| John Wright | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | John Wright | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 22 juny1947 | |
| stoarn | 7 febrewaris2008 | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| sjenre | Folk Rock | |
| sjongtaal | Ingelsk | |
John Wright, (22 juny1947 –7 febrewaris2008) wie in Ingelske folk-sjonger útGrut-Brittanje.
Lykas syn trije bruorren waard John koarsjonger by de pleatslike tsjerke fan East Didsbury, in foarstêd fanManchester. Yn de sechtiger jierren spile er yn Manchester yn meardere rockbands. Dêrnei ferfear er neiLonden om dêr yn it leger te gean. Hy fertsjinne jild by yn de kroegen as jankfoddesjonger yn de pianobars fan it Londenske West End. Fan in opfallende funksje by de paleiswachten op hynders yn Londen (Household Cavalry) oant it weromlutsen bestean as skeper ynNorthumberland en letter yn deSkotske hichten.
Mear as tweintich jier hâlde er ta yn de Borders, sa no en dan song er by pleatslike feestlikheden. Yn 1990 waard er oerhelle om in kassette op te nimmen mei acapella lietsjes – "Border Crossings"- betelle mei de opbringst fan de ferkeap fan syn hardersponny "Bandit". Hjirnei wurdt er útnûge foar ferskate festivals. Yn1993 ferskynt syn earste albumRide the Rolling Sky. Twa fan de begeliedende muzikanten op de CD wiene Kenny Speirs en Wattie Robson, dy’t mei John de "John Wright Band" foarmen.
At er syn twadde lustrum fiert, hat er krekt syn alfte CD útbrochtTime To Learn, op papier setten troch ferskate skriuwers.Time To Learn is de tredde CD dy’t troch him ûnder syn eigen label "Twirtle Music" útbrocht wurdt. Dêrnei krijt er hieltiten mear súkses en hy treedt ek yn Nederlân op yn it ramt fan syn Europeeske toerneeFriends. Letter is er ek in Amearika te hearren mei sjonger/songwriter Maurice Dickson.
Yn2001 feroaret de oarspronklike gearstalling fan de band en toert John mei wikseljende Ingelske muzikanten. Yn 2005 wurdt yn muzykteater Vredenburg ynUtert de dûbel DVDLife opnomd mei in dokumintêre oer syn libben. Yn 2007 spile er mei yn de musicalRolling Home & John Wright going Celtic. Begjin2008 trout er mei syn leafde Barbara, mar komt in moanne letter hommels te ferstjerren nei inoerhaal.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|