Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Spaansk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanKastyljaansk)
Spaansk
algemien
eigen nammeespañol, castellano
lânseigen ynSpanje,Argentynje,Bolivia,Dominikaanske Republyk,Ekwador,El Salvador,Ekwatoriaal-Guinee,Fenezuela,Gûatemala,Hondueras,Kolombia,Kosta Rika,Kuba,Meksiko,Nikaragua,Panama,Paraguay,Perû,Sily enOerûguay.
tal sprekkers400 - 500 miljoen
skriftitLatynske alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
dialekten?
taalstatus
offisjele statusSpanje,Argentynje,Bolivia,Dominikaanske Republyk,Ekwador,El Salvador,Ekwatoriaal-Guinee,Fenezuela,Gûatemala,Hondueras,Kolombia,Kosta Rika,Kuba,Meksiko,Nikaragua,Panama,Paraguay,Perû,Sily enOerûguay. EkJeropeeske Uny,Feriene Naasjes en deFeriene Steaten.
taalkoades
ISO 639-1es
ISO 639-2spa
ISO 639-3spa
   De mearderheid seit castellano
   De mearderheid seit español

Spaansk (Spaansk:español) ofKastiliäansk (castellano) is inRomaanske taal en is ien fan de meast sprutsen talen op 'e wrâld. Hjoed-de-dei is it Spaansk de offisjele taal fanSpanje, de measteSúd-Amerikaanske lannen en ekwatoriaal Guinee. Spaansk is ek ien fan de seis offisjele talen fan deFeriene Naasjes.

Meksiko is it grutste Spaansktalige lân en it is de grutste twadde taal yn 'eFeriene Steaten fan Amearika.

Namme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it Spaansk binne der twa nammen foar de taal dy’t synonym fan elkoar binne:español (Spaansk) encastellano (Kastiliaansk).

Oarsprong

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De nammecastellano hat syn oarsprong yn demidsiuwen, doe’t it de sprektaal wie fan itKeninkryk Kastylje (skriuwtaal wie itLatyn).

De oare namme,español (Spaansk), soe fan de midsiuwske Latynske oantsjuttingHispaniolus komme. Der besteane ferskate teoryen oer de ûntjouwing fan it wurdsjeHispaniolus troch de iuwen hinne.

Troch histoaryske en sosjaal-ekonomyske ûntwikkelingen koe it Kastiliaansk de grutste taal fan itIbearysk Skiereilân wurde. Der wurdt grute dat healwei de 16e iuw sa likernôch 80% fan de Spanjerts Kastiliaansk praten.[1]

Hjoeddeistich gebrûk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hjoed-de-dei wurdt de nammeespañol it measte brûkt, yn it foarste plak ynLatynsk-Amearika, mar ek ynSpanje.

Neffens offisjele ynstituten hat de nammeespañol de foarkar.[2] Yn it grutste part fan Súd-Amearika en yn de Spaanske regio’s, dêr’t in regionale taal of minderheidstaal praat wurdt, brûke se de nammecastellano faker om it Spaansk mei oan te tsjutten. Dat binne de gebietenKataloanje,Falensia en deBalearen, dêr’t se Katalaansk prate, itBaskelân dêr’t seBaskysk prate, enGalysje dêr’t seGalisysk prate. Yn de Spaanske Grûnwet fan 1978 wurdt it Spaansk meicastellano ynstee fanespañol oantsjutten.[3]

Neffens deReal Academia Española fertsjinnet de nammecastellano de foarkar om dêrmei de taal fan it midsiuwske Keninkryk Kastylje of it hjoeddeistige dialekt fan Kastylje oan te tsjutten.

Yn it Frysk wurdt de taal ornarisSpaansk neamd. Yn deFryske bewegersrûnten wurdt út ideologysk motyf it wurdsjeKastiliaansk (of de fariantKastiljaansk) brûkt, faak ek as teken fan ferbûnens mei de nasjonale minderheden fan Spanje.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Spaansk is ûntstean út itFulgêr Latynsk, de taal fan deRomeinen, dy't it Ibearyske skiereilân sa'n 700 jier ûnder har regear hiene. Under ynfloed fan itKeltibearysk,Baskysk,Fisigoatysk en letter troch de Moaren it Arabysk, hat de taal him út itLatynsk wei ûntjûn. Der binne grutte ferskillen lykas by it weifallen fan de Latynskenamfallen, sêftere bylûden (vita neivida) en it diftongearjen fan koarte lûden ("terra neitierra).

In side fanCantar de Mio Cid, yn it midsiuwske Spaansk.

It politike bewâld op it Ibearyske skiereilân en ferskillende substraten hawwe laat ta it ûntstean fan besibbe talen lykas itPortegeesk, itKatalaansk en itGalisysk dy't se hjoed-de-dei jit prate, en itMosarabysk, in taal oan it Spaansk besibbe en dat sprutsen waard troch Spaanske Kristenen dy't yn Islamityske kriten libben. De earste Spaanske teksten komme út 'e9e iuw. ItCantar de Mio Cid, fan de12e iuw, is ien fan de âldste lange teksten yn it Spaansk.

It earstewurdboek waard skreaun yn1492, it jier datKristoffel Kolumbus Amearika ûntduts, wie it útein setten fan it Spaansk as wrâldtaal. Sûnt dy tiid binne der twa ûntjouwingen fan wurdskat en útspraak, dy fan Súd-Amearika is wat oars as dy fan Spanje. Yn dat jier waarden ek deJoaden út Spanje wei reage, sadat it Joadske Spaansk, ek bekend asSefardysk, him as tredde fariant op it aljemint brocht.

Yn de17e iuw hie de taal in stikmannich klankferskowings dy't foar it meastepart net fan tapassing binne op it Súd-Amerikaanske Spaansk en it Sefardysk. Dêrfandinne stiet it Súd-Amerikaanske Spaansk tichter by it Spaansk fan 1492 as dat fan no. Yn1713 waard deReal Academia Española stifte, dêr't se binnen Spanje in taalienheid mei besochten te krijen. De grûnslach fan de hjoeddeiske standerttaal is in dialekt út 'e kriten fanToledo.

Utwreiding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

YnNoard-Amearika woeks it Spaansk sûnt de twadde helte fan de20e iuw. In protte flechtelingen fanKuba enMeksiko, en fanPorto Riko dat by deFeriene Steaten heart, hawwe har nei wenjen set yn 'e súdlike steaten fan de Feriene Steaten. Yn 'e Feriene Steaten hat it Spaansk yn guon fan de steaten ek politike erkenning.

Taalgebiet

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Spaansktalige lannen en regio's

Spaansk wurdt op it stuit (2015) troch sa'n 330-399 miljoen minsken as memmetaal praat en is dêrmei nei it Ingelsk de 'twadgrutste wrâldtaal'.[4][5][6] De measte Spaansktaligen wenje yn Súd- en Midden-Amearika en yn Spanje. DeFeriene Steaten hat 45 miljoen Spaansktaligen en dêrmei mear Spaanskpraters asSpanje enKolombia. Nei Meksiko hat de Feriene Steaten wrâldwiid alsa it heechste oanpart Spaansktaligen. Hoewol't it Spaansk yn net ien Amerikaanske dielsteat ta amtstaal ferheft is, leit it oanpart Spaansktaligen yn dielsteaten lykasNij Meksiko enKalifornje boppe de 30%. Oare lannen mei in protte Spaansktaligen binneBelize (> 40 % yn 't jier 2000)[7],Marokko (21,6 % yn 't jier 2005)[8],Westlike Sahara enTrinidad en Tobago. Neffens in stúdzje út 2015 fan Ethnologue is it Spaansk mei 399 memmetaalsprekkers nei itMandaryn de twadgrutste taal fan de wrâld.[9] YnBrazylje wurdt Spaansk fanwegen de lytse taalôfstân ta itPortugeesk goed begrepen, sels wannear't de meastee Brazyljanen de taal sels net prate. In protte Brazyljanen, foaral yn it grinsgebiet tuskenOerûguay en Brazylje, kinne Spaansktaligen ridlik ienfâldich begripe troch it gebrûk fan it Portugeesk-Spaanske mingtaaltsjePortuñol. Yn Portugal is sa'n selde sitewaasje mei indialektkontinuum.

Ynklusyf de twadde taalsprekkers leit it sprekkerstal (2014) tusken de 450[10] en 500 miljoen.[11][12] Dêrtroch nimt it Spaansk nei it Ingelsk, Mandaryn enHindy it fjirde plak fan meast sprutsen talen op 'e wrâld yn. Nei it Ingelsk is Spaansk de meast learde frjemde taal. As supranasjonale amts- en/of wurktaal spilet it Spaansk in rol yn deEuropeeske Uny,Afrikaanske Uny, yn de Organisaasje fan Amerikaanske Steaten, yn de mienskip fan Latynamerikaanske en Karibyske steaten enFeriene Naasjes.

Sibskip

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Spaansk is inRomaanske taal, dêr't deWest-Ibearyske taalkloft by heart. Dat binne benammen talen dy't op it Yberyske skiereilân praat wurde. Dy talen binne aardich te ferstean foar inoar. ItPortugeesk en it Spaansk hawwe wat grammatika en wurdskat in grut tal oerienkomsten. Der wurdt ek wol rûst dat dy talen foar 89% deselde wurdskat hawwe.

It Spaansk is ek besibbe oanRomaanske talen lykas itFrânsk,Italjaansk,Roemeensk en in stikmannich lytse talen.

Taalkoades

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De ISO 639 taalkoades foar it Spaansk binne "es" en "spa". Om't it Wikipedia-projekt meast, lykas winske op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Spaanske Wikipedy oantsjut mei de koade "es:".


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigenWikipedy. Sjoch deSpaanske ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Irene Lozano:Lenguas en guerra. Espasa Calpe, 2005, side 92.
  2. (sp) Real Academia Española,Diccionario de dudas, Español
  3. (sp)Spaanske grûnwet fan 1978, sjoch kêst 3, lid 1
  4. It begryp 'wrâldtaal' beheind him net ta sprekkerstal, mar slacht folle mear op de fersprieding bûten it autochtoane taalgebiet. Sineesk, Hindy en Bengaly hawwe mear memmetaalsprekkers, mar binne alsa gjin wrâldtalen.
  5. Statista. Stân 2014
  6. SPANISH: a language of Spain
  7. [1]
  8. Neffens ûndersyk út 2005 fan 'e CIDOB soe 21,6% fan de befolking Spaansk prate kinne (realinstitutoelcano.org,afapredesa.org)
  9. Ethnologue, 2013
  10. www.fundacionblu.org/noticias.htm
  11. http://www.elpais.com/articulo/cultura/espanol/segundo/idioma/estudia/mundo/Instituto/Cervantes/elpepucul/20070426elpepucul_8/Tes El español es el segundo idioma que más se estudia en el mundo, según el Instituto Cervantes
  12. terra.es: „La presencia del español en la Comunidad Europea y la expansión en Asia, retos inmediatos del Instituto Cervantes“
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Spaansk&oldid=1145812"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp