Dejonge seeklaai is de jongste laachseeklaai yn de ûndergrûn fanNederlân enNoardwest-Dútslân. Jonge seeklaai komt benammen foar ynSeelân, it noarden fanNoard-Hollân,Fryslân,Grinslân en deNoardseekuststripe yn Noardwest-Dútslân. Ek leit der jonge seeklaai ynBelgje en it oangrinzgjende gebiet fanFrankryk.
De jonge seeklaai waard fan likernôch 3000 jier lyn ôf oant yn demidsiuwen foarme. Yn dat tiidrek strûpte de kuststreek gauris ûnder wetter troch it ynbrekken fan de see, dêr't lagunen enslinken troch foarme waarden, om't itfeangrûn dy't benefter destrânwâlen lei troch it ynstreamen fan it wetter begûn yn te klinken[1]. Dêr waard sân en klaai yn ôfset. Sa ûntstie inkweldergea. Fan desânde iuw f.Kr. ôf ûntstie dêr permaninte bewenning om't de kwelders heech genôch opslike waarden sa't dy by floed net altyd mear ûnderstrûpten. Op de kwelders en benammen dekwelderrêgen, dy't by de slinken del troch it oanfierende slyk foarme waarden, waardenterpen boud. Fan detsiende iuw n.Kr. ôf waard mei it bedykjen úteinset. Dêrtroch sliken de slinken en lagunen hieltyd mear oan. Dat oanslike lân waard letter ek wer bedike, lykas bygelyks deMarneslinke, deMiddelsee enIt Bilt.
Earder waard der oannommen dat dy ôfsettings foarme waarden troch it algeduerigen omheech gean of sakjen fan deseespegel. Hjoed-de-dei wurdt oannommen dat it ynbrekken út de see wei it gefolch wie fan it grutskalich ôfgraven fan it fean. Dêrtroch sette in laach klaai op it fean ôf.
Njonken jonge seeklaai bestiet der ekâlde blauwe seeklaai, dy't foarme waard by in eardere tiid fan transgresje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|