Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Katalaansk

Ut Wikipedy
Katalaansk
algemien
eigen nammeCatalà
lânseigen ynSpanje,Andorra,Frankryk enItaalje
tal sprekkers12.000.000
skriftitLatynske alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
dialektenFalensiaansk
taalstatus
offisjele statusSpanje,
taalkoades
ISO 639-1ca
ISO 639-2cat
ISO 639-3cat
Strjitnamme yn Perpigan yn Frankryk

ItKatalaansk is inRomaanske taal. Dizze taal wurdt meast sprutsen ynSpanje,Andorra,Frankryk enItaalje. Katalaansk liket wol wat opSpaansk, mar it is mear besibbe oan itOksitaansk.

Yn Andorra, is it Katalaansk de offisjele taal. Yn Spanje wurdt it sprutsen ynKataloanje, op deBalearen en yn in part fanFalensia. It is yn dy gebieten in offisjele taal, lykas it Spaansk. Oer de grinzen fan dizze gebieten wurdt de taal ek noch sprutsen, mar dêr is dy net offisjeel. Yn Itaalje wurdt in âld dialekt fan it Katalaansk allinnich sprutsen ynAlgêro opSardynje, dêr't it ek in offisjele taal is, njonken itItaljaansk. Yn Frankryk wurdt it sprutsen ynRoussillon. It Katalaansk hat likernôch 12 miljoen sprekkers, foar it grutste part yn Spanje.

It Katalaansk is lykas oare Romaanske talen ûntstien út itLatyn, dat troch deRomeinen nei Spanje brocht is, en hat him dêr fierder ûntwikkele. Yn de15e,16e en17e iuw wie it Katalaansk ferbean, en yn de tiid fanFranco wie dat wer sa, mar op it stuit wurdt it lokaal mear brûkt as it Spaansk.

Yn Falensia wurdt dizze taalFalensiaansk neamd. Der binne lju dy't sels hawwe wolle dat it Falensiaansk in aparte taal is, mar it ferskil tusken dedialekten yn Falensia en yn Kataloanje is net grut. It is sels sa dat de ferskillen binnen Falensia grutter binne as de ferskillen tusken buordialekten binnen en bûten Falensia.

DeISO 639 taalkoades foar it Katalaansk binne "ca" en "cat". Om't itWikipedia-projekt meast, lykas wenst op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt deKatalaansk Wikipedy oantsjut mei de koade "ca:".

Katalaansk hjoeddeis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Katalaansk is opnij in sichtbere taal wurden dy't libbet. Kranten (avui,el Punt), trûbadoers mei as ferneamdsteLIuis LIach, in bloeiende popsêne. Om yn tsjinst te kommen fan de Katalaanske oerheid is it goed om de Katalaanske taal yn wurden en op skrift te behearskjen. It leger en middelber ûnderwiis binne folslein yn it Katalaansk en it Kastyljaansk wurdt as twadde taal jûn. Oan de universiteit yn Kataloanje wurdt yn it Katalaansk en ek yn itKastyljaansk enIngelsk lesjûn. De rjochtspraak is noch yn it Kastyljaansk, mar as de nijeEstatut (lokale grûnwet) goedkard wurdt dan moatte rjochters twatalich wêze. Yn Barselona is altyd mear Katalaansk te sjen en te hearren ynstee fan Kastyljaansk. YnPerpigan yn Frankryk is de oplibbing fan de taal wat foarsichtiger, mar dôchs binne alle strjitnammen dêr twatalich wurden. Fan febrewaris 2006 ôf hat de Katalaanske mienskip in eigendomeinnamme krigen:.cat.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Katalaansk&oldid=953399"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp