Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Roomsk-Katolike Tsjerke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanKatolike)

DeRoomsk-Katolike Tsjerke, meastalde Roomske Tsjerke, oprjochte yn 'e rin fan 'e1e iuw, is de grutste leauwensrjochting yn itKristendom. DeHillige Sit, dat wol sizze dePaus, it steatsekretariaat, de pauslike kongregaasjes en de pauslike rieden, is it haad fan de steatsrjochtlike takke fan Fatikaanstêd. Neffens it Roomske leauwen is de Paus, dy't sit hat ynFatikaanstêd, de plakferfanger fanJezus Kristus op ierde en syn útspraken wurde as ûnfeilber beskôge.

DeSint Pitertsjerke is it middelpunt fanFatikaanstêd.

As ynstitút en organisaasje is de Roomske Tsjerke unyk. It is de âldste organisaasje fan 'e wrâld dy't sûnder ûnderbrekkings funksjonearre hat, sûnt de1e iuw, en is it iennichste ynstitút fan itRomeinske Ryk dat likernôch sûnder feroarings fuortbestiet oant de tsjintwurdige tiid. Itargyf en debiblioteek fan itFatikaan binne allyksa de âldste yn 'e wrâld.

De Roomske Tsjerke hat as ynstitút sûnt de3e iuw in wichtige rol spile yn deskiednis fanJeropa en yn dy fan de rest fan de wrâld. Benammen yn deMidsiuwen en de iuwen fuort dêrnei hawwe der út namme fan de Roomske Tsjerke en de paus in soad oarloggen west, wêrûnder deKrústochten.Misjonarissen út de rike lannen fan it westen waarden nei earme koloanjes stjoerd om dêr te preekjen en om de pleatslike bewenners ta it Roomske leauwen te bekearen.

Yn 'e hiele wrâld binne mear as 900 miljoen oanhingers fan it Roomske leauwen. Likernôch de helte dêrfan wennet yn deTredde Wrâld. Dêrby is der likernôch ienpryster op alle 1.400 Roomsken.

Struktuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De organisaasje fan de Tsjerke is it resultaat fan in iuwenlange evolúsje: De tsjerke ken in strakke organisaasjestruktuer, mei fertikale en horizontale assen, in tsjerke organisearre yn krúsfoarm.

  • Fertikaal: fan paus oant leauwige leek; en
  • Horizontaal: op ferskate hichten bestiet in oantal - al as net - formele ynstellingen njonken inoar.

De Tsjerke ken har eigen rjochtbanken dy't basearre binne op it kanonike rjocht. De Tsjerke is gjin demokrasy en der is ek gjin skieding tusken de wetjouwende, útfierende en kontrolearjende macht. Alle macht is konsintrearre yn it amt fan de paus.

Der moat ûnderskied makke wurde tusken de paus as polityk steatshaad fan it Fatikaan, dat net folle om it liif hat, en as religieus lieder wêr't de paus wrâldwiid tige ynfloedryk is.

Fan paus oant leauwige (Fertikale struktuer)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De paus regeart allinnich, hoewol't syn macht ynformeel beheind wurdt. Dat docht er troch dekreten en rjochtlinen. De grutte linen en prinsipes wurde werjûn inensykliken,apostolyske ekshortaasjes en in protte oare dokuminten. Dizze wurde yn it Latyn publisearre en krije in namme dy't begjinne mei de earste wurden dêrfan. Sa hândelt de ensyklyk "Rerum Novarum" ('oer nije saken') de spesjale lear fan de Tsjerke en de ensyklyk "Humanae Vitae" ('oer it minsklik libben') de hâlding fan de Tsjerke meiantykonsepsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Roomsk-Katolike_Tsjerke&oldid=1000554"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp