Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kastiel

Ut Wikipedy
ItKastiel fan Caerlaverock, ynSkotlân, fan boppe-ôf sjoen.

Inkastiel ofkasteel is in beskaat typefêstingwurk dat yn 'eMidsiuwen benammen ynJeropa en itHeine Easten in protte boud waard troch deadel. De beneaming komt fan itLatynskecastellum, inferlytsingsfoarm fancastrum, dat "fersterke plak" betsjut. Oer de krekte definysje fan it begryp 'kastiel' binne de saakkundigen it net alhiel iens, mar ornaris bedoelt men der infortifisearre priveewente fan inealman mei. Dêrfan útgeande moat in kastiel ûnderskaat wurde fan inpaleis, dat net fortifisearre is, fan infort, dat net (altyd) in wente is, en fan in fortifisearredelsetting, dy't boud waard foar inmienskip en net foar in priveepersoan. Nettsjinsteande dat kin ûnder de term 'kastiel' dochs noch in wiid ferskaat oanbouwurken beflapt wurde, fanhoutenheuvelforten oant ta ferdigening ynrjochtelânhuzen. Kastielen waarden oer in perioade fan likernôch 900 jier boud en namen yn dy tiid tige útinoar rinnende foarmen oan. Dêr kaam noch by dat der yn letter tiid noch imitaasjekastielen set waarden.Synonimen foar 'kastiel' binneboarch enslot. InFrânsk kastiel neamt men ek bûten Frankryk faakchâteau. In typyskFryske foarm fan it kastiel is destins.

ItKastiel fan Chambord, ynSintrum-Loiredelling (Frankryk).

Untwikkeling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It kastiel wurdt yn 'e regel as inJeropeeskeútfining beskôge, ek al waarden se ek yn inkele oare parten fan 'e wrâld boud, lykasJapan. Kastielen dêrwei sjogge der lykwols folslein oars út as Jeropeeske kastielen. Yn elts gefal fûn yn Jeropa it kastiel syn oarsprong yn 'enjoggende entsiende iuw, doe't nei de it útinoarfallen fan itFrankyske Ryk fan 'eKarolingen it grûngebiet dêrfan ferdield waard ûnder yndividuëleeallju. Dy begûnen doe eigenfêstingwurken te bouwen mei as doel om 'e krite om harren residinsje hinne te behearskjen.

ItHimeji-kastiel ynJapan. Wol in kastiel, mar mei in folslein oar foarkommen asJeropeeske kastielen.

Kastielen wiene doedestiden sawol definsive as offinsive bouwurken, mei't se net inkeld in feilich plak wiene dêr't men jin yn weromlûke koe, mar ek in útfalsbasis dêr't oanfallen wei útfierd wurde koene op it gebiet fan 'e fijân. Hoewol't yn ûndersyk nei kastielen faak de klam lein wurdt op 'emilitêre oarsprong en doelen, tsjinnen kastielen yn 'eMidsiuwen ek as sintra foarbestjoer en assymboalen fanmacht.Stedskastielen waarden brûkt om 'e pleatslikebefolking te oerhearskjen en wichtigehannelsrûtes te befeiligjen, wylst kastielen op itplattelân faak boud waarden yn 'e neite fan dingen dy't wichtich wiene foar dewolfeart fan 'emienskip, lykasmoles,fruchtbere grûn of inwetterboarne.

In protte kastielen waarden oarspronklik boud mei ferdigeningswurken fanhout enierde, lykaspalissades enierdwâlen. Letter waarden dy ûnderdielen ferfongen trochmuorren fanstien. Iere kastielen, dy't de lettereynnovaasjes misten, makken foar de ferdigening fan needs gebrûk fanlânskipseleminten. Sa koe in kastiel op ineilantsje yn inmar boud wurde of op in hegerots, om it minder goed berikber te meitsjen en dêrmei ek dreger yn te nimmen. Sokke kastielen bestiene faak ek mar út ien inkeletoer, indonzjon (lykas de Fryskestins).

Fan 'e ein fan 'etolfde iuw ôf begûn men kastielbou op inwittenskiplike manear oan te pakken. Dat late ta folle gruttere gebouwen mei withoefolle tuorren, wêrby't op it mêd fan 'e ferdigening de klam lei op it mooglik meitsjen om 'e fijân yn 'e flank oan te fallen, troch de tuorren foarútstykje te litten út 'eringmuorre. In soad fan dy nije kastielen hiene in rjuhoekige foarm of ferskatekonsintryske muorren mei tuorren. Dy frij hommels opkommende fernijings binne taskreaun oan ynspiraasje op grûn fan 'eRomeinske forten út 'eAldheid yn kombinaasje mei de ûntwikkeling fan nijekennis entechnology yn it tiidrek fan 'eKrústochten. Net alle eleminten fan kastielarsjitektuer wiene trouwens militêr fan aard. Sa ûntjoech de âldeslotgrêft him fan in poer definsive oarsprong ta in symboal fan macht.

ItSlot Neuschwanstein, ynBeieren, is it klassike foarbyld fan in neibeard nepkastiel út 'e19e iuw.

Hoewol'tbuskrûd yn Jeropa yn 'efjirtjinde iuw yntrodusearre waard, hie dat gjin ynfloed op 'e bou fan kastielen oantartillery yn 'efyftjinde iuw krêftich genôch waard om troch stiennene muorren hinne te brekken. Hoewol't men dêrnei noch trochgie mei it bouwen fan kastielen oant yn 'esechstjinde iuw, soargen nije techniken op it mêd fan artillery derfoar dat it plakken waarden dêr't men net graach mear wenje woe. Fan gefolgen rekke it mei kastielen yn it neigean. Ynstee begûn men oan 'e iene kantbunkereftige artilleryforten te bouwen sûnder wenbestimming en sûnder rol yn it boargerlik bestjoer, en oan 'e oare kantlânhuzen dy't net te ferdigenjen wiene.

Yn 'eachttjinde iuw ûntstie der nije belangstelling foar kastielen, wat ûnder ynfloed fan inromantyske oplibbing fangoatyske arsjitektuer late ta de bou fan nije kastielen yn sawol deachttjinde as denjoggentjinde iuw. Dat wiene lykwols neibearde nepkastielen sûnder militêr doel, dy't boud waarden sûnder der rekken mei te hâlden oft se wol te ferdigenjen wiene, mar nammenste mear mei hoe't se der útseagen. It hichtepunt en standertfoarbyld fan dat soarte kastielen is itSlot Neuschwanstein, dat yn 'e twadde helte fan 'enjoggentjinde iuw boud waard yn opdracht fankeningLoadewyk II fan Beieren. YnFryslân kin bgl. itPoptaslot ynMarsum ta dy kategory kastielen rekkene wurde.

Kastieltypen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Underdielen fan kastielen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • barbakane: in ekstra poartegebou foár de kastielmuorren.
  • boarstwarring: it boppeste diel fan 'e kastielmuorre: in tsjûke muorre foar dewargong, dy't de ferdigeners oant op boarsthichte beskûl bea.
  • donzjon: de wentoer, it lêste ûntwyk binnen de kastielmuorren.
  • falstek: inmetalenstek dat omleech litten wurde koe ta ôfsluting fan 'e poarte-iepening.
  • flapbrêge of klapbrêge: de oplûkberebrêge oer deslotgrêft om by depoarte te kommen.
  • foarboarch: in ferdigenber ûnderdiel fan it kastiel, boud yn in foarútskode posysje foàr de haadboarch.
  • kantiel of kanteel: rjochtopsteand fjouwerkantich of rjochthoekich diel fan 'e kastielmuorre dat boppe-op de boarstwarring stiet. It wurdt fan 'e beide oanbuorjende kantielen skaat troch insjitgat.
  • kastieltoer:toer as ûnderdiel fan 'e ringmuorre, faak op 'e hoeken, sawol foar ferdigining as om as útkykpost brûkt te wurden.
  • poarte: de fersterke yngong fan in kastiel.
  • poartetoer: toer oan wjerskanten fan 'e poarte.
  • ringmuorre: de ferdigeningsmuorre om it kastiel hinne.
  • sjitgat: de romte tusken twakantielen op 'e boarstwarring, of in smellefinsteriepening leger yn in kastielmuorre.
  • slotgrêft: in grêft om it kastiel hinne, faak folle meiwetter, mar soms ek drûch.
  • wargong: in meiboarstwarring en/ofkantielen befeilige ringong op de kastielmuorre.

Galery

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryCastles fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kastiel&oldid=1205393"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp