Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Katdieren

Ut Wikipedy
Katdieren
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift:katdieren (Feliformia)
Kretzoi, 1945

Dekatdieren ofkatfoarmigen (Latynske namme:Feliformia) foarmje inûnderskift fan 'eklasse fan 'esûchdieren (Mammalia) en itskift fan 'erôfdieren (Carnivora). Dit is mei dehûndieren (Caniformia) ien fan 'e beide subgroepen fan 'erôfdieren. Ta de katdieren wurde net inkeld dekateftigen rekkene, mar ek desivetkatten,hyena's,mangoesten en ferskate minder bekende groepen bisten. De ferdieling fan 'e rôfdieren yn 'e katdieren en de hûndieren is yn 'emammalogy in rûnom akseptearre praktyk, al wurde de beide groepen soms gjinûnderskiften, marboppefamyljes neamd. De legere yndieling fan 'e katdieren is lykwols noch net alhiel útiten en is resint noch ferskate kearen oanpast.

De katdieren ûnderskiede har fan 'e hûndieren troch de foarm fan 'ebulla tympanica, in bolfoarmige romte dy't itmiddenear omfettet. By katdieren bestiet debulla tympanica út twa keamers, wylst er by hûndieren mar út ien romte bestiet. Op basis fan ditevolúsjonêre gegeven is fêststeld dat dehyena's, dy't uterlik mear fanhûneftigen wei hawwe, eins nauwer besibbe binne oan 'ekateftigen. Desoarten dy't ta de katdieren hearre, rinne yn grutte útinoar fan 'edwerchmangoeste (Helogale parvula), dy't 28 sm lang is en 350 g weaget, oant deSibearyske tiger (Panthera tigris altaica), mei in lingte fan 4 m (desturt ynbegrepen) en in gewicht fan 280 kg. Fan 'e sân libbenefamyljes binne fiif yn harfersprieding beheind taAfrika en/of dielen fanAazje. Dekateftigen komme op allewrâlddielen foar, útseinAntarktika enOseaanje.

Underskiftopbou

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryFeliformia fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Katdieren&oldid=906285"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp