Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

John Tenniel

Ut Wikipedy
Selsportret John Tenniel.
'The British Lion's Vengeance...' yn de neisleep fan Yndiaaske Opstân fan 1857; ynPunch

John Tenniel (Londen,28 febrewaris1820 – dêre,25 febrewaris1914) wie in soan fan dûns- enskermlearaar fan Frânsk (hugenoaten) komaf. Hy studearre ûnder oaren oan deRoyal Academy of Arts yn Londen, mar it fak fanyllustrator enpolityktekener hat er himsels fral oanleard.

Libben en wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Doe't Tenniels noch mar 16 jier wie waarden syn skilderijen al tentoansteld. Syn grutte talint waard rillegau sjoen en hy krige ferskate earfolle opdrachten.

Tenniel publisearre in tal politike tekeningen yn itsatiryske blêdPunch, dêr't er yn 1850 fêste tekener waard. Stadichoan naam er op him de wichtichste politikecartoons foarPunch te meitsjen.

Troch in ûngemak by itskermjen yn syn jonkheid, waard er fan1860 ôf foar in grut partblyn oan ien each.[1][2] Hy hie infotografysk ûnthâld, en kaam út en troch by syn 'slachtoffers' op10 Downing Street en oare plakken oer de flier.

Yn 1874 waard er opnaam as lid yn deRoyal Institute of Painters in Water Colours. Hy eksperimintearre mei ferskaat oan media, lykasmozayk fanLeonardo da Vinci yn itVictoria en Albert Museum, mar hy wie in master yn ithoutfykjen;Lalla Rookh is faaks syn meast slagge wurk watkonseptuearring, sizzingskrêft en technyske finesse oanbelanget.

Njonken syn wurk foarPunch en oare blêden wurke John Tenniel as boekyllustrator. Hy mocht ek graach mei oaren oparbeidzje oan ferskate projekten, mar syn grutste ferneamdens hjoed de dei hat er yn it foarste plak te tankjen oan de earste yllustraasjes fanAlice's Adventures in Wonderland.

Tenniel (sûnt1893 Sir John, op foardracht fan premierGladstone) joech syn wurk foarPunch oer yn1901. Hy ferstoar yn1914.

Galery

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Alice boartet mei it hûntsje
    Alice boartet mei it hûntsje
  • The Jabberwock, yllustraasje fan John Tenniel foar Lewis Carroll syn Through the Looking-Glass.
    The Jabberwock, yllustraasje fan John Tenniel foar Lewis Carroll synThrough the Looking-Glass.
  • Davy Jones' Locker, 1892 cartoon yn Punch
    Davy Jones' Locker, 1892 cartoon yn Punch
  • Dropping the Pilot, 1890 cartoon yn Punch, kommentaar op Otto von Bismarck syn ûntslach
    Dropping the Pilot, 1890 cartoon yn Punch, kommentaar opOtto von Bismarck syn ûntslach
  • The Nemesis of Neglect, 1888 Punchcartoon, kommentaar op de moarden fan Jack the Ripper
    The Nemesis of Neglect, 1888 Punchcartoon, kommentaar op de moarden fanJack the Ripper

Boeken mei syn yllustraasjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

In kar:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schoolnet.co.uk: John Tenniel
  2. Lewiscarrollsociety.org.uk:Illustrators

Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryJohn Tenniel fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=John_Tenniel&oldid=995379"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp