Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Jorge Luis Borges

Ut Wikipedy
Jorge Luis Borges
skriuwer
Jorge Luis Borges yn 1967.
Jorge Luis Borges yn1967.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJorge Francisco Isidoro
   Luis Borges Acevedo
nasjonaliteitArgentynsk
berne24 augustus1899
berteplakBuenos Aires (Argentynje)
stoarn14 juny1986
stjerplakSjenêve (Switserlân)
etnisiteitIngelsk
Oerûguayaansk
Portegeesk
Spaansk
wurk
taalSpaansk
sjenrepoëzijlit. koarte ferh.senario's,
detektiveferh.,fantasy,essay's
perioademidden20e iuw
streamingmagysk reälisme
bekendste
  wurk(en)
El Oro de los Tigres
La Rosa Profunda
Susana Bombal
El Jardín de Senderos
   Que Se Bifurcan
prizenEdgar Award 1976
Balzanpriis 1980
Cervantespriis 1980
Légion d'Honneur 1983
jierren aktyf19231986
offisjele webside
www.fundacionborges.com.ar
N.B.: Dit is inSpaanske namme. De (inkele of gearstalde)foarnamme isJorge (Francisco Isidoro) Luis. De earsteefternamme (fanheitekant) isBorges, en de twadde efternamme (fanmemmekant) isAcevedo. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarmBorges of oarsBorges Acevedo brûkt wurde.

Jorge Luis Borges (Spaanske útspr.: ['xorxe 'lwis 'borxes](audio)), folút:Jorge Francisco Isidoro Luis Borges Acevedo (Buenos Aires,24 augustus1899Sjenêve,14 juny1986) wie inArgentynskskriuwer fankoarte ferhalen,essayist,dichter enoersetter. Hy wurdt sjoen as de grûnlizzer fan itliterêre sjenre fan itmagysk reälisme, mar hy droech ek by oan sawol defilosofy as defantasy- endetektivesjenres. Syn bekendste boeken,Ficciones (1944) enEl Aleph (1949), binne bondels ferhalen mei in mienskiplik tema. Borges wie fan beropbibletekaris en waard letter direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek fan Argentynje, en teffens perfester yn 'eliteratuer oan 'eUniversiteit fan Buenos Aires. Syn wurk waard bekroane mei ferskate prestizjeuze prizen, mar net mei troch him sa begeareNobelpriis foar de Literatuer. Borges spriek in ferskaat oan talen floeiend, en sette wurken út itIngelsk,Frânsk,Dútsk,Aldingelsk enAldnoarsk oer yn itSpaansk. Geandewei syn libben seach er almar minder, en úteinlik waard erblyn. Men wol wol hawwe dat dat alteast foar in part de grûnslach foarme fan syn ynnovative literêre symbolyk. Hy stoar oanleverkanker yn 'e âlderdom fan 87 jier.

Libben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jonkheid

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jorge Luis Borges waard op24 augustus1899 berne yn in begoedige middenklasse-fermidden yn 'e Argentynske haadstêdBuenos Aires. Syn mem, Leonor de Acevedo Suárez, kaam út inUrûguayaanske famylje fan puer "kreoalsk" (Spaansk) komôf, dy't djip behelle west hie yn 'ekolonisaasje fanSúd-Amearika. Leonor har heit en Borges syn pake, Isidoro de Acevedo Laprida, wie in oarlochsheld, dy't yn 'e slaggen byCepeda, yn1859,Pavón, yn1861, enLos Corrales, yn1880, fochten hie. Borges syn heit, Jorge Guillermo Borges Haslam, hie foar de helteIngelsk bloed, wylst er fierders foar in fearn fan etnysk Spaansk en in fearn fan etnyskPortegeesk komôf wie. Borges sr. wie troch syn memIngelsktalich grutbrocht, en naam syn eigen gesin letter gauris mei op reis neiJeropa. Fan berop wied erabbekaat en dosintpsychology, mar hy woe graachskriuwer wurde. Syn soan, mei wa't er in tige goede bân hie, skreau letter dat him dat nea slagge wie. Oer himsels skreau Jorge Luis Borges:"om't de measten fan myn folk soldaten west hiene, en ik wist dat ik dat nea wêze soe, skamme ik my, doe't ik noch hiel jong wie, dat ik in boekich persoan wie en gjin man fan aksje."

Doe't er njoggen jier wie, sette BorgesOscar Wilde synThe Happy Prince oer yn itSpaansk. De fertaling waard publisearre yn in pleatslik tydskrift, mar elkenien miende dat Borges syn heit de wiere oersetter wie. Borges krige oant syn alfde oan hûs twatalich Ingelsk-Spaansk ûnderwiis. Letter seid er dat as er it wichtichste foarfal út syn libben neame moast, dat dat perfoarst syn heite bibleteek fan mear as tûzen boeken west hie. Om't syn eagen almar minder waarden, ingenetyske krupsje dêr't Borges sels letter ek mei oanhelle reitsje soe, moast syn heit úteinlik syn abbekaatspraktyk opjaan. Yn1914 ferfear it gesin nei itSwitserskeSjenêve, dêr't syn heiteachhielkundige behannelings ûndergie, wylst Borges en syn suster Norah der nei skoalle giene. Yn1918 rûne er syn oplieding oan itCollège de Genève ôf, mar syn âldelju besleaten fanwegen de ûnlijige politike sitewaasje yn Argentynje, om foarearst mar ynJeropa te bliuwen. Sadwaande bleau it gesin noch in jier yn Switserlân, en dêrnei brochten se nochris trije jier troch op ferskate plakken yn Jeropa: ynLugano en ynBarseloana, opMajorka, ynSevilla en ynMadrid. Wylst er ynSpanje wenne, kaam Borges yn 'e kunde mei de literêreavant-garde, en syn earstegedicht,Himno del Mar ("Hymne fan de See"), dat publisearre waard yn it tydskriftGrecia, hong oer nei it nijmoadrigeimazjisme.

Borges yn1921.

Iere karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn1921 kearde Borges mei syn âldelju en suster werom nei Buenos Aires. Hoewol't er net folle formeel ûnderwiis genoaten hie en oer diploma's noch freonen beskikte, sette er mei faasje útein mei syn karriêre asskriuwer endichter. Hy publisearresurreälistyske gedichten enessay's yn literêre tydskriften, en wist dêrmei yn koarte tiid yn literêre fermiddens in beskate reputaasje op te bouwen. Yn1923 publisearre er syn earste dichtbondel, mei as titelFervor de Buenos Aires. Teffens wied er belutsen by de oprjochting fan ferskate literêre tydskriften. Fan1933 ôf wurke er in hoart as redakteur by dekranteCrítica, en yn 'e twadde helte fan 'e jierren tritich wied er yn 'e tsjinst by deútjouwerijEmecé Editores. Yn1938 wist er in baan as bibliotekaris te bemachtigjen by de Gemeentlike Bibleteek fan Buenos Aires, yn 'e arbeiderswykMiguel Cané. Dêr wiene mar sa'n bytsje boeken, dat der waard him te ferstean jûn dat er de rest fan it biblioteekpersoniel yn diskredyt bringe soe as er deis mear as hûndert werombrochte boeken teplak sette. Sadwaande bestege er deis in oerke oan 'e bibleteek en gie er de rest fan 'e tiid yn 'e kelder sitten, dêr't er him oan syn skriuwwurk wijde.

Tsjin 'e midden fan 'e jierren tritich begûn er him ek ta te lizzen op it skriuwen fan koarte ferhalen, dy't er gauris publisearre yn it tydskriftSur ("Súd"), dat yn1931 oprjochte wie trochVictoria Ocampo. Dyselde brocht Borges yn 'e kunde meiAdolfo Bioy Casares, in ferneamd Argentynsk skriuwer, dy't in goede freon fan Borges wurde soe, mei wa't er geregeldwei gearwurke. Tegearre skreaune se û.m. in parody op indetektiverige en ûnderskatefantasyferhalen. Yn1936 brocht Borges de bondelHistoria Universal de la Infamia ("In Universele Histoarje fan Skanddieden") út, wêryn't er twa soarten geskriften gearbrocht hie: essays en non-fiksjonele koarte ferhalen, en literêre ferfalskings, dêr't er fan úthold dat it oersettings fan syn hân wiene fan fergetten rekke wurken fan bûtenlânske skriuwers.

Yn1938, koart nei syn heite ferstjerren, rekke Borges slim ferwûne oan 'e holle, en ûnder de behanneling rûn erbloedfergiftiging op, wêrby't er it by de dea om 't ôf rêde. Wylst er dêrnei oan it opbetterjen wie, begûn er te eksperimintearjen mei de skriuwstyl dêr't er letter ferneamd om wurde soe. Syn earste ferhalebondel,El Jardín de Senderos Que Se Bifurcan ("De Tún fan 'e Paden Dy't Har Opspjalten"), ferskynde yn1941. De kritiken wiene loovjend, en it boek waard oer it algemien troch it publyk goed ûntfongen, mar de literatuerprizen dy't mannigenien foar him ferwachte hie, bleaune út.

Lettere karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Borges yn1951.

Borges hie sterke politike opfettings; hy wie inkonservatyf dy't neat hawwe moast fan itkommunisme, mar likemin hied er wat op mei itnasjonaal-sosjalisme. Yn 'e tritiger jierren en ûnder deTwadde Wrâldoarloch, doe't ekstreem-rjochtse sympatyen yn Argentynje sterk libben, wie Borges ien fan dejingen dy't har dêr it iepentlikst fan distansjearren. Doe't yn1946Juan Perón oan 'e macht kaam, dy't sels net twer wie fan ekstreem-rjochtse ideeën, krige Borges dêrfoar de rekken presintearre: fan syn baan by de bibleteek waard er "promovearre" ta ynspekteur fanplomfee enkninen op 'e gemeentlike merk fan Buenos Aires. Borges stapte fansels op, mar hy fergeat noch ferjoech dizze mislediging ea, en bleau de rest fan syn libben in fûleindich fijân fan 'eperonisten.

Underwilens wie Borges syn gesichtsfermogen fan it begjin fan 'e tritiger jierren ôf minder wurden, wat him ûngeskikt makke foar in soad foarmen fan wurk. Mei't er himsels as skriuwer net bedrippe koe, sette er útein mei it hâlden fan lêzings. Sadwaande waard er aloan mear in publyk figuer. Om syn anty-peronistyske hâlding waard er yn1951 keazen ta foarsitter fan it Argentynsk Selskip fan Skriuwers (SADE), al waard dy organisaasje in jier letter troch de regearing-Perón ferbean. Nei't syn koarte ferhaalEmma Zunz yn1954 ferfilme waard, begûn er ekfilmsenario's te skriuwen. Yn1955, doe't Perón by in steatsgreep it fjild romje moatten hie, kearde foar Borges it tij, en waard er oansteld as direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek fan Argentynje. Yn1957 krige Borges in oanstelling as perfester literatuer oan 'eUniversiteit fan Buenos Aires. Tsjin 'e ein fan 'e jierren fyftich wied er lykwols folslein blyn rekke. Hy skreau:"Mei sa'n prachtige irony / Skonk [God] my mei ien oanrekking boeken en de / Nacht."

Syn mem, dy't him altiten tige nei west hie, waard doe syn persoanlike siktaresse; hy learde neabraille. Yn1967 troude Borges mei de doe koartby widdo wurden Elsa Astete Millán. Neffens wat freonen fan sines letter seine, wie dat fral op oanstean fan syn mem, dy't dat jiers njoggentich waard, en immen besocht te finen om Borges yn syn blinens te fersoargjen en om har rol as syn siktaresse oer te nimmen. It houlik wie lykwols gjin súkses, en duorre mar trije jier. Yn1970 folge der in skieding, wêrnei't Borges wer by syn mem ynloek. Dêr bleau er oant har dea, yn1976, doe't se 99 jier wie. Neitiid wenne er allinnich yn it lytse flatappartemintsje dat se dield hiene, en waard er fersoarge troch Fanny, dy't al jierren harren húshâldster west hie.

Erkenning

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn1961 waard Borges foar it earst dePrix International takend, dy't er diele moast meiSamuel Beckett. Oant dy tiid wie Borges noch frijwol ûnbekend yn 'e Ingelsktalige wrâld, en de priis makke grutte belangstelling foar syn wurk los. DeUniversiteit fan Teksas te Austin stelde him foar in jier oan asheechlearaar, wat late ta syn earste lêzingetoernee troch deFeriene Steaten. Yn1962 begûn er ek lêzingen te jaan yn Jeropa. Yn lettere desennia krige er in grut tal ynternasjonale prizen takend, lykas deSpecial Edgar Allan Poe Award fan 'eMystery Writers of America foar syn bydrage oan itdetektivesjenre (1976); deBalzanpriis foarfilology,taalkunde en literêre krityk (1980); dePrix Mondial Cino del Duca (1980); deCervantespriis (1980); en itFrânskeLégion d'Honneur (1983).

Borges syn grêf.

DeNobelpriis foar de Literatuer krige Borges lykwols nea, wat him oanhâldend dwers siet. Hy sei:"My de Nobelpriis net ta te kennen is in Skandinavyske tradysje wurden; dat dogge se al sûnt ik berne bin." Men wol wol hawwe dat Borges by itNobelkomitee efter it net fiske fanwegen syn konservative politike gedachteguod, of, om sekuerder te wêzen, om't er in ûnderskieding oannommen hie fan 'eSileenskediktatorAugusto Pinochet, in opmerklike die foar immen dy't Juan Perón te rjochts fûn.

Lêste jierren en dea

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Doe't Perón yn1973 út ballingskip weromkaam en op 'e nij keazen waard ta presidint fan Argentynje, naam Borges daliks ûntslach as direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek. Fan1975 oant syn dea wied er allegeduerigen op reis. Dêrby waard er beselskippe troch syn persoanlike assistinte María Kodama, in Argentynske fan mingdDútsk-Japansk komôf. Yn april1986, in pear moanne foar syn dea, troude er mei har fia in abbekaat ynParaguay, op in manear dy't in soad Argentinen doe foar de moade hiene fanwegen de problematyske Argentynske wetjouwing op it mêd fan skieding en wertrouwen. Borges stoar op14 juny1986 ynSjenêve oan 'e gefolgen fanleverkanker, en waard dêre ek begroeven, op itCimetière des Rois.

Op grûn fan har koarte houlik mei de skriuwer en fan syn beide testaminten krige Kodama it nei syn dea foar it sizzen oer syn wurken. Har assertive behear fan Borges syn neilittenskip brocht har mei ûnderskate oare belanghawwenden yn oanfarring, lykas de Frânske útjouwerijGallimard, oangeande de werpublikaasje fan Borges syn wurk yn it Frânsk. Se loek fierders alle publikaasjerjochten fan 'e besteande Ingelske oesettings yn, en liet yn it plak dêrfan nije fertalings meitsje, dy't sûnt de standertedysjes fan Borges syn wurken yn it Ingelsk wurden binne.

Wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Borges mei in stikmannich froulike fans (1976).

DeromanEl Caudillo, dy't soms oan Jorge Luis Borges taskreaun wurdt, wie eins it wurk fan syn heit, dy't ek fan Jorge Borges hiet. Los fan 'e ûndersteande list binne der ek Borges synObras Completas ("Folsleine Wurken"), dy't mei in útienrinnende mjitte fan folsleinens útjûn waarden yn1953,1974,1984 en1989.

Poëzij

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 1923 -Fervor de Buenos Aires
  • 1925 -Luna de Enfrente
  • 1929 -Cuaderno San Martín
  • 1943 -Poemas: 1922-1943 (werútjefte fan 'e trije foargeande dichtbondels mei in pear nije gedichten)
  • 1953 -Poemas: 1923-1953 (werútjefte mei in pear nije gedichten)
  • 1960 -Libro del Dielo y del Infierno (essay's en ien gedicht; skreaun meiAdolfo Bioy Casares)
  • 1960 -El Hacedor (poëzij en koarte proazastikjes)
  • 1961 -Antología Personal (essay's, poëzij, literêre kritiken)
  • 1965 -Para las Seis Cuerdas (lietteksten foartango's enmilonga's)
  • 1968 -Nueva Antología Personal (essay's, poëzij, literêre kritiken)
  • 1969 -Museo
  • 1969 -Elogio de la Sombra
  • 1969 -El otro, el Mismo
  • 1972 -El Oro de los Tigres
  • 1975 -La Rosa Profunda
  • 1976 -La Moneda de Hierro
  • 1977 -Historia de la Noche
  • 1981 -La Cifra
  • 1985 -Los Conjurados
  • 1997 -Textos Recobrados 1919-1929 (nea earder publisearre ier wurk, sawol proaza as poëzij)
  • 2002 -Textos Recobrados 1931-1955 (nea earder publisearre wurk, sawol proaza, poëzij as non-fiksje)

Fiksje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Ferhalebondels
  • 1935 -Historia Universal de la Infamia (koarte non-fiksje en literêre ferfalskings)
  • 1941 -El Jardín de Senderos Que Se Bifurcan
  • 1942 -Seis Problemas para Don Isidro Parodi (komyske detektiveferhalen, skreaun meiAdolfo Bioy Casares)
  • 1944 -Ficciones
  • 1946 -Un Modelo para la Muerte (komyske detektiveferhalen, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1946 -Dos Fantasías Memorables (2 fantasyferhalen, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1949 -El Aleph (essay's en koarte ferhalen)
  • 1951 -La Muerte y la Brújula (werútjefte fan earder publisearre ferhalen)
  • 1953 -Historia de la Eternidad (essay's, koarte ferhalen en literêre kritiken)
  • 1955 -La Hermana de Eloísa (samling fan 2 ferhalen fan Borges, 2 fanLuisa Mercedes Levinson en it titelferhaal, dat se tegearre skreaune)
  • 1957 -Manual de Zoología Fantástica, (koarte stikjes oer optochte bisten, skreaun meiMargarite Guerrero)
  • 1960 -El Hacedor (poëzij en koarte proazastikjes; earder útjûn as diel 9 fan Borges synObras Completas, "Komplete Wurken")
  • 1967 -Crónicas de Bustos Domecq (literêre ferfalskings en essay's, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1967 -El Libro de los Seres Imaginarios (útwreiding fanManual de Zoología Fantástica; koarte stikjes oer optochte bisten, skreaun mei Margarite Guerrero)
  • 1970 -El Informe de Brodie
  • 1972 -Nuevos Cuentos de Bustos Domecq (literêre ferfalskings en essay's, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1975 -El Libro de Arena
  • 1977 -Rosa y Azul: La Rosa de Paracelso; Tigres Azules
  • 1983 -Veinticinco de Agosto de 1983 y Otros Cuentos
  • 1984 -Altas (ferhalen en essay's, skreaun mei María Kodama)
  • 1997 -Textos Recobrados 1919-1929 (nea earder publisearre ier wurk, sawol proaza as poëzij)
  • 2002 -Textos Recobrados 1931-1955 (nea earder publisearre wurk, sawol proaza, poëzij as non-fiksje)
senario's
  • 1955 -Los Orilleros (skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1955 -El Paraíso de los Creyentes (skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1968 -Invasión

Non-fiksje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
essay's, lêzings en literêre kritiken
  • 1925 -Inquisiciones (essay's)
  • 1925 -El Tamaño de Mi Esperanza (essay's)
  • 1928 -El Idioma de los Argentinos (essay's)
  • 1930 -Evaristo Carriego (essay's oer de Argentynske dichterEvaristo Carriego)
  • 1932 -Discusión (essay's en literêre kritiken)
  • 1935 -Historia Universal de la Infamia (koarte non-fiksje en literêre ferfalskings)
  • 1936 -Historia de la Eternidad (essay's)
  • 1949 -El Aleph (essay's en koarte ferhalen)
  • 1950 -Aspectos de la Poesía Gauchesca (literêre kritiken)
  • 1951 -Antiguas Literaturas Germánicas (literêre kritiken, skreaun meiDelia Ingenieros)
  • 1952 -Otras Inquisiciones 1937-1952 (essay's en literêre kritiken)
  • 1953 -Historia de la Eternidad (essay's, koarte ferhalen en literêre kritiken)
  • 1953 -El "Martín Fierro" (essays oer it Argentynskeepysk gedichtMartin Fierro, fanMargarita Guerrero)
  • 1955 -Leopoldo Lugones (literêre kritiken, skreaun meiBetina Edelborg)
  • 1960 -Libro del Dielo y del Infierno (essay's en ien gedicht; skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1961 -Antología Personal (essay's, poëzij en literêre kritiken)
  • 1963 -El Lenguaje de Buenos Aires (lange essay's, skreaun meiJosé Edmundo Clemente)
  • 1965 -Introducción a la Literatura Inglesa (literêre kritiken, skreaun meiMaría Esther Vázquez)
  • 1966 -Literaturas Germánicas Medievales (literêre kritiken, skreaun mei María Esther Vázquez)
  • 1967 -Crónicas de Bustos Domecq (literêre ferfalskings en essay's, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1967 -Introducción a la Literatura Norteamericana (literêre kritiken, skreaun meiEsther Zemborain de Torres
  • 1968 -Nueva Antología Personal (essay's, poëzij, literêre kritiken)
  • 1971 -El Congreso (essay's)
  • 1972 -Nuevos Cuentos de Bustos Domecq (literêre ferfalskings en essay's, skreaun mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1976 -¿Que Es el Budismo? (lêzings)
  • 1979 -Borges, Oral (lêzings)
  • 1980 -Siete Noches (lêzings)
  • 1982 -Nueve Ensayos Dantescos (essay's oerDante Alighieri)
  • 1983 -Un Argumento
  • 1984 -Altas (ferhalen en essay's, skreaun mei María Kodama)
  • 1986 -Textos Cautivos (literêre kritiken, koarte biografyen fan skriuwers, oersettings)
  • 2000 -This Craft of Verse (Ingelske lêzings, optekene fan resint ûntdutsen tapes)
  • 2002 -Textos Recobrados 1931-1955 (nea earder publisearre wurk, sawol proaza, poëzij as non-fiksje)
oar
  • 1968 -Conversations with Jorge Luis Borges (fraachpetearen, oarspronklik yn it Ingelsk, skreaun meiRichard Burgin)
  • 1976 -Diálogos (petearen fan Borges mei de Argentynske skriuwerErnesto Sábato)
  • 1977 -Prólogos con un Prólogo de Prólogos (samling fan 'e withoefolle foarwurden fan boeken fan oare skriuwers dy't Borgos troch de jierren hinne skreaun hie)
  • 1977 -Borges El Memorioso (petearen meiAntonio Carrizo)

Oersettings (ûnfolsleine opsomming)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 1986 -Textos Cautivos (literêre kritiken, koarte biografyen fan skriuwers, oersettings)
  • 1943 -Los Mejores Cuentos Policiales (detektiveferhalen oerset út it Ingelsk en ien út it Frânsk, tegearre mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1962 -Los Mejores Cuentos Policiales; 2da Serie (detektiveferhalen oerset út it Ingelsk, tegearre mei Adolfo Bioy Casares)
  • 1976 -Libro de Sueños (oersettings fan passaazjes út 'e wrâldliteratuer)

Borges yn it Frysk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Teminsten trijegedichten fan Jorge Luis Borges binne nei itFrysk ta oerbrocht troch klassykoersetterKlaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fanHomêros synIlias enOdyssee en in hiele rigeAldgryksketoanielstikken fan skriuwers asSofokles,Aiskylos,Euripides enAristofanes. De fertalings fanEl Oro de los Tigres,La Rosa Profunda enSusana Bombal hat Bruinsma ûnder de titelsIt Goud fan de Tigers, resp.De Djippe Roas enSusana Bombal yn1980 en1981 publisearre yn ûnderskate nûmers fan it tydskriftHJIR.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Borges, Jorge Luis,It Goud fan de Tigers, yn:HJIR, 1980, septimbernû., s. 2-3.
  • Borges, Jorge Luis,De Djippe Roas, yn:HJIR, 1981, septimbernû., s. 43.
  • Borges, Jorge Luis,Susana Bombal, yn:HJIR, 1981, septimbernû., s. 45.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes,References enFurther reading, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Jorge_Luis_Borges&oldid=1137493"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp