Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Katedraal fan Westminster

Ut Wikipedy
Katedraal fan Westminster
De katedraal yn 2022.
De katedraal yn 2022.
Lokaasje
plakLondon, SW1
adresFrancis Street, Westminster
koördinaten51° 29' N 0° 8' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomWestminster
patroanhilligeHillich Bloed fan Jezus Kristus
Arsjitektuer
arsjitektJohn Francis Bentley
boujier1895-1903
boustylpseudo-byzantynske styl
Webside
westminstercathedral.org.uk
Kaart
Katedraal fan Westminster (Grut-Londen)
Katedraal fan Westminster

DeKatedraal fan Westminster (Ingelsk:Westminster Cathedral - offisjeel:Roman Catholic Metropolitan Cathedral Dedicated To The Most Precious Blood Of Our Lord Jesus Christ) is dekatedraal fan 'ekatoliketsjerkeprovinsjeWestminster en de sit fan itaartsbisdom Westminster. De katedraal is it grutste katolike tsjerkegebou fanIngelân enWales.

Ein19e iuw wie de emansipaasje fan 'e Katolike Tsjerke yn Ingelân en Wales fotôge. It plan foar de bou fan de katedraal waard makke ta oantins fan aartsbiskopNicholas Wiseman (aartsbiskop fan Westminster fan1850 oant1865). Mei de bou fan de katedraal - in ûntwerp fanJohn Francis Bentley - waard nei twa mislearre pogings yn 1867 (ûnder arsjitekt Henry Clutton) en 1892 (arsjitekt Baron von Herstel), útein set yn1895 en yn1903 wie it gebou klear. De tsjerke is ynpseudo-byzantynske styl oplutsen, mei fjouwer efter elkoar pleatste koepels boppe de middenbeuk en in frijsteandeklokketoer. Yn it ynterieur rinne fral demozaïken yn it each, dy't lykwols noch altyd net foltôge binne om reden fan finânsjen; it lêste jildt ek foar de moarmeren beklaaiïng fan de muorren.

Yn de katedraal binne in tal aartsbiskoppen fan Westminster beïerdige, ûnder oarenJohn Carmel Heenan enBasil Hume.

  • Skip. It moarmer soe neffens it oarspronklik ûntwerp de hiele muorre en it ferwulft beklaaie moatte
    Skip. It moarmer soe neffens it oarspronklik ûntwerp de hiele muorre en it ferwulft beklaaie moatte
  • Detail plafond
    Detail plafond
  • Lady Chapel
    Lady Chapel
  • Preekstoel
    Preekstoel
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Katedraal_fan_Westminster&oldid=1144310"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp