| Ferlosser en Marijekatedraal Cathedral and Collegiate Church of St. Saviour and St. Mary Overie | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Londen SE1 | |
| koördinaten | 51°30' N 0°5' W | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| bisdom | Southwark | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1220-1897 | |
| boustyl | gotyk,neogotyk | |
| monumintale status | Grade I listed building | |
| Webside | ||
| cathedral.southwark.anglican.org | ||
| Kaart | ||
DeKatedraal fan Southwark (Ingelsk:Cathedral and Collegiate Church of St. Saviour and St. Mary Overie) is inAnglikaansk tsjerkegebou oan 'e súdlike kant fan 'eTeems yn itLondenske stedsdielSouthwark. De yngoatyske styl boude katedraal datearret foar in wichtich part út de jierren 1220-1420. Sûnt 1905 hat de tsjerke de funksje fankatedraal.
Al yn itDomesday Book út it jier1086 wurdt der ferwiisd nei de tsjerke. Oft op dit plak ek al yn it jier 606 in kleaster stien hat, bliuwt lykwols in kwestje fan strideraasje.
By de grutte stedsbrân fan 1212 en oan 'e ein fan 'e 14e iuw baarnde de tsjerke ôf.
Yn it regear fan keninginneMarije waarden yn itkoer prosessen tsjinketters holden. Yn jannewaris 1555 waarden dêr seis hege geastliken, wêrûnder de biskop fan Gloucester, ta de dea feroardiele.
Yn it bouwurk fûnen de skriuwers John Gower en John Fletcher harren lêste rêstplak. It ferneamde panorama "Long View of London from Bankside" fan de etserWenceslaus Hollar út 1638 waard fanút de toer fan de tsjerke tekene. Fan1890 oant1897 waard itskip fan 'e katedraal folslein werboud.
De katedraal stiet yn in gebiet, dat yn 'eTwadde Wrâldkriich swier te lijen hân hat ûnder de Dútske bombardeminten. Op 20 febrewaris 1941 waard de katedraal rekke en skansearre troch in bom. Skea fan granaatskerven is noch jimmeroan oan 'e bûtenmorren te sjen.
It oargel fan 'e katedraal waard yn 1897 troch de oargelmakker T.C. Lewis (Brixton, Londen) mei elektropneumatyske traktueren boud. Deoargelkas is in ûntwerp fan 'e ferneamde Fiktoariaanske arsjitekt Arthur Blomfield. Nei in yngripende feroaring waard it instrumint yn 1986 en 1991 yn 'e oarspronklike steat werombrocht.
Tsjintwurdich hat it oargel 61 registers, ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektropneumatysk.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryKatedraal fan Southwark fanWikimedia Commons. |