiustsjerke (St.-Blasius-Kirche) waard as kapel oan 'e noardwestlike kant fan 'e stêd op 'e âlde stedsmuorre boud. De kapel waard yn 'e 15e iuw in tsjerke, wêrby't de oarspronklike wargong yntegrearre waard yn it tsjerkeskip. Yn 'e tsjerke stiet in belangryk let goatysk alter út 1518. De bylden binnen âlder en stamme fan in âlderretabel.
Njonken de Blasiustoer binne oare resten fan 'e stedsmuorren deSywollenturm (14e-15e iuw), deHexenturm (1420) en deFünfknopfturm (1420). Tusken de Blasiustsjerke en de Fünfknopfturm is noch in goed 200 m lang stik fan 'e stedsmuorre bewarre bleaun. De muorre waard om 1200 hinne boud en 200 jier letter mei in wargong ferhege.
De protestantske stedsparochytsjerke fan 'e Trijefâldichheid (Dreifaltigkeitskirche) giet werom op in 14e-iuwsk wenhûs, dat yn 'e 17e iuw ferboud en útwreide waard ta tsjerke. * De Sint-Martinustsjerke (St. Martinskirche) is in 15e-iuwske roomske parochytsjerke.
De Sint-Dominikustsjerke is in eardere spitaaltsjerke en de âldste tsjerke fan Kaufbeuren. De Dominikustsjerke fertsjintwurdiget in mingeling fan romaanske, goatyske en barokke arsjitektuer.
De 14e-iuwske tsjerke fan 'e Fransiskanessen wurdt tsjintwurdich it Kresentsiakleaster (Crescentiakloster) neamd.
De Kosmas- en Damianustsjerke (St. Cosmas und Damian) út 1494 is in beafeartstsjerke yn it Ortsteil Oberbeuren.
In pear kilometer noardwest fan Kaufbeuren leit de eardere rykabdij Irsee.