Joris Ivens (links) enErnest Hemingway by kommandant Ludwig Renn fan de Ynternasjonale Brigade yn 1936Bertehûs Ivens, Van Berchenstrjitte 17-19 NimwegenJoris Ivens op de set fanDe Onvergetelijken yn 1971
Ivens waard bekend mei avant-garde dokumintêres asDe brug (1928) (oerDe Hef ynRotterdam),Regen (1929) enZuiderzee (1930), wêryn hy eksperimintearre mei bewegingen en ritmes. Hy hearde ta de foaroanmannen fan de ynternasjonale filmavant-garde fan dy jierren. Letter rekke hy geande wei mear ynteressearre yn sosjale kwestjes en waard hy oertsjûgekommunist. Hy makke ûnder mear films oer in mynwurkersstaking yn Belgje (Borinage, 1934), oer deSpaanske Boargerkriich (Spaanse aarde, 1937) en oer de striid dy't Sina fierde tsjin Japanske besetting (De vierhonderd miljoen, 1939). Yn de Twadde Wrâldoarloch makke hy ferskate films yn de Feriene Steaten, wêrûnderPower and the Land (1941) foar it Amerikaanske ministearje fan Lânbou enAction Stations! (1943) foar de Kanadeeske marine.
Ivens hat syn talint meardere kearen yn tsjinst steld fan totalitêre rezjyms. Yn 1931 sette hy ôf nei deSovjet-Uny om foar it bewâld fanStalin de propagandafilmHet lied van de helden te meitsjen, oer de bou fan de nije stêdMagnitogorsk yn de Oeral. Dizze stêd waard foar in belangryk diel boud trochGoelagtwangarbeiders, faak slachtoffers fan Stalin syn kollektivisearring fan de lânbou ('koelakken'). Ivens rjochte syn kamera leaver selektyf op de tûzenenKomsomol-frijwilligers en partijleden dy't ek yn Magnitogorsk wurken. De twangarbeiders soe hy letter fergelykje mei 'ûntúch'[1][2],[3]. Ek it MaoistyskeSina hat Ivens tsjinne; yn 1976 foltôge hyHoe Yukong de bergen verzette, in film wêryn Mao'sKulturele Revolúsje ferhearlike wurdt.
Ivens waard 'persona non grata' yn syn bertelân neidat hy yn Austraalje in film makke ta ûndersteuning fan de ûnôfhinklikheidsbeweging ynYndoneezje. Syn oanfarring mei de koloniale autoriteiten by it meitsjen fan de filmIndonesia calling late derta dat hy fan 1948 oant 1957 ferplichte waard elke trije of fjouwer moannen syn paspoart opnij ferlingje te litten. In hannelwize dêr't de Nederlânske Steat yn 1985 har ferûntskuldigingen foar oanbean hat.
Yn 1988 waard Ivens it eareboargerskip fan de gemeenteNimwegen takend en waard in plein yn syn berteplak nei him neamd (Joris Ivensplein).
Fanwege syn sinematografyske fertsjinsten wurdt hy noch jierliks op it dokumintêrefestivalIDFA eare, mei de útrikking fan deJoris Ivens Award.
Yn 2007 skrreauOscar van Dillen muzyk by de film De Hef, het String Quartet 2.
Yn maaie 2010 is yn it westen fanParys in tolve meter heech stânbyld foar Ivens ûntbleate. It byld is in ûntwerp fan Bryan McCormack en toant in neakene man mei in wrâldbol yn syn hannen en twa bewegende lange wjukken.
(ned) Old Url:http://dare.uva.nl/aup/nl/record/172545'/ Hans Schoots,Living Dangerously, A Biography of Joris Ivens, komplete download yn PDF wie available previously.
Hans Schoots,Gevaarlijk leven, een biografie van Joris Ivens. Mets en Schildt, Amsterdam 1995., 1995,ISBN 90-5330-162-3
André Stufkens e.a.,Rondom Joris Ivens, wereldcineast. Nimwegen 1989.
Joris Ivens en Robert Destanque,Aan welke kant en in welk heelal (dit binne de memoires fan Ivens). Amsterdam 1983.
André Stufkens, '“Materiële dingen weten op te geven om het ideële te bereiken”: Joris Ivens’ Nimwegen en Jan Toorop, Charley Toorop, Pyke Koch en Henri Pieck',Desipientia: Zin & Waan, Jaargang 12, nr. 1 (April 2005), siden 20-27.