De Jordaan tusken Israel en Jordaanje ynDe Jordaan yn Galilea
DeJordaan (Hebriuwsk: נהר הירדן,nhar hajarden) (Arabysk: نهر الأردن,nahr aloerdoen), is in rivier yn itMidden-Easten dy't troch deJordaandelling fia deMar fan Tiberias nei deDeade See streamt. De trije boarnrivieren fan de Jordaan binne deDan, Banias en Hasbani. Op it trijelannepunt fan Syrje, Jordaanje en Israel mûnet ek deJarmuk yn de Jordaan út.
Tsjintwurdich wurdt 70 oant 90% fan it wetter fan de rivier brûkt foar minsklike doelen dêr't de rivier in stik lytser fan wurden is. Mei as gefolch dat it opdrûgjen fan de Deade See flugger gien is; in proses dat al tûzenen jierren oan de gong is om't der mear wetter ferdampt as dat der ynkomt.