Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Joazef fan Nazaret

Ut Wikipedy
De Dream fan Joazef
Anton Raphael Mengs (1773)

Joazef (Hebriuwsk: יוֹסֵף;Gryksk: Ἰωσήφ; betsjutting: God hat tafoege) fan Nazaret is yn itNije Testamint de breugeman fanMarije, de mem fanJezus. Neffens debibelske ferhalen wie Joazef in timmerman útNazaret. Dêrom wurdt Joazef yn de ikonografy fakentiden mei timmermansark út- en ôfbylde.

Joazef stamde út it skaai fankening David, fan wêr út neffens de profesij fan itAlde Testamint deMessias stamme soe.

Libben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens itevangeelje fan Jehannes waard Joazef troch it folk as de heit fan Jezus beskôge (Jehannes 1:45: Jezus út Nazaret, de soan fan Joazef).Mattéus (1:18) enLukas (1:35) beskôgje Joazef lykwols allinne as de wetlike heit fan Jezus, om't Marije neffens de Skrift net troch minsklike omgong, mar troch godlike yntervinsje swier rekke fan Jezus. Dat wurdt yn deroomske lear folge troch it dogma fan de ûnbeflekte ûntfinzenis. Benammen yn katolike geskriften wurdt Joazef ek de pleechheit (nutritius) fan Jezus neamd. Dêrnjonken wurde der ek bruorren en susters fan Jezus neamd, dêr'tJakobus ûnder wie, dy't lykwols net eksplisyt as bern fan Joazef neamd wurde (Mattéus 13:55;Markus 6:3).

It berop fan Joazef wurdt mei it Grykske τέκτων (tekton) oanjûn (Mattéus 13:55), dat safolle as "arsjitekt" of "boumaster" betsjutte, mar dêr't ek oar wurk by de bou fan in hûs ûnder foel. In tekton wie dus immen dy't betûft wie yn it bearbeidzjen fan hout en stien.

Neffens de beskriuwing fan de evangelist Mattéus wiene Joazef en Marije oan inoar fersein. Doe't Marije swier rekke sûnder omgong hân te hawwen mei Joazef, naam dy har tsjin de gewoante yn dochs ta syn frou. Dat barde op oanwizing fan in ingel, dy't him nachts yn in dream besocht.

It stjerbêd fan Joazef (El Tránsito de San José),Francisco Goya

No moast Joazef yn it ramt fan in folkstelling út Nazaret nei syn bertestêd tsjen om him dêr mei syn yntusken heechswangere frou ynskriuwe te litten. Dat wieBetlehem, it plak dêr't Jezus op de wrâld kaam. Trijewize manlju lutsen mei harren gefolch neiJeruzalim en fregen dêr wêr't hja de kening fan de Joaden fine koene. Doe'tkening Herodes dat hearde fielde er him yn syn posysje slim bedrige en hy frege oan de hegeprysters wêr't dy nije kening dan op de wrâld komme soe. Nei't dy him andere hiene dat de profeet foarsein hie dat de nije kening út Bethlehem komme soe, liet er alle jonkjes fan ûnder de twa jier yn Bethlehem ombringe, itjinge bekend waard under de nammede Bernemoard. Joazef wie doe al mei syn frou en de lytse poppe flechte, want op 'e nij wie him earder al in ingel yn in dream ferskynd, dy't him warskôge om te flechtsjen nei Egypte (Mattéus 2:13-23). Doe't it wer feilich wie kaam de famylje ek wer op godlike oanwizings werom en setten harren yn Nazaret nei wenjen, dêr't Jezus grutbrocht waard.

Om't Joazef yn de evangeeljes fan Lukas en Mattéus allinnich yn de jonkheid fan Jezus foarkomt, wurdt der fan út gien dat Joazef noch foar it publike optreden fan Jezus ferstoarn is.

De gryksk-otterdokske en de roomsk-katolike tradysje, dy't fierder giet dan de tsjûgenis fan de Hillige Skrift, wol ha dat Joazef ek nei de berte fan Jezus in saneamd "Joazefhoulik" hie, dat wol sizze in houlik mei frijwillige ûnthâlding fan seksuële omgong. De yn it Nije Testamint neamde bruorren en susters fan Jezus soene dan falle ûnder in kring fan neiste famyljeleden, troch wa't Jezus en Marije nei de dea fan Joazef opnommen waard.

Ferearing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Byld fan Joazef (mei seage) yn deLjouwerterBonifatiustsjerke

Yn de eastlike tsjerke waard Joazef al hiel betiid fereare, wylst de westerske tsjerke Joazef pas om 850 hinne ferearje soe.

PausPius IX ferklearre Joazef yn 1870 tapatroanhillige fan de Roomsk Katolike Tsjerke. PausLeo XIII spriek yn syn ensyklykQuamquam fan 15 augustus 1889 mei klam syn wurdearring út foar de ferearing fan de hillige Joazef. PausPius XII foege yn 1955 njonken de tradisjonele feestdei fan 19 maart in twadde feestdei op 1 maaie ta as tsjerklike tsjinhinger fan deDei fan de Arbeid. Ek oare pausen diene war om de ferearing fan Joazef yn de tsjerke te befoarderjen. Net sûnder risseltaat: yn de 20e iuw waard in grut tal nije tsjerken wijd oan Joazef. Ek nije skoallen en kleasters waarden ferneamd nei Sint-Joazef.

Tradisjoneel jildt Joazef as patroanhillige fan de wurknimmers, benammen timmerlju en houthakkers.

Ikonografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Joazef wurdt fakentiden sliepend ôfbylde. Dêrmei wurdt ferwiisd nei de dreamen dy't Joazef neffens Mattéus hân hat.

Fakentiden wurdt Joazef ôfbylde mei in winkelheak en in wite leelje, it symboal foar keinens. Yn in soad tsjerken en kleasters binne bylden te finen fan Joazef. Op krystfoarstellings yn de let-midsiuwske keunst wurdt Joazef fakentiden as soargjende heit foarsteld: Joazef hellet wetter, makket fjoer oan of sierd it iten. Yn de barokke ikonografy waard de dea fan Joazef in populêr tema en sa waard Joazef patroanhillige fan de minsken dy't op stjerren lizze. Joazef jildt boppedat as skutspatroan foar jongfammen en troude stellen. Sûnt 1679 wie Joazef de patroanhillige fan deSpaanske Nederlannen en noch altiten is Joazef de skutspatroan fanBelgië en de Kroaten.

Kalender feestdagen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Katolyk: 23 jannewaris, feestdei fan Marije's ferloving mei Joazef
  • Katolyk en protestansk: 19 maart
  • Katolyk: 1 maaie
  • Koptysk: 20 july
  • Armeensk: 29 oktober, Snein fan de hillige foarfaars fan Kristus (lêste snein fan deadvint), 25 desimber
  • Otterdoksk: Snein nei ús kryst en oft der gjin snein tusken 25 desimber en 1 jannewaris leit dan 26 desimber[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:de:Josef von Nazaret



Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategorySint-Joazef fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Joazef_fan_Nazaret&oldid=1113675"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp