Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

John W. Campbell Award for Best New Writer

Ut Wikipedy
John W. Campbell Award for
Best New Writer
algemiene ynformaasje
nasjonaliteitAmerikaansk
útrikt foardebút ynscience fiction- en
   fantasyliteratuer
útrikt trochWorld Science Fiction Society
frekwinsje1x jiers
plak[ferskilt per jier]
ynsteld1973
1e útrikking1973
offisjele webside
www.wsfs.org

DeJohn W. Campbell Award for Best New Writer ("John W. Campbellpriis foar de Bêste Nije Skriuwer"), ek wol koartwei deCampbell Award neamd, is inAmerikaanske priis dy't ienris yn 't jier útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele nije skriuwer waans earste profesjonele wurk op it mêd fanscience fiction offantasy publisearre is yn ien fan 'e beide foargeande kalinderjierren. De priis is ferneamd neiJohn W. Campbell (1910-1971), dy't desennialang njonken syn skriuwerskip ekhaadredakteur wie fan it ynfloedriketydskriftAnalog Science Fiction and Fact, en wurdt sponsore trochDell Magazines, deútjouwer fanAnalog. DeCampbell Award moat net betize wurde mei deJohn W. Campbell Memorial Award for Best Science Fiction Novel (oftewol deCampbell Memorial Award), wat in hiele oare priis is dy't útrikt wurdt troch in oare organisaasje.

DeCampbell Award waard ynsteld yn1973, en wurdt útrikt troch deWorld Science Fiction Society, dy't ek soarch draacht foar it nominaasje- en útornearringsproses. Dat proses fynt plak as ûnderdiel fan 'e oanrin nei deWorldcon (ôfkoarting fanWorld Science Fiction Convention, of "Wrâldkonvinsje foar Science Fiction"). Leden fan 'e tsjintwurdige en foarrigeWorldcons meie skriuwers foar deCampbell Award nominearje. Op grûn dêrfan wurdt inshortlist fan 'e fiif meast nominearden opsteld, dêr't alle leden dan troch in stimming de winner út kieze. De eigentlike útrikking fynt plak op 'eWorldcon, as ûnderdiel fan deselde seremoanje wêrby't ek de prestizjeuzeHugo Awards útrikt wurde. Sûnt1973 binne der 170 skriuwers foar deCampbell Award nominearre, wêrfan't 42 de priis ek echt wûn hawwe (stân fan saken 1 jannewaris 2014). Ferneamde winners binne bygelyksJerry Pournelle (1973),C.J. Cherryh (1977),Orson Scott Card (1978),Laura Resnick (1993) enJo Walton (2002). Foar in folsleine list fan alle winners en nominearden, sjoch opdizze side fan 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes enReferences, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=John_W._Campbell_Award_for_Best_New_Writer&oldid=1068599"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp