Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kanton (Frankryk)

Ut Wikipedy
Oersjoch fan de bestjoerlike yndieling fan Frankryk

Inkanton is in bestjoerlike ienheid ynFrankryk. It bestiet út ien of meardere gemeentes, hielendal of gedieltlik; kanton en gemeentegrinzen hoege dus net gear te fallen. Ferskate kantons foarmje mei inoar inarrondissemint; ferskate arrondisseminten foarmje mei inoar indepartemint.

It kanton fungeart as kiesdistrikt. Foar de ferkiezing fan deConseil général, de folksfertsjintwurdiging op het nivo fan it departemint, jildt in distriktestelsel: elk kanton kiest in eigen fertsjintwurdiger yn de Conseil Général fan it departemint.

It departemintParys hat gjin kantons, omdat it gearfalt mei de gemeente Parys, en itConseil Général en de gemeenteried hjir ek gearfalle (ûnder de nammeConseil de Paris). Parijs is ûnderferdield yn arrondisseminten. Yn teory soe men elk arrondissemint lykstelle kinne oan in kanton, de bewenners derfan hawwe ommers beide rjochten. Mar oer it generaal wurdt steld dat de kantons yn Parys net bestean.

Yn totaal binne der 4035 kantons, wêrfan't 156 oerseeske binne.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kanton_(Frankryk)&oldid=1074138"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp