Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Joe Leydon

Ut Wikipedy
Joe Leydon
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJoseph Patrick Michael Leydon
nasjonaliteitAmerikaansk
berne22 augustus1952
berteplakNew Orleans (Louisiana)
etnisiteitIersk
wurkpaad
berop/amtsjoernalist
aktyf asfilmkritikus,filmhistoarikus,
publisist
jierren aktyf1982 – no
offisjele webside
Joe Leydon yn 'eIMDb

Joe Leydon (folút:Joseph Patrick Michael Leydon;New Orleans,22 augustus1952) is inAmerikaansksjoernalist enpublisist, dy't bekendheid krigen hat asfilmkritikus enfilmhistoarikus.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Leydon waard yn1952berne ynNew Orleans, yn 'eAmerikaanske steatLouisiana. Synoplieding genoat er oan 'eroomskeLoyola Universiteit New Orleans, dêr't er ôfstudearre mei inbachelorgraad ynsjoernalistyk mei asbyfakfilmstúdzjes. Op lettereleeftyd learde er yn2007 noch troch oan 'eUniversiteit fan Houston om inmastergraad yn 'eskiene keunsten te heljen.

Karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Leydon wie fan1982 ôffilmkritikus foar deHouston Post. Hy bleau by dykrante yn 'e tsjinst oant dy yn1995 opheft waard. Dêrnjonken wied er fan1990 ôf filmkritikus enferslachjouwer foar ittydskriftVariety, infunksje dy't er behold oant synpinsjonearring. Behalven yn 'e boppeneamde beidepublikaasjes ferskynden synresinsjes ek yn û.m.The Houston Press enThe San Francisco Examiner en op 'ewebsiden fantillefyzjenetwurkMSNBC en de pleatsliketillefyzjestjoerder KPRC-TV ynHouston. Anno2021 hieRotten Tomatoes, in webside dy'tfilmresinsjes sammelet, 1.225 resinsjes fan Leydon gearfandele.

Deartikels fan Leydon as sjoernalist eninterviewer waarden fierders ek publisearre yn 'eNew York Daily News, deLos Angeles Times,Newsday,The Tennessean,The Boston Globe, deToronto Star, deAustin American-Statesman,Film Comment,MovieMaker,Houstonia enCowboys & Indians Magazine. Hy publisearre itboekJoe Leydon's Guide to Essential Movies You Must See en droech by oanLeonard Maltin's Movie Guide. Leydon is ek in oprjochtsjend lid fan itGenoatskip fan Filmkritisy fan Houston (HFCS) en in stimberjochtige lid by deCritics' Choice Movie Awards.

Njonken syn sjoernalistike wurk wie Leydon fan2001 oant en mei2021dosint film enkommunikaasje oan itHouston Community College en de Jack J. Valenti School of Communications fan 'eUniversiteit fan Houston.

Priveelibben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yndesimber2011 makke Leydon fia synbloch bekend dat der yn2009prostaatkanker by him fêststeld wie, mar dat er de behanneling trochstien hie en dat er no kankerfrij ferklearre wie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryJoe Leydon fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Joe_Leydon&oldid=1131766"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp