Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Junkers Ju 88

Ut Wikipedy
Junkers Ju 88


RolSjoch tekst
MakkerJunkers
UntwerperW.H. Evers en Alfred Gassner
Earste flecht21 desimber1936
Yn tsjinstSeptimber1939
Ut tsjinst1951 (Frankryk)
Tal makke14.882 (1939 - 1945)
Brûkers
FariantJunkers Ju 188 en tsientallen ferzjes
Junkers Ju 88 A-4

DeJunkers Ju 88 wie in twa-motorige middelswiere bommesmiter fan de Dútske fabrikantJunkers. It tastel wurdt beskôge as ien fan de bêste fleanmasines fan deLuftwaffe yn deTwadde Wrâldkriich.

De Ju 88 wie in fleanmasine mei in brede tapassing. Hy waard ynset as jachtbommesmiter, nachtjager (Ju 88C), (dûk)bommesmiter, torpedobommesmiter en ferkenningsfleanmasine en tsjin de ein fan de oarloch as Mistel (fleanende bom). Tsientallen farianten hawwe der west.

Yn de Twadde Wrâldoarloch is it tastel ek as nachtjager fan deFliegerhorstDeelen ôf ynset dêr't de2e Gruppe Nachtjagdgeschwader stasjonearre wie en yn de5e Gruppe Zerstörer fan FliegerhorstVolkel ôf.

It tastel tsjinne oan alle fronten fan beset Jeropa. Der binne sa'n 15.000 eksimplaren fan boud.

Technyske feiten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

(útsein de jachtfarianten)

  • Motors: twa Junkers Jumo 211linemotors, 1200hk it stik
  • Bewapening: oant 1650 kgbommen, fjouwer 7,92 mmmitrailleurs
  • Heechste faasje: 450 km/o op 6000 m hichte
  • Fleanberik: 1000 km mei normale bomlading
  • Fleanplafond: 8750 m
  • Bemanning: 3
  • Junkers Ju 88
    Junkers Ju 88
  • Junkers Ju 88 A-4 fan de Finske Loftmacht
    Junkers Ju 88 A-4 fan de Finske Loftmacht

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryJunkers Ju 88 fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Junkers_Ju_88&oldid=1135259"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp