Joy Wielkens | ||
![]() | ||
![]() | ||
Joy Wielkens (2017) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Joy Wielkens | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 14 july1980 | |
berteplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | ![]() ![]() | |
jierren aktyf | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
www.joywielkens.net |
Joy Wielkens (Amsterdam,14 july1980) is inNederlânskaktrise enkabaretiêre fan mingdSurinaamsk-Arûbaansk komôf. Hja is benammen bekend wurden troch har rol asresjersjeur Leona Savonet, yn 'eplysjesearjeVan Speijk.
Wielkens groeide op ynAmsterdam-Osdorp as de dochter fan inSurinaamsk-Kreoalskemem en inArûbaanskeheit.[1] Hja trochrûn fan1992 oant1998 itMontessori-Lyseum ynAmsterdam. Neitiid waard se talitten ta deAmsterdamske Lytskeunst Akademy, dêr't se fjouwer jierlytskeunst en ien jiertoanielskoalle folge, en yn2003 mei goed gefolch ôfstudearre. Yn har lêste jier oan 'e akademy rûn hja staazje by itAmsterdamsk Lytskeunst Festival yn 'e foarstelling 't Schaep met de Vijf Pooten. Teffens spile se yn 'emusicalDie Sieben Todsunden en makke se mei de oare studinten fan har jiergong de ôfstudearfoarstellingCarmen.
Fan2003 ôf spile se earst yn 'e bernefoarstellingDe Huilende Koningin, het Dienstmeisje en het Meisje van Ree, en fertolke doe oardel jier lang de rol fan 'ehyena Shenzi yn 'eBroadway-musicalThe Lion King, yn itDútskeHamburch. Fierders spile hja Cassandra yn 'e toanielfoarstellingBeest, en wie hja yn 'esimmer fan2005 opOerol te sjen yn 'e musicalPhylaca.
Hartillefyzjedebút makke Wielkens ynseptimber2005, doe't se cast waard yn 'e rol fan 'e ûnferfearde froulike resjersjeur Leona Savonet, yn 'eplysjeseargeVan Speijk. Dat personaazje spile se twa seizoenen, dy't yn2006 en2007 útstjoerd waarden. De simmers fan dat lêste jier stie Wielkens wer op Oerol, mei it stikMahagonny, en fanôf2008 gie se op toernee mei har earste soloteäterprogrammaSneeuw. Letter hie hja ek ferskate rollen ynfilms, û.m. ynAlles Is Familie (2012) enToscaanse Bruiloft (2014). Op it stuit lit Wielkens yn har omgean oft se mei in eigenmuzykalbum ek in sjongkarriêre neistribje wol. In stikmannich koarte fragminten fan hardemo kinne beharke wurde op 'e "muzyk"-side (ûnder it tabblêd "media") fan har webstee.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |