Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kanada

Ut Wikipedy
Kanada
Canada
flaggewapen
Latyn:A mari usque ad mare
("Hielendal fan see oant see")
geografyske lokaasje
polityk
haadstêdOttawa
grutste stêdToronto
offisjele taalIngelsk enFrânsk
steatsfoarmfederaleparlemintêrekonstitúsjonelemonargy
ûnôfhinklikheid1867
sifers
ynwennertal35.427.524(2014)
befolkingstichtens3,4 / km²
oerflak9.984.670 km²(ynkl. wetter)
9.093.507 km²(allinnich lân)
%wetter8,9%
bykommende ynformaasje
folkslietO, Canada
muntienheidKanadeeske dollar (CAD)
tiidsôneUTC-3½ – -8
tillefoan+1
ISO 3166-koadeCA
ynternetekstinsje.ca
websidewww.gc.ca

Kanada is in lân dat rûchwei de noardlike helte fan itNoard-Amerikaanskekontinint beslacht. Oan de noardkant wurdt it begrinzge troch deNoardlike Iissee, yn it easten troch deAtlantyske Oseaan en yn it súdwesten troch deStille Oseaan. Yn it suden hat it in lang grins mei deFeriene Steaten, dy't dwers troch it kontinint rint, fan 'e iene oseaan nei de oare. Yn it noardwesten, ta einbeslút, swettet Kanada oan 'eAmerikaanske steatAlaska. Dehaadstêd fan Kanada isOttawa, dat yn it súdeasten leit. Oare grutte stêden binneMontreal,Toronto,Vancouver,Calgary,Edmonton,Kebek,Winnipeg,Hamilton,Londen,Kitchener enHalifax.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Kanada beslacht likernôch 41% fan itNoard-Amerikaanske kontinint en is it op ien nei grutste lân fan 'e wrâld, neiRuslân. In part fan it lân leit boppe depoalsirkel en it Kanadeeske regear rekkenet it gebiet tusken 60° en 141° westerlingte hielendal oant deNoardpoal ta sines; lykwols binne dêr gjin ynternasjonale ôfspraken oer makke. It noardlikst bewenne plak yn Kanada, en fan de ierde, isAlert, op it eilânEllesmere (eilân), sa'n 834 km ûnder de Noardpoal. It súdlikste part fan Kanada leit sawat op 'e selde hichte as it noarden fanItaalje. Debefolkingstichtens fan Kanada is likernôch 3,5 minsken de km², en hat dêrmei ien fan de leechste befolkingstichtheden fan 'e wrâld. De rivier deMackenzie, yn it noardwesten, is 4.241 km lang en dêrmei de langste rivier fan Kanada. It heechste punt fan it lân is de berch deMount Logan, mei in hichte fan 5.959 m, yn it territoariumYukon, deunby de grins meiAlaska.

Geakundich kin Kanada it bêst yn fiif dielen opspjalte wurde:

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De earsteminsken, de foarâlden fan de tsjintwurdigeInuit enYndianen, arrivearren teminsten 14.000 jier lyn yn Noard-Amearika fia deBeringlânbrêge tuskenSibearje enAlaska. DeDorset-beskaving is ien fan de wichtichste kultueren út 'e Kanadeeskeprehistoarje.

NeiboudeWytsing-delsetting byL'Anse-aux-Meadows.

Goed fiif iuwen foardatKristoffel Kolumbus Amearika ûntdiek, setten deWytsingen yn Kanada al foet oan wâl.Bjarni Herjolfsson moat yn986 de kuststripe fanNijfûnlân en Labrador ûntdutsen hawwe en om it jier1000 hinne stifte deYslânske WytsingLeif Eiriksson mei 35 manlju in lytse delsetting byL'Anse aux Meadows, op it eilânNijfûnlân. Se neamden it nije lânVínland ("Wynlân"). Om ûnbekende redens is dizze delsetting ferlitten en hawwe de Wytsingen harrenkolonisaasje net trochset.

Nei de nije ûntdekking fan Amearika troch Kolumbus waard Kanada ynearsten troch deFrânsen ferkend en kolonisearre. Sy neamden harrenkoloanje dêreNij-Frankryk. Al rillegau stiftenIngelsen lykwols harren eigen koloanjes op 'e Amerikaanske eastkust, wylst se yn1670 deHudsonbaaikompanjy oprjochten, dy't it yn it hiele ôfwetteringsgebiet fan 'eHudsonbaai foar it sizzen krige. Oardel iuw fan striid tusken deBritten en de Frânsen om 'e hegemony yn Noard-Amearika waard yn1763, oan 'e ein fan 'eSânjierrige Oarloch, yn it foardiel fan 'e Britten besljochte, doe't de Frânsen by deFrede fan Parys frijwol al harren Noardamerikaanske besittings ôfstean moasten. Dat woe net sizze dat der doe frede kaam; yn1775 begûn deAmerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wêrby't de trettjin súdlike Britske koloanjes har losmakken fan it memmelân, en ek nei't Grut-Brittanje yn1783 de selsstannigens fan 'eFeriene Steaten erkend hie, bleau de sitewaasje nuodlik. Sa waarden der ûnder deOarloch fan 1812 guon wichtige fjildslaggen op Kanadeeske boaiem levere.

Parliament Hill, yn 'e Kanadeeske haadstêdOttawa, de sit fan it Kanadeeske parlemint.

Lange tiid bestiene de noardlike Britske koloanjes yn Noard-Amearika bestjoerlik los faninoar. De wichtichste gebieten wiene itIngelsktaligeOpper-Kanada (it lettere Ontario) en itFrânsktaligeNeder-Kanada (it lettere Kebek). Yn1837-1838, brieken der yn dy beide koloanjes opstannen út. By deOpperkanadeeske Opstân, ûnder lieding fanWilliam Lyon Mackenzie, gie it om 'e lulkens dy't der ûnder it gewoane folk bestie oer in lytse kliber famyljes út 'e hegerein, dy't it koloniale regear dominearren en de keazen folksfertsjintwurdiging bûten spul setten. By deNederkanadeeske Opstân, ûnder lieding fanLouis-Joseph Papineau, wie it te rêden om it eigenmachtige Britske bewâld oer in Frânsktalich gebiet. De koloniale autoriteiten, dy't mei beide rebûljes handich ôfweefden, besleaten neitiid om Opper- en Neder-Kanada gear te foegjen, mei as doel om 'eFrânsk-Kanadezen te assimilearjen yn 'e dominanteAngelsaksysk-Kanadeeske kultuer.

Sadwaande ûntstie yn1840 de koloanje Kanada. It earder Neder-Kanada (Kebek) kaam no bekend te stean asKanada-East, wylst súdlik Ontario de nammeKanada-West krige. It koloniale bestjoer waard fêstige ynKingston. Yn1851 stribbe Kanada-West kwa ynwennertal Kanada-East foarby, wêrmei't de Ingelsktaligen yn Kanada foargoed yn 'e mearderheid kamen. Lykwols holden de Ingelsk- en Frânsktalige folksfertsjintwurdigers yn it koloniale parlemint inoar yn lykwicht, wat gauris ta in ympasse late. Under deAmerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) stipen de Britten tuike-tuike de SúdlikeKonfederaasje, dat doe't úteinlik it Noarden de striid wûn, ûntstie der eangst foar in Amerikaanske ynfaazje, krekt sa't dat yn1813 foarkommen wie. Sadwaande besleaten de Britten al harren Noardamerikaanske koloanjes yn ien steatsferbân te ferienjen, en kaam yn1867 itdominion Kanada yn syn tsjintwurdige foarm ta wêzen, mei as lidsteaten de koloanjesNij-Skotlân enNij-Breunswyk en de wer opspjalten provinsjesOntario en Kebek.John A. Macdonald wie de earste minister-presidint fan Kanada. Oant1932, doe't itStatút fan Westminster troch it Britske parlemint oannommen waard, hie Kanada lykwols mar in beheinde mjitte fan selsstannigens, en pas yn1982 einige it lêste bytsje Britske kontrôle oer it lân.

De sit fan it Heechgerjochtshôf fan Kanada, yn 'e haadstêdOttawa.

Yn sawol deEarste as yn deTwadde Wrâldoarloch levere Kanada oan 'e side fan deAlliëarden in wichtige bydrage. Yn it tiidrek nei de oarloch wikselen lange perioaden fanliberale kabinetten en koartere riten meikonservative regearings inoar ôf. Kanada ûntjoech in hechteekonomyske bân mei de oanswettendeFeriene Steaten, hoewol't it op polityk mêd faak mei dat lân fan miening ferskilt.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It meastepart fan de ynwenners fan Kanada wennet yn in stripe fan 200 km by de grins mei deFeriene Steaten lâns. De gebieten noardlik dêrfan binne tin befolke en de noardlike territoaria wurde amperoan bewenne. De ynwenners fan Kanada wurde Kanadezen neamd.

Fan âlds bestie de befolking útYndianen enInûyt. Yn it koloniale tiidrek kamen der grutte groepenblanke kolonisten, benammentlikIngelsen,Skotten,Frânsen enIeren. DeFrânsktalige ynwenners wurdeFrânsk-Kanadezen of ek wol Franko-Kanadezen neamd, en binne fral konsintrearre yn 'e eastlike provinsjeKebek, dy't it grutste part fan 'e eardere koloanjeNij-Frankryk omfiemet. Hja meitsje dêr de grutte mearderheid fan 'e befolking út en itFrânsk is dêr de iennichste offisjele taal. Ek yn 'e oanbuorjende provinsjeNij-Breunswyk, de iennichste offisjeel twatalige provinsje, libbet in grutte groep Frânsk-Kanadezen. Fierders hawwe alle oare provinsjes en ek de trije territoaria wol har eigen Frânsktalige minderheden.

Kanada hat altyd inymmigraasjelân west en de befolking is dan ek fan in grutetnysk ferskaat. Yn het westen hawwe in soadOekraïners har nei wenjen set. Op in soad plakken binne ekNederlânske ymmigranten te finen, dy't der fral yn 'e jierren nei deTwadde Wrâldoarloch hinne ferfearn binne. Ek útAazje wei binne in soad lju nei Kanada komd, benammen nei de westkust, dêr't in soad Kanadezen fanSineesk komôf wenje. Yn 'e tachtiger en njoggentiger jierren binne in protte Sinezen útHongkong nei Vancouver ferfearn. Ek yn 'e grutte stêden fan it easten, lykasToronto enMontreal binne grutte net-Westerske mienskippen te finen.

Yn Kanada binne itIngelsk en itFrânsk de offisjele talen. Offisjeel is hiele Kanada twatalich; lykwols is dêr yn de westlike provinsjes net folle fan te fernimmen, om't it Ingelsk dêr de fiertaal is. De provinsje Kebek wurdt dan wer folslein dominearre troch it Frânsk, dêr't deKebekanen indialekt fan sprekke, inpatois dat basearre is op it koloniale Frânsk út 'esantjinde enachttjinde iuw. Sûnt de sechstiger jierren hat him in skerpe politike skieding ûntwikkele tusken it Frânsktalige Kebek en de oare, Ingelsktalige provinsjes. Der is yn Kebek sels twa kear in referindum holden oer ôfskieding fan Kanada, mar dat waard sawol yn1980 as yn1995 ôfwiisd, al skeelde it de lêste kear mar in pear tsienden fan in prosint. Hoewol't yn alle oare provinsjes en territoaria Frânsktalige minderheden besteane, isNij-Breunswyk de iennichste dy't offisjeel twatalich is.

Lânkaart dy't de yndieling fan Kanada yn provinsjes en territoaria sjen lit.

Provinsjes en territoaria

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Kanada bestiet út 10provinsjes en 3territoaria. De provinsjes binne frijwol folslein selsbestjoerend, en ûntliene harren rjochten en macht oan 'e grûnwet. De tsien provinsjes (mei jier fan tatrede ta de Kanadeeske Konfederaasje) binne:

De territoaria binne gebieten dêr't net folle minsken wenje. Fan âlds wiene dit gebieten dy't troch de federale oerheid fan Kanada regearre waarden, mar sûnt de sechstiger jierren is ek oan 'e territoaria stadichoan in hege mjitte fan selsbestjoer taparte. De trije territoaria (mei jier fan oprjochting) binne:

Iishokky, de nasjonalesport fan Kanada.
Kanadeeske soldaten by in militêre oefening.
De Kanadeeske minister-presidintStephen Harper yn petear mei deAmerikaanske presidintBarack Obama.

De Kanadeeske gewesten wurde fierders wol opdield yn in stikmannich regio's, dy't inoar gauris oerlaapje. Hjirûnder de yndieling:

Sjoch fierders ek: deKanadeeske Arktyske Eilannen

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Opekonomysk mêd buorket Kanada goed. ItBYP yn2007 wie omrekkene goed 1.432 miljardAmerikaanske dollars. Trijefearnspart fan 'e befolking wurket yn 'etsjinstesektor. Delânbou sektor is relatyf lyts, krekt as deyndustrysektor. Mei 24 miljard tonierdgas is Kanada de op ien nei grutste ierdgasleveransier fan 'e wrâld, neiSaûdy-Araabje

Steatsfoarm

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Kanada is inparlemintêre demokrasy en inmonargy mei oan it haadkeningCharles III fan it Feriene Keninkryk, dy't yn Kanada fertsjintwurdige wurdt troch degûverneur-generaal, anno 2022Mary Simon. Kanada wurdt bestjoerd troch in eigenregear, dat anno 2025 laat wurdt trochminister-presidintMark Carney.

Nijsgjirrich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Montreal is de op ien nei grutste Frânsktalige stêd op de wrâld, neiParys.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryCanada fanWikimedia Commons.
 
               Kanada
Flagge fan Kanada
provinsjes
Alberta Britsk-Kolumbia Kebek Manitoba Nijfûnlân en Labrador Nij-Breunswyk Nij-Skotlân Ontario Prins Edwardeilân Saskatchewan
territoaria
Yukon Noardwestlike Territoaria Nûnavût
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kanada&oldid=1193677"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp