Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kameraregisseur

Ut Wikipedy
In kameraregisseur oan it wurk.

Kameraregisseur, ek wol oantsjut mei deIngelske termdirector of photography (somsôfkoarte datDoP ofDP) is inberop yn 'efilmyndustry dat hiel simpel útlein de midden hâldt tuskenregisseur enkameraman. Wylst de regisseur him taleit op itaktearjen, hâld in kameraregisseur him dwaande mei detechnyk fan 'e opname. Dêrmei fertaalt er insenario nei de úteinlike bylden fan it aktearjen dy't de regisseur hawwe wol. De kameraregisseur draacht de folsleine ferantwurdlikheid foar it hielefotografyske proses op infilmset of bytillefyzje-opnames. Under de opnames fan infilm oftillefyzjeprogramma wurket in kameraregisseur tige nau gear mei de regisseur en mei deproduksje-ûntwerper (ek:production designer). Hy of sy is belutsen by alle stadia fan 'e produksje:preproduksje,storyboard,lokaasjescouting, de eigentlike opnames fansels, enpostproduksje.

YnNederlân, dêr't kameraregisseurs feriene binne yn 'eNetherlands Society of Cinematographers (NSC), is it gebrûklik dat regisseur en kameraregisseur dedekûpaazje fan in film of tillefyzjeprogramma tegearre dogge, sadat ûnder de opnames net in protte tiid oandiskusje ferlern giet. Ynstee kin de oandacht fan 'e regisseur dan folslein nei deakteurs útgean, wylst de kameraregisseur de ynset fankamera's enbeljochting regelet. Hy makket gebrûk fanlinzen enfilters om 'e just sfear te skeppen, en fankamerafiering om it ferhaal fan 'e regisseur op 'e juste wize yn byld te bringen en dy syn kreätive fisy te ûnderstypjen. De kameraregisseur stiet dêrby oan it haad fan 'e saneamde kamera-ôfdieling of yn it Ingelsk itcamera department. Dêrûnder falle alle meiwurkers op in filmset of by tillefyzje-opnames dy't har dwaande hâlde mei kamera's en beljochting, lykaskameralju,grips engaffers.

Hoewol't it wichtichste wurk fan 'e kameraregisseur op 'e set dien wurdt, is er ek yn 'epostproduksje behelle. Hy beslist dan yn oerlis mei de regisseur ûnder mear hokkerlaboratoariumprosedee op 'e filme bylden tapast wurde sil, en òf en sa ja, hokkerkleurkorreksje brûkt wurde sil. De krekte ferhâlding tusken de kameraregisseur en de regisseur hinget ôf fan ferskate faktoaren, lykas harren wurkrelaasje en de pleatslike filmkultuer. Yn guon sitewaasjes hat in kameraregisseur hast folsleine frijheid, mar it komt ek geregeldwei foar dat de regisseur sels beskate besluten nimt oangeande kamerastânpunten en linskar. As kameraregisseur en regisseur inoar goed kenne, giet de gearwurking fansels makliker, sa't it gefal wie mei bygelyks regisseurPaul Verhoeven, dy't gauris gearwurke hat mei kameraregisseurJan de Bont. In soad kameraregisseurs (lykas Jan de Bont) meitsje op in stuit yn harrenkarriêre de oerstap nei de funksje fan regisseur.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryCinematographers fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kameraregisseur&oldid=950026"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp