Flavius Claudius Julianus (6 novimber331 -26 juny363), better bekend asJulianus II,Julianus de Offallige ofJulianus Apostata, wie keizer fanRome fan360 oant 26 juny 363.
Julianus wie de jongste soan fanJulius Konstantius (in healbroer fan keizerKonstantyn de Grutte), en syn frou Basilina. Doe't nei de dea fan Konstantyn yn337 al syn manlike sibben troch soldaten fermoarde waarden, wienen Julianus en syn âldere broerKonstantius Gallus likernôch de iennige oerlibjenden. Oant351 koe hy rêstich wenje op it famyljegoed ynLyts-Aazje, dêr't hy de ynfloed ûndergie fan deAriaanske biskop Eusebius. Neidat syn broer, Gallus, troch keizerKonstantius II, ûnder druk fan de omstannichheden, taCaesar ferheven wie, krige Julianus sels ek mear frijheid: hy gong studearjen, earst ynMilaan en doe ynAtene, wêr't benammen syn ynteresse foar deGrykske kultuer ûntstie.
Yn354 waard Gallus op befel fan de keizer fermoarde fanwege wanbelied, wêrnei't Julianus him as Caesar opfolgje moast. Hy troude mei Helena, de jongste suster fan de keizer. Sa waard hy oerbefelhawwer fan it Romeinske leger ynGalje en it hiele westen fan it Ryk. Hy hie in protte te stellen mei deFranken oan deRyn-grins. Mei it leger stuts hy oant trije kear ta deRyn oer. Hy helle ferskate súksessen op de Franken en sleat mei harren in fredesferdrach wêrtroch't de Salyske Franken tastimming krigen harren te fêstigjen yn Noard-Galje, tsjintwurdich Súd-Nederlân enBelgje. Sy waarden sa de earsteGermaanske bûnsmaten (foederaty) dy’t op Romeinsk grûngebiet in stik lân tawiisd krigen.
Keizer Konstantius seach mei grut wantrouwen nei de súksessen fan syn neef. Yn360 moast Julianus in grut diel fan syn troepen oan de keizer ôfstean: dy woe dizze striidkrêften brûke foar syn eigen kampanje tsjinPerzje. Mar it soe lykwols oars beteare. De soldaten, dy't it tige stean hienen op Julianus kamen yn opstân en rôpen him ynParys út as tsjinkeizer. Konstantius woe hjir neat fan witte en wiisde elk kompromis ôf, de boargeroarloch tusken harren wie in feit. In grut debâkl koe allinnich foarkomd wurde troch de dea fan keizer Konstantius, dy't op syn stjerbêd Julianus as syn legitime opfolger beneamde.
Yn it koarte bewâld fan Julianus as keizer hat hy desenaat altyd mei respekt behannele. Hy bestried dekorrupsje ûnder de amtners, en besocht ek deynflaasje tsjin te hâlden, û.m. troch it muntstelsel te herfoarmjen. Mar foaral op it godstjinnich mêd hat hy yngeand yngrepen. Hy wie foarstanner fan frijheid fan leauwen, mar lei de kristenen wol beperkings op. Nettsjinsteande syn Kristlike opfieding krige hy al jong it mier oan dit leauwen, hy wie tige boeid troch itneoplatonisme. Hy dreamde derfan om wer op de âlde net-kristlike earetsjinsten en tradysjes oer te gean. Dêrom besocht hy û.m. it preesterskip nei kristlik foarbyld opnij te rorganisearjen en moreel te ferheffen. Hy die net oan bluoddrige ferfolgings en woe him hjiroan ek net skuldich meitsje: leaver bestried hy it kristendom troch it oanboazjen fan harren ûnderlinge ferdieldens. Hy rôp dêrom ferbande biskoppen werom nei harren setel. Kristlike leararen joech hy in ferbod de jeugd ta ûnderrjochtsjen, preesters ûntnaam hy harren frijstelling fan belestingen en hy stie deJoden ta harren timpel ynJeruzalem te herbouwen. Hjirby toande Julianus in grutte literêre aktiviteit. In protte fan syn skriuwen is bestean bleaun.
Fêstbesletten it Romeinske gesach yn it Easten te herstellen, foel hy yn363 Perzje yn. Neidat hy mei súkses fier it Perzyske Ryk ynluts, kaam hy op26 july363 ticht by Bagdad yn in gefaarlike fjildslach terjochte. Julianus"de Ôffallige" stoar oan ferwûnings dy’t hy oprûn op it striidperk. Hy wie doe 32 jier âld. Op syn stjerbêd soe hy noch útropt hawwe:"Gallilejer, do hast wûn!", mar dit is net histoarysk bewezen.