Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Jolling

Ut Wikipedy
jolling

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaijollingen (Aythya)
soarte
Aythya marila
Linnaeus, 1761
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
    simmerfûgel
    wintergast

Dejolling (Aythya marila) is in fûgel út de famylje fan deeinfûgels. De jolling wurdt ek woltopper oftoppert neamd.

Foarkommen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De jolling is in 42 oant 51 sm grutte ein mei in wjukspanwiidten fan 71-80 sm. De jerke fan de Jolling hat in protte fan deToefein, hy hat lykwols gjin toef en syn kop hat in wat grieneftige glâns. Ek is de rêch fan de jolling griis ynstee fan swart. It wyfke fan de jolling is brún mei in ljochte râne om de snaffel. De jolling hat in ljochtblauwe snaffel en in giel each.

Fersprieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De jollings komme oer it hiele noardlik healrûn foar. Syn briedgebiet leit aardich noardlik, se briede op de toendra yn de buert fan marren en sompen. YnSkandinaavje en in noarden fanSibearje west fan de rivier deLena komt de ûndersoarteA. m. marila foar. Yn de rest fanAazje enNoard-Amearika is de wat lytsere ûndersoarteA. m. mariloides te finen. By winterdeis trekke de jollings nei it suden. Se oerwinterje yn groepen oan de kust. De jeropeeske fûgels oerwinterje meast yn it suden fan deEastsee of rûnom deNoardsee. YnNederlân binne se winterdeis ek oan de see te finen, faak yn groepkes meiKareinen en Toefeinen.

Iten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De jollings ite foaralmoksels enseeslakken. Mar se ite ek wol ynsekten en wetterplanten. De Jollings sykje it leafst nei iten troch der nei te dûken yn wetter fan minder as 4 meter djip.

Jollingaaien.

Fuortplanting

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De jollings briede flak oan de râne fan it wetter op de grûn, it leafst op in eilantsje. It nêst wurdt beklaaid mei dûns. It brieden begjint yn maaie en einiget yn july. De aaien wurde yn 24 oant 28 dagen útbret en komme allegear tagelyk út. De jongen kinne harren sels rêde nei sa'n 50 dagen.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Jolling&oldid=1171973"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp