Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kapeseachbek

Ut Wikipedy
kapeseachbek

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaikapeseachbekken (Lophodytes)
soarte
Lophodytes cucullatus
Reichenbach, 1853
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

    stânfûgel
    simmerfûgel

    wintergast
    trochtrekker


Dekapeseachbek (Lophodytes cucullatus) is infûgel út defamylje fan deEinfûgels. De Kapeseachbek hat in protte fan deseachbekken en wie yn1758 trochCarolus Linnaeus ek by harren yn itskaai set. Yn1853 is dizze fûgel trochLudwig Reichenbach yn in apart skaai set.

De Kapeseachbek hat syn namme te tankjen oan de kape dy't er rjocht oerein sette kin. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe in kape. It mantjse hat in swart mei wite kape lykas syn meast fearren, ek hat er opfallende readbrune siden. It wyfke is hast hielendal brún.

Fersprieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Kapeseachbek komt foar ynNoard-Amearika yn sompen en bosken mei marren yn de buert fan deGrutte Marren en oan de Pasifyske kust. Hy oerwinteret yn it suden fan deFeriene Steaten. Somtiden is der ek wol is in ferdwaalde Kapeseachbek yn West-Jeropa sjoen. Mar tsjintwurdich is kâns grut dat in Kapeseachbek dy't yn it wyld yn Jeropa sjoen wurdt in ontsnapt eksimplaar is. Sûnt it likernôch 1950 yn Amearika foar it earst slagge mei de fûgel te fokken is it in populêre sierfûgel wurden.

Aaien fan 'e kapeseachbek.

Fuortplanting

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Lykas deLytse Seachbek yn Jeropa, is de Kapeseachbek inhoalebrieder. Hy briedt yn beamhoalen dy't oant sa'n acht meter boppe de grûn lizze kinne. De 6-12 aaien wurde yn 30 dagen útbret. De jongen wurde troch it wyfke fersoarge. De jongen binne earst donkerbrún,;at se fearren krije lykje se in protte op harren mem, útsein dat harren kape dúdlik lytser is. Nei sa'n 70 dagen kinne de jongen fleane en ferlit de mem harren jongen.

Iten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Kapeseachbek yt meastentiids lytse fisken, kreeften en yn de simmermoannen ekwetterynsekten. Om syn iten te fangen dúkt en swimt er ûnder wetter. Boppedat yt er ek wol wat wetterplanten.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kapeseachbek&oldid=1171981"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp